Talin (Armeensk: Թալին) is in stêd yn it westlike diel fan Armeenje. Yn 2011 hie Talin in ynwennertal fan 5.310. Offisjeel waard it tal ynwenners yn 2016 op 3.800 rûsd. De stêd stiet bekend om de 7e-iuwske katedraal.
Talin is mei fynsten út de jonge stientiid ien fan de âldst bewenne plakken fan it hjoeddeiske Armeenje. Foar it earst wurdt der yn de 2e iuw oer de stêd Talin skreaun troch de Grykske geograaf Ptoleméus. Hy neamde it plak Talina, de fergrykske foarm fan de Armeenske namme Talin.
Ynwenners De befolking fan Talin stamt foar in grut part ôf fan foarâlden, dy't yn de jierren 1829-1830 ferhûzen út de stêden Kars, Doğubeyazıt en Eleşkirt yn it hjoeddeiske Turkije.
De belangrykste tsjerke is de 19e iuwske Sint-Joaristsjerke (Sûrp Gevork).
Yn de stêd wennet ek in lytse mienskip Jezidys.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1831 1873 1897 1914 1939 1959 1979 2001 2011 2016 Ynwennertal 457 1.025 1.438 1.558 2.255 2.469 4.227 5.614 5.310 3.800
Sjoch ek Katedraal fan Talin Keppeling om utens
Kategory:Plak yn Armeenje