In tinktuer is yn 'e heraldyk ien fan in beheind tal kleuren en patroanen. Der wurde yn it heraldysk jargon trije soarten tinktueren ûnderskaat: de kleur, it metaal en it pelswurk. Yn 'e heraldyk wurde fierders foar kleuroantsjuttings oare nammen brûkt as yn it deistich libben (bgl. 'kiel' foar read en 'sinopel' foar grien). De needsaak om 'e ferskate tinktueren korrekt te definiëarjen en wer te jaan, is ien fan 'e wichtichste aspekten fan heraldyske keunst en ûntwerp. Der besteane sadwaande ôfspraken oer hokker tint oft de kleuren krekt hawwe, hoe't de patroanen derút sjogge en hoe't men kleuren mei arsearring werjaan moat yn in tekening fan in wapen dat net ynkleure is.
Untwikkeling en skiednis It gebrûk fan tinktueren giet tebek op 'e formative perioade fan 'e Jeropeeske heraldyk, yn tolfde en trettjinde iuw. Doe ûntstiene ek de wichtichste regels oer hoe't sokke tinktueren brûkt wurde moasten. Tsjin 'e tiid dat (op perkamint) de earste kleure ôfbyldings fan wapens makke waarden, wie it systeem fan twa metalen (goud en sulver), fiif kleuren (azuer, kiel, poarper, sabel en sinopel) en twa pelswurken (harmeling en fêr) standerdisearre rekke. Sûnt makket it oergrutte part fan 'e heraldyske ûntwerpen gebrûk fan dyselde njoggen tinktueren. Meitiid waarden lykwols farianten op it njoggenfâldich systeem ûntwikkele, yn 't bysûnder wat de pelswurken oangiet. Autoriteiten op it mêd fan 'e heraldyk binne it der net oer iens oft sokke farianten as selsstannige patroanen beskôge wurde moatte, of inkeld as foarmen fan 'e besteande patroanen.
Fierders waarden al frij ier noch trije bykommende kleuren ûntwikkele en oer it algemien troch gesachhawwende heraldyske boarnen ek akseptearre (bloedread, moerbei en taan). Dy krigen nei ferrin fan tiid in eigen oantsjutting: smetten of skeinplakken, út 'e (misse) opfetting dat se de iene of oare ûntearing fan 'e drager oantsjutten. De praktyk om beskate stikken wer te jaan sa't se yn 'e natoer ek kleure wiene, yn 'e saneamde natuerlike kleur, wie tsjin 'e santjinde iuw yn 'e heraldyk ynboargere rekke. Sûnt de achttjinde iuw hawwe noch inkele nije kleuren har yntree dien, benammen yn 'e heraldyk fan Frankryk, Dútslân, Itaalje en East-Jeropa, mar ek fan 'nije' lannen as Kanada, de Feriene Steaten, Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân. It gebrûk dêrfan is lykwols seldsum en se binne nea as wiere heraldyske kleuren akseptearre.
List fan tinktueren Metalen heraldyske nammegewoane nammeôfkoartingsarsearringfoarbyldsymbolyk Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânskgoud of orgoud, orororgiel of goudo.puntsjeswiisheid, rykdomsulver of argintzilver, argentargentargentwytar., z.gjinttrou De metalen hjitte sa om't goud en sulver yn it echt ek metalen binne. Metalen wurde yn 'e heraldyk fan kleuren ûnderskaat trochdat se ljochter fan tint binne. De wichtichste regel fan 'e heraldyk is de saneamde tinktuerregel: it ferbod om kleur op kleur en metaal op metaal wer te jaan. Reden dêrfoar is dat in ljochtere tint better ta syn rjocht komt op in dûnkerder ûndergrûn en oarsom. Tradisjoneel binne der twa metalen: Goud hat as heraldyske namme or, dat komt fan it Latynske wurd aureum ("goud"). Dizze kleur kin sawol stean foar in 'waarm' goud as foar in 'kâld' giel. Sulver hat as heraldyske namme argint, dat ôfkomstich is fan it Latynske wurd argentum ("sulver"). Hoewol't it soms werjûn wurdt as in metaaleftich sulverne tint (yn 'e praktyk ljochtgriis) wurdt it yn 'e regel ôfbylde as wyt. Oarspronklik komt dat om't sulverkleurige ferve meitiid oksidearret, mei as gefolch dat it stadichoan in dûnkerder kleur kriget. In oare reden is de estetyske oannimlikens fan wyt yn kontrast mei in heraldyske kleur. Nettsjinsteande de folslein ynboargere praktyk om it metaal sulver wer te jaan as wyt, hawwe guon autoriteiten op it mêd fan 'e heraldyk suggerearre dat wyt ek bestean kin as in selsstannige heraldyske kleur. Goud/giel en wyt/sulver komme in hiel soad foar yn 'e heraldyk om 'e simpele reden dat der fan âlds mar twa metalen wiene. Yn 'e moderne heraldyk hat noch in trêde metaal syn yntree makke, dat lykwols troch it meastepart fan 'e heraldyske autoriteiten net erkend wurdt. Dêrby giet it om koper, dat inkeld foarkomt yn 'e Kanadeeske heraldyk (sûnt 2002) en sels dêr seldsum is.
