It Lânbouskip (Nederlânsk en offisjeel: Landbouwschap) wie in publyksrjochtlike bedriuwsorganisaasje foar de lân- en túnbou, dy't bestie fan 1954 oant 2001. De organisaasje wie in oerlisorgaan foar belangeferienings fan boeren en túnkers, de oerheid en de fakbûnen fan wurknimmers yn 'e agraryske sektor, mar funksjonearre benammen as koepelorganisaasje foar de ferpyldere lânboubûnen. Doe't dy yn 'e 1990-er jierren fúzjearren ta LTO Nederlân, ferdwûn dêrmei fierhinne de besteansreden foar it Lânbouskip. __TOC__ Skiednis It Lânbouskip waard yn 1954 oprjochte as opfolger fan 'e Stifting foar de Lânbou, dy't fan 1945 ôf bestien hie. It wie de earste publyksrjochtlike organisaasje (PBO), dy't bedoeld wie as trijefâldich oerlisorgaan foar de oerheid, de belangeferienings fan boeren en túnkers, en de fakbûnen fan wurknimmers yn 'e agraryske sektor. De organisaasje hie in opbou dy't karakteristyk wie foar it tiidrek fan 'e Ferpyldering yn Nederlân: oan 'e basis, mank de leden, bestie der in strikt hanthavene skieding tusken de pylders, wylst oan 'e top de bestjoerders fan 'e ferpyldere belangeferienings mei-inoar om 'e tafel giene om foar de nedige koördinaasje te soargjen.

Nettsjinsteande it feit dat ek de fakbûnen yn it Lânbouskip sit hiene, ûntjoech de organisaasje him meitiid ta in soarte fan koepelorganisaasje foar de ferpyldere lânboubûnen. Dat wiene it roomske Katolyk Nederlânsk Boere en Túnkers Bûn (KNBTB), it liberale Keninklik Nederlânsk Lânbou-Komitee (KNLC) en it protestantske Kristlik Boere en Túnkers Bûn (CBTB). Tagelyk joech it Lânbouskip dy organisaasjes ek tagong ta de polityk. Om't der yn it Lânbouskip mei gelykheid fan stimmen wurke waard, profitearre benammen it CBTB dêrfan, dat fierwei de lytste fan 'e trije bûnen wie. "In sechsde fan 'e leden, in trêde fan 'e ynfloed," sa omskreau it CBTB-bestjoer yn 1983 syn eigen sitewaasje yn it Lânbouskip.

In reden foar de gearwurking tusken de ferpyldere boerebûnen wie it mienskiplike wantrouwen foar de bemuoisucht fan 'e oerheid oer. Njonken kollektive belangebehertiging foar boeren en túnkers, rjochte it Lânbouskip him yn 'e praktyk benammen op lânboukundich ûndersyk en bestriding fan sykten by fee en yn lânbougewaaksen. Fan 1956 ôf lei it Lânbouskip de Nederlânske boeren ferplichte heffings op om syn aktiviteiten te bekostjen. In grutte groep saneamde 'frije boeren', dy't net by ien fan 'e trije ferpyldere boerebûnen oansletten wie, kante him dêrtsjin oan. De protesten waarden fûleindiger doe't yn 1963 yn it Drintske Hollandscheveld de bedriuwen ûntromme waarden fan inkele boeren dy't wegeren de heffing fan it Lânbouskip te beteljen. De wichtichste wurdfierder fan 'e protestearjende frije boeren wie Boer Koekoek.

Fan 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren ôf belune de rol fan it Lânbouskip fanwegen de miljeuproblematyk yn 'e lânbou en de krimp fan 'e agraryske sektor. Doe't yn 1995 it KNBTB, it KNLC en it CBTB fúzjearren ta LTO Nederlân, rekke it Lânbouskip eins in grut part fan syn besteansreden kwyt. By de (muoisume) ûnderhannelings om ta de fúzje te kommen, wie lykwols by wize fan kompromis, om alle partijen oan board te hâlden, ôfpraat dat dy organisaasje bestean bliuwe soe. Nettsjinsteande dat moast it Lânbouskip nei 1995 almar mear fan syn foech en ferantwurdlikheden oan LTO Nederlân oerdrage, wêrmei't de organisaasje stadichoan fan binnenút útholle waard. De fakbeweging wie min te sprekken oer dizze hiele ûntwikkeling, en hie de ferantwurdlike minister fan Lânbou Jozias van Aartsen al yn 1995 frege om it Lânbouskip op te heffen. Tsjin 1998 draaide LTO Nederlân sa goed dat ek fanút de lânboubûnen net mear bot oan it fuortbestean fan 'e organisaasje hechte waard. Yn desimber fan dat jier naam LTO Nederlân it haadkantoar fan it Lânbouskip oan it Prinsevinkenpark yn De Haach oer. Uteinlik hold it Lânbouskip yn 2001 offisjeel op te bestean.

Kategory:Nederlânske lânbou-organisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1954 Kategory:Organisaasje opheft yn 2001