Jhr. Daniël de Blocq van Haersma de With (Mitselwier, 28 juny 1850 − De Bilt, hûs Terre Neuve, 16 jannewaris 1928) wie in Nederlânsk bestjoerder.
Biografy De With wie in telch út it laach De With en in soan fan grytman en boargemaster jhr. mr. Jan Minnema van Haersma de With (1821-1889) en Jacoba Cecilia Coenradina van Boelens (1822-1864). Hy boaske yn 1891 mei Henriëtta Wilhelmina van Naamen (1864-1950), telch út it laach Van Naamen, mei wa't er in dochter krige.
De With promovearre yn 1875 oan de Universiteit Utert op stellingen yn de rjochten. Dêrnei waard er yn 1879 boargemaster fan gemeente De Bilt wat er oant 1907 bliuwe soe. Hy besette teffens ferskate oare funksjes, ûnder oare dy fan hoogheemraad fan Lekdijk Benedendams en de IJsseldam, fan 1896 oant 1920.
Jhr. mr. D. de Blocq van Haersma de With stoar yn 1928 yn de âldens fan 77 jier.
Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Mitselwier Kategory:Persoan berne yn 1850 Kategory:Persoan stoarn yn 1928