Gripedei is in keatspartij dy't elts jier troch Keatsferiening OKK yn it Fryske doarp Bitgum organisearre wurdt. It is de ôfsluting fan it keatsseizoen foar de leden fan OKK. Gripedei waard foar it earst holden yn 1913. It is in famyljekeatsdei dy't organisearre wurdt op 'e earste sneon fan septimber.
Tradisjoneel begjint Gripedei moarns mei in mienskiplik kofjedrinken, wêrnei't it keatsen op fiif fjilden úteinset. Tsjin 'e jûn is it winnende partoer bekend. De kening wint de Gripe, in wikselpriis dêr't de keatspartij nei ferneamd is. Njonken de wedstriden sels binne der aktiviteiten om it keatsen hinne, benammen foar de lytsere bern.
Yn 2019 waard Gripedei foar de 106e kear holden en krige it evenemint foar it earst yn syn skiednis subsydzje fan 'e Provinsje Fryslân. Dat wie foar de organisaasje reden om 'e dei oars yn te dielen: om persiis healwei ienen middeis waarden de wedstriden stillein foar in waarm miel fan hamburgers, kroketten en knackwoarstjes, dat op it keatsfjild servearre waard.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Keatsferiening OKK
Kategory:Bitgum Kategory:Keatspartij Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1913