It Limburchsk Lân- en Túnboubûn (Nederlânsk en offisjeel: Limburgse Land- en Tuinbouwbond), gauris ôfkoarte ta LLTB, is in Nederlânske regionale ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasje foar de agraryske sektor en de túnbou. Dizze belangeferiening is aktyf yn 'e provinsje Limburch. Mei LTO Noard en de ZLTO is it ien fan 'e trije regionale dielorganisaasjes fan LTO Nederlân.Ynformaasje fan 'e webside fan LTO Nederlân It haadkantoar fan it LLTB is fêstige yn it eardere Ursulinekleaster en it Lânbouhûs yn Roermond. Yn 2014 makke it LLTB melding fan in "frijwol stabyl" oantal fan 3.600 leden., Ledenaantal ZLTO sterker afgenomen, yn Boerderij, 10 april 2014. __NOTOC__ Skiednis It LLTB waard oprjochte yn 1896 en is feitliks it iennichste oerbleaune provinsjale boerebûn yn Nederlân., Het Groene Front Voorbij: De Agrarische Belangenbehartiging door LTO Nederland (1995-2005), Grins/Wageningen, 2010 (Agronomisch Historisch Instituut/University of Groningen Press), ISBN 978-9 03 67 46 441, haadstik 2 Fusie of Federatie: Het Ontstaan van LTO Nederland.

Aktiviteiten It LLTB fertsjintwurdiget de hiele agraryske sektor yn Limburch, ynklusyf bou, túnbou, boskbou, melkfeehâlderij, skieppehâlderij, geitehâlderij, bargehâlderij, plomfeehâlderij en hynstehâlderij. It LLTB stiet syn leden mei ried en died by op it mêd fan û.m. bistewolwêzen, hygiêne, dongferwurking, bistefieding, arbeidsomstannichheden, lânskipsbehear en it miljeu.

Dêrnjonken is it LLTB ek aktyf op it mêd fan soarchbuorkerijen (fia de Koöperaasje Limburchske Soarchboeren) en it natoerbehear troch boeren (fia Natoerryk Limburch). It agrarysk advysburo Arvalis is in dochterûndernimming fan it LLTB mei fêstigings yn Roermond, Fenlo, Nuth en Deurne.

Keppelings om utens Offisjele webside fan it Limburchsk Lân- en Túnboubûn

Kategory:Nederlânske lânbou-organisaasje Kategory:Nederlânske wurkjouwersorganisaasje Kategory:Nederlânske feriening Kategory:Skiednis fan Limburch (Nederlân) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1896