Mog (útspr.: [mɔɡ], likernôch "mok") is in fiktive kat út in rige berneboeken skreaun en yllustrearre troch de Ingelske auteur Judith Kerr. De namme 'Mog' komt fan it Ingelske wurd moggy, dat in oantsjutting is foar in húskat dy't net fan in spesifyk ras is.

Beskriuwing Mog is in siperske wyfkekat dy't yn elts boek út 'e rige in nij spannend aventoer belibbet. Hy ferskynde foar it earst yn it boek Mog the Forgetful Cat, dat yn 1970 publisearre waard troch útjouwerij HarperCollins. Mei't it tige populêr wie, waard dat boek neitiid it earste diel fan in sechstjindielige rige. Behalven Mog komme ek ferskate oare personaazjes yn 'e measte boeken werom, lykas menear en mefrou Thomas, de eigners fan Mog, en harren bern Nicky en Debbie. Hoewol't it ûngebrûklik is foar in berneboekesearje, liet Kerr Mog yn it lêste diel fan 'e rige, Goodbye, Mog, út 2002, deagean, wêrnei't er noch as geast oan in jongkatsje ferskynt en úteinlik nei de sinne giet om as nije libbensenerzjy nei de Ierde útstrield te wurden.

Ynspiraasje Kerr basearre har yllustraasjes fan Mog op in echte siperske kat dy't ûnder it skriuwen by har op 'e skurte lei. De plaatsjes fan it hûs dêr't Mog mei syn eigners wennet, basearre se op har eigen hûs yn 'e Londenske wyk Barnes. De beide bern fan it fiktive gesin wiene neamd nei de middelnammen fan har eigen soan en dochter, Matthew en Tacy. De efternamme 'Thomas' komt fan ien fan 'e foarnammen fan har man, senarioskriuwer Nigel Kneale, dy't ek model stie foar it uterlik fan menear Thomas.

Boeken 1970 – Mog the Forgetful Cat 1976 – Mog's Christmas 1980 – Mog and the Baby 1983 – Mog in the Dark 1984 – Mog and Me 1985 – Mog's Family of Cats 1986 – Mog's Amazing Birthday Caper 1988 – Mog and Bunny 1991 – Mog and Barnaby (ek bekend as Look Out, Mog) 1993 – Mog on Fox Night 1994 – Mog in the Garden 1994 – Mog's Kittens 1995 – Mog and the Granny 1996 – Mog and the Vee Ee Tee 2000 – Mog's Bad Thing 2002 – Goodbye, Mog 2015 – Mog's Christmas Calamity (reklamespotsje foar supermerkkeatling Sainbury's, letter ek yn boekfoarm ferskynd)

Mog's Christmas Calamity Yn novimber 2015 kearde Mog noch ien kear werom as in kompjûteranimearre personaazje yn in reklamespotsje foar de supermerkkeatling Sainsbury's ta gelegenheid fan Kryst. It ferhaaltsje fan dat spotsje, mei as titel Mog's Christmas Calamity ("Mogs Krystkatastrôfe"), is karakteristyk foar de ferhalen út 'e Mog-rige.

Mog hat in nachtmerje en feroarsaket dêrtroch by ûngelok brân yn it hûs fan 'e famylje Thomas. Hy rêdt lykwols it hûs en syn eigners as er yn panyk oer de tillefoan hinne klaut en dêrby de hoarn fan 'e heak stjit en it alaarmnûmer 999 yntoetst. Neitiid wurdt er troch syn eigners beskôge as held en kriget er in lekkernij as beleanning. Mei in ferwizing nei Sainsbury's slachsin "Christmas is foar sharing" ("Kryst is om te dielen") helpe de buorlju de famylje Thomas om alle skea te behimmeljen, sadat der dochs noch in moai krystfeest fierd wurde kin.

Yn it reklamespotsje komt skriuwster Judith Kerr sels foar as in buorfrou fan 'e famylje Thomas. In boekferzje fan it ferhaal, mei dêrby in plúsjen boartersguodferzje fan Mog, waard neitiid eksklusyf ferkocht troch Sainbury's. De hiele opbringst dêrfan gie nei de bestriding fan analfabetisme ûnder bern.

Kategory:Fiktive kat Kategory:Fiktyf personaazje yntrodusearre yn 1970