Ljochtblau is in kleur dy't beskôge wurdt as in ljochte tint fan blau. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is it in tertiêre kleur dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it lykwols in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch ferminging fan 'e primêre kleuren syaan en maginta (mei yn 'e praktyk ek wat swart).

Ljochtblau yn oare talen Yn it Russysk en guon oare talen bestiet gjin alomfetsjend wurd foar de kleur 'blau', mar binne der ynstee ferskillende wurden foar ljochtblau (Russysk: голубой, goluboj) en dûnkerblau (Russysk: синий, sinij). It Aldgrykske wurd foar 'ljochtblau', glaukos, koe ek ferwize nei ljochtgrien, griis of giel. Yn 'e moderne Grykske taal wurdt ljochtblau (γαλάζιο, galázio) ûnderskaat fan blau (μπλε, ble). Itselde is it gefal yn it Hebriuwsk, dat in wurd foar ljochtblau hat (תכלת, tšelet) en in oar wurd foar blau (כחול, kačol).

Assosjaasjes Ljochtblau wurdt oer it algemien beskôge as in rêstjaande kleur. Om't it de kleur fan wetter is, wurde badkeamers faak yn ljochtblau ferve of betegele.

Ljochtblau wurdt yn 'e Westerske wrâld benammen assosjearre mei manlikheid. It gebrûk fan 'e kleur as in symboal foar jonges komt in protte foar, benammen as it om poppen of pjutten giet. Yn kontrast dêrmei wurdt rôze brûkt foar famkes. Opmerklikernôch wie dat fanôf likernôch 1910 oant yn 'e 1940-er jierren krektoarsom. Blau waard doedestiden beskôge as de kleur foar famkes, mei't it yn 'e skilderkeunst tradisjoneel brûkt wie as symboal foar de Faam Marije. Rôze, oan 'e oare kant, waard brûkt foar jonges, om't it in ôfswakke foarm wie fan read, dat doedestiden as de manlike kleur by útstek beskôge waard.

Yn Ruslân wurdt ljochtblau (голубой, goluboj) beskôge as de kleur dy't homoseksualiteit tusken manlju symbolisearret. Rôze (розовый, rozovyj) dat yn it Westen ornaris mei homoseksualiteit tusken manlju assosjearre wurdt, is yn Ruslân de symboalkleur foar lesbiënnes.

Yn 'e histoaryske Dútske atlassen is Dútslân altyd ljochtblau ynkleure. Oare fêste kleuren yn sokke atlassen binne rôze foar it Feriene Keninkryk, pears foar Frankryk en ljochtgrien foar Ruslân.

In spesifike, wat nei turkwaze niigjende tint fan ljochtblau is de nasjonale kleur fan Kazachstan. Dy tint hjit offisjeel turquoise surf, mar wurdt yn 'e regel oantsjut as Kazachsk blau. De Kazachske flagge is foar it meastepart yn dy kleur. Oare lannen mei ljochtblau as dominante kleur fan 'e nasjonale flagge binne Argentynje, de Bahama's, Botswana, Fidzjy, Mikroneezje, Palau, Somaalje en Tûvalû. Yn 'e measten fan dy flaggen stiet de kleur ljochtblau symboal foar wetter of de see.

De kleur ljochtblau of syaan wurdt yn it hindoeïsme assosjearre mei de fyfde chakra, dy fan 'e kiel. De god Shiva, de ferneatiger, wurdt dêrom werjûn mei in ljochtblauwe of syaankleurige hûdskleur. Hy soe fergif ynnommen hawwe by syn besykjen om 'e striid tusken de goaden en de demoanen yn it foardiel fan 'e goaden te besljochtsjen. It trochslokken fan it gif wurdt yn ferbân brocht mei de kiel, en sadwaande mei de fyfde chakra en de kleur syaan.

Tinten ljochtblau

ljochtblau #ADD8E6                          aalskrúk #CCCCFF        aero #7CB9E8        air superiority blue #72A0C1        akwa #00FFFF        Aliceblau #F0F8FF        Argentynsk blau #6CB4EE        azuerwyt #F0FFFF        babyblau #89CFF0        blaugriis #6699CC        Cambridgeblau #A3C1AD        Columbiablau #B9D9EB        donkerhimelsblau #8CBED6        elektrysk blau #7DF9FF        fealsyaan #87D3F8        fluorisearjend blau #15F4EE        Frânsk himelsblau #77B5FE        griisblau #8C92AC        hyasintblau #A2A2D0        himelsblau #87CEEB        iisberch #71A6D2        iisblau #99FFFF        kadetgriis #91A3B0        Karolinablau #4B9CD3        Kazachsk blau (turquoise surf) #00AFCA        libben himelsblau #00CCFF        ljochthimelsblau #87CEFA        loftmachtblau #5D8AA8        Mayablau #73C2FB        moarnsblau #8da399        poeierblau #B0E0E6        printersyaan #00B7EB        readboarstaaikeblau #00CCCC        seleste #B2FFFF        syaan #00FFFF        stikelsturtblau (ruddy blue) #76ABDF        Tiffanyblau #81D8D0        Uranusblau #AFDBF5        wyld blau jinsen (wild blue yonder) #A2ADD0       

Sjoch ek blau donkerblau

Kategory:Kleur