thumb|left|Holy Island (1866) thumb|Kastiel Lindisfarn thumb|De daam nei it eilân by foltij Lindisfarne, ek 'Holy Island (of Lindisfarne)' ('Hillich eilân'), is in tij-eilân foar de noardeast kust fan Ingelân, likernôch op de hichte fan Berwick-upon-Tweed, en ek de namme fan in kleaster en kastiel op dat eilân. It eilân is mei in daam ferbûn mei it fêste lân, Northumberland, dy't by heech tij ûnderstrûpt.

Lindisfarne mjit fan east nei west 4,8 km en fan noard nei súd 2,4 km. Yn maart 2011 hie it eilân 180 ynwenners.

Yn de rin fan de 20e iuw naam it toerisme stadichoan ta en waard it in populêre bestimming fan foaral deitoeristen en fûgeltsjeminsken. In grut part fan it eilân en de by leech wetter droechfallende binne in natuerreservaat (Lindisfarne National Nature Reserve).

Kleaster It Holy Island of Lindisfarne wie in wichtich sintrum fan it Keltysk kristendom ûnder de hilligen Aidan fan Lindisfarne, Cuthbert, Eadfrith fan Lindisfarne en Eadberht fan Lindisfarne.

It kleaster, Lindisfarne Priory, waard om 635 stichte troch de Ierske muonts Aidan fan Lindisfarne, dy't fan it eilân Iona kaam. It kaam yn de 7e iuw ta bloei, mar op 8 juny 793 ferskynde in lytse float Wytsingen (nei alle gedachten út Denemarken wei) foar it kleastereilân en yn in koart skoft tiid waard de abdij leechrôve. Dy net earder sa meimakke en grouwelige oanfal op in kleastermienskip sûnder ferwar feroarsake in skok yn kristlik Europa. It kleaster waard noch ferskate kearen oanfallen yn de 9e iuw. Underwilens wie sawat hiel Europa deabenaud de foar de Noarmannen. Yn 875 flechten de muontsen mei it lichem fan de hillige Sint Cuthbert nei it fêstelân, dêr't se it hjoeddeiske Durham stichten. Yn 1093 waard mei it oerbliuwende materiaal fan it kleaster in benediktine-abdij boud, dêr't no noch in ruïne fan oerbleaun is.

Gebouwen Yn de súdeasthoeke fan it eilân leit Lindisfarne Castle op in steile klif, in lyts kastiel út 1550 dat yn 1903 troch arsjitekt Edwin Lutyens restaurearre waard en as wenning ynrjochte waard yn de Arts and Crafts-styl. Fan it 11e-iuwske Benediktinekleaster binne allinne noch ruïnes oer. It eilân hat teffens twa fjoertuorren, Guile Point East en Heugh Hill, en in beaken fan wite bakstien foar it stypjen fan it navigearjen fan skippen.

Lindisfarne-evangeelje Lindisfarne is ek foaral bekend fan het Lindisfarne-evangeliarium (it Lindisfarne-evangeelje), in tige ryk yllustrearre hânskrift út de achtste iuw. It Lindisfarne-evangeliarium wurdt bewarre yn de British Library yn Londen.

Ferskaat J.M.W. Turner, Thomas Girtin en Charles Rennie Mackintosh hawwe skildere op Holy Island. Yn 1966 waard de film Cul-de-sac fan Roman Polański dêr opnaam.

Kategory:Plak yn Northumberland Kategory:Eilân yn de Noardsee Kategory:Eilân yn it Feriene Keninkryk Kategory:Kleaster yn Ingelân Kategory:Wytsingen Kategory:Organisaasje oprjochte yn 635 Kategory:Organisaasje opheft yn 875 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1093 Kategory:Organisaasje opheft yn 1536