Kleuren Tradisjonele kleuren heraldyske nammegewoane nammeôfkoartingsarsearringfoarbyldsymbolyk Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânskazuer of lazuerazuur, lazuurazureazur, bleublauaz., bl., b.horizontaalwittenskip, wierheidkielkeelgulesgueulesreadgu., k.fertikaalmoed, opofferingpoarperpurperpurpurepurpure, pourprepearspurp., pu., p.diagonaal f. loftsûnder nei rjochtsboppeweardichheidsabelsabelsablesableswartsa., s.horizontaal + fertikaal gefaar, krêftsinopelsinopelvertsinople, vert griensi., sin., vt., v.diagonaal f. loftsboppe nei rjochtsûndermyldheid, hope De kleuren wurde yn 'e heraldyk ûnderskaat fan 'e metalen trochdat se dûnkerder fan tint binne. De wichtichste regel fan 'e heraldyk is de tinktuerregel, it ferbod om kleur op kleur en metaal op metaal wer te jaan. Reden dêrfoar is dat in ljochtere tint better ta syn rjocht komt op in dûnkerder ûndergrûn en oarsom. Tradisjoneel binne der fiif kleuren: Blau wurdt yn 'e heraldyk oantsjut as azuer of lazuer. Dy termen komme allebeide wierskynlik fan it Arabyske lāzaward, dat wer ôflaat is fan it Perzyske lāžavard. Beide wurden binne oantsjuttings foar it blauwige mineraal lapis lazûly, ek bekend as azuerstien of lazuerstien, dat yn it ferline brûkt waard om blauwe pigminten fan te meitsjen. Blau wie yn 'e heraldyk fan 'e Midsiuwen minder populêr as read en swart, mar yn 'e Renêssânse en de Ferljochting stribbe it swart foarby, hoewol't it noch hieltyd read foargean litten moast. Read hat as heraldyske oantsjutting de term kiel, in lienfertaling fan it Frânske gueules, dat ferwiist nei de bek fan in bist. Men giet derfan út dat de namme dêrfan ôfkomstich is om't in mûle fan binnen readich fan kleur is. Yn 'e Midsiuwske heraldyk wie read fierwei de meast foarkommende kleur, en ek letter noch waard it in hiel soad brûkt, benammen troch de adel. Swart wurdt yn 'e heraldyk sabel neamd, nei de sabelmarter, in pelsdier dat bekendstiet om syn sêfte dûnkere bûnt. Yn 'e Midsiuwen wie swart nei read de meast foarkommende kleur. Letter waard blau populêrder. Grien hjit yn 'e heraldyk sinopel, nei de stêd Sinope, yn Lyts-Aazje, dy't yn 'e Aldheid bekendstie om syn pigminten. In alternative namme is vert, it Frânske wurd foar "grien". Hoewol't grien wol deeglik in erkende heraldyske kleur wie, waard it yn 'e Midsiuwen mar in bytsje as sadanich brûkt. Ek yn lettere iuwen kaam it net folle foar. Pas yn 'e moderne heraldyk is grien in faker foarkommende kleur wurden. Pears wurdt yn 'e heraldyk poarper neamd, fan it Latynske purpura, dat wer komt fan it Gryksk porfyra, in ferve dy't foarhinne bekendstie as Tyrysk pears. Dat wie yn 'e Aldheid in tige djoere kleurstof, dy't lykwols folle reader wie as de moderne heraldyske kleur pears. Iere beskriuwings fan heraldysk pears binne feitliks ek folle reader as hjoeddeistige, en it tinken is dat pears as in heraldyske kleur fan oarsprong miskien wol in fariaasje fan read wie. Pears hat altyd in tige seldsume heraldyske kleur west. Hoewol't it op 'e Britske Eilannen fan âlds al foarkomt, wie it bygelyks yn Frankryk sa seldsum dat guon autoriteiten it dêr net iens as in echte heraldyske tinktuer beskôgje. Oer it gehiel nommen kin men stelle dat de Frânske heraldyk bekendstiet om it gebrûk fan blau en goud, wylst de Ingelske heraldyk karakterisearre wurdt trochdat dêryn sa'n soad read en wyt foarkomt. Oars as yn Frankryk is yn Ingelân ek fan âlds it gebrûk fan grien en, yn mindere mjitte, pears hiel gewoan. De Dútske heraldyk stiet dan wer bekend om it rûnom foarkommen fan swart en goud.
