In Portegeeske namme is de namme fan persoanen yn Portegal en Brazylje en fan lju fan etnysk Portegeesk en Brazyljaansk komôf om utens. Sokke nammen fertoane ek sterke oerienkomsten mei de nammen fan persoanen út oare eardere Portegeeske koloanjes, lykas de Angoala, Mozambyk, Guinee-Bissau, Kaapverdje, Goä en East-Timor, mar dêrfoar jilde ôfwikende wizânsjes. In Portegeeske namme bestiet ornaris út ien of twa foarnammen en twa efternammen. De earste efternamme is yn 'e regel de efternamme fan 'e mem en de twadde is de efternamme fan 'e heit. It kin tsjintwurdich lykwols ek wêze dat dy folchoarder krektoarsom is. Boppedat is it net ûngebrûklik dat Portegezen trije, sels fjouwer of sels noch mear efternammen hawwe. Yn 'e praktyk wurdt inkeld de lêste efternamme brûkt as men nei immen ferwiisd mei de efternamme of om immen yn in ynhâldsopjefte op te nimmen. Yn 'e measte Portegeeske alfabetyske listen wurdt lykwols sortearre op 'e earste foarnamme ynstee fan op 'e efternamme.

Portegeeske foarnammen