Brutsen wyt is in oerkoepeljende beneaming foar alle kleurtinten dy't net folslein wyt binne, mar dêr hiel ticht tsjinoan sitte. It is in term dy't faak brûkt wurdt op it mêd fan ferve, benammen foar binnendoarynrjochting, lykas it fervjen fan muorren of houtwurk (plinten, doarposten, kezinen). Brutsen wyt wurdt beskôge as in neutraal kleurskema, dat wat nofliker oan 'e eagen is as folslein wyt. Guon fan 'e bekendste brutsen-wyttinten binne bêzje, krêm en ivoar. Histoarysk waard brutsen wyt yn 'e 1930-er jierren rûnom kombinearre mei dûnkere tinten bêzje of ljochtbrún. Letter wie brutsen wyt fral fan rûchwei 1955 oant 1975 op 'e nij tige populêr.

De wichtichste kleuren brutsen wyt binne: aaiskaal #F0EAD6                          albast #EDEAE0        âldkant #FDF5E6        Aliceblau #F0F8FF        antyk wyt #FAEBD7        azuerwyt #F0FFFF        babypoeier #FEFEFA        bêzje #F5F5DC        bienwyt #E3DAC9        blommewyt #FFFAF0        fanylje #F3E5AB        flaaksgiel #EEDC82        ivoar #FFFFF0        krêm #FFFDD0        maïsside #FFF8DC        Navaho-wyt #FFDEAD        Nederlânsk wyt #EFDFBB        perkamint #F1E9D2        reekwyt #F5F5F5        seeskulp #FFF5EE        sjampanje #F7E7CE        sniewyt #FFFAFA        spûkwyt #F8F8FF       

Kategory:Kleur