Smetten of skeinplakken heraldyske nammegewoane nammeôfkoartingsarsearringfoarbyld Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânsk bloedread bloedrood sanguine sanguine bloedreadhorizontaal + diagonaal f. loftboppe nei rjochtsûnder moerbei moerbei murrey mûrier moerbeim.diagonaal f. loftboppe nei rjochtsûnder + diagonaal f. loftsûnder nei rjochtsboppe taan taan tennétenné taanfertikaal + diagonaal f. loftsboppe nei rjochtsûnder Nochris trije oare kleuren waarden úteinlik erkend troch de measte autoriteiten op it mêd fan 'e heraldyk, te witten: bloedread en moerbei, in pear nau besibbe dûnkerreade en pearsreade kleuren, en taan, in oranjige of dûnkergiele oant brunige kleur. Dizze kleuren krigen meitiid, fan guon ynfloedrike heraldyske skriuwers, de namme smetten of skeinplakken, om't se de iene of oare ûntearing fan 'e drager (of ien fan syn foarâlden) fertsjintwurdigje soene. Der bestiet lykwols alhiel gjin bewiis foar dat dizze kleuren ea sa brûkt waarden, en se binne nei alle gedachten ûntstien as fariaasjes op besteande kleuren. Nettsjinsteande dat hat de algemiene oanname dat se in smet op it blazoen fan 'e drager wêze soene, derfoar soarge dat se mar in bytsje brûkt waarden. Pas yn 'e tweintichste en ienentweintichste iuw komme se almar mear foar, sij it benammen yn 'e heraldyk fan it Feriene Keninkryk en syn eardere koloanjes, lykas Kanada, Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân. Bloedread en moerbei komme wierskynlik fan deselde oarsprong. Bloedread hat de heraldyske namme sanguine, fan it Latynske sanguineus, dat "bloedread" betsjut. Bloedread is dûnkerread en moerbei is pearsread. It tinken is dat dizze kleuren oarspronklik as ien kleurfariant begûn binne. It is goed mooglik dat dy iene kleur eins de oarspronklike tint fan heraldysk pears fertsjintwurdige, dat tsjintwurdich in folle blauwere kleur is as foarhinne. taan is in oranjige of dûnkergiele oant brunige kleur, dy't lykwols net betize wurde moat mei de moderne (net algemien akseptearre) heraldyske kleuren oranje en brún. De heraldyske namme tenné komt fan it Latynske tannare ("meitsjen fan lear"). Taan is in frij seldsume heraldyske kleur, dy't fral yn earder iuwen wol yn 'e heraldyk fan it fêstelân fan Jeropa brûkt waard, mar dy't op 'e Britske Eilannen fierhinne beheind bleaun is ta gebrûk as livreikleur.
Natuerlike kleur heraldyske nammegewoane nammeôfkoartingsfoarbyld Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânsk natuerlik natuurlijk proper propre natuerlike kleur pr., nat. In stik dat op in wapenskyld de kleur hat dy't it yn it echt ek hat, hat yn it heraldysk jargon in natuerlike kleur. Eins is dit gjin echte tinktuer, en as, sa't soms foarkomt, in stik in kleur of kleuren hat dy't net (folslein) dúdlik wurde út 'e omskriuwing "natuerlike kleur", kinne sokke kleuren spesifisearre wurde mei safolle detail as ferlet fan is. Guon stikken wurde inkeld mei beskate kleuren as "fan natuerlike kleur" beskôge, ek al komme se yn 'e natoer yn in ferskaat oan kleuren foar. Sa is yn 'e heraldyk de natuerlike kleur fan in pappegaai altyd grien, ek al komme sokke fûgels foar yn hast alle kleuren fan 'e reinbôge. Yn guon gefallen kin fierders in heraldysk stik oantsjut wurde as "fan natuerlike kleur", ek al binne alle brûkte kleuren algemien erkende heraldyske tinktueren. In roas fan natuerlike kleur kin bygelyks read of wyt wêze (dat moat spesifisearre wurde), mar de toarnen binne altyd grien en it sied is altyd goud.