Abovjan (Armeensk: Աբովյան) is in stêd yn 'e Armeenske provinsje Kotajk. De stêd leit 10 kilometer noardeastlik fan 'e haadstêd Jerevan op in hichte fan likernôch 1.450 meter boppe seenivo.
Abovjan is neffens ynwennertal de op fjouwer nei grutste stêd fan it lân (sinsus 2011). De stêd hat goede ferbinings mei Jerevan en wurdt as noardlike tagongspoarte en foarstêd beskôge fan Jerevan.
De stêd ûnstie yn 'e jierren 1960, doe't it doarp Elar omdoopt waard ta Abovjan. Op it plato tusken de rivieren Hrazdan en Azat waard yn 'e jierren 1962-1963 de moderne stêd situearre, dy't him ûntwikkele ta in yndustrieel sintrum yn 'e Armeenske Sosjialistyske Sovjetrepublyk. De stêd is ferneamd nei de ferneamde Armeenske skriuwer Chatsjatûr Abovjan.
Befolking Nei it útienfallen fan 'e Sovjet-Uny sakke it ynwennertal. Yn 1989 telde de stêd noch 59.000 ynwenners, yn 2009 wiene dat noch mar 36.000. In offisjele rûzing yn 2016 gyng út fan in ynwennertal fan likernôch 35.400.
Mear as 90% fan 'e befolking bestiet út etnyske Armeenjers. Hja stamme benammen ôf fan Armeenjers út de diaspora, dy't yn de jierren 1960 út Syrje, Iran en Libanon ferhûzen nei Armeenje en harren yn 'e nije stêd nei wenjen setten.
Fierder wenje der lytse minderheden fan Koerden, Jezidy's, Russen en Assyriërs.
Jier 1873 1897 1926 1939 1959 1970 1973 1976 Ynwenners 360 548 897 1.024 2.289 14.700 28.500 38.400 Jier 1989 2001 2011 2016 Ynwenners 58.671 44.596 43.495 35.400
(De sifers tusken 1873 en 1959 geane oer it tal ynwenners fan it eardere doarp Elar, dat tsjintwurdich ûnderdiel foarmet fan Abovjan.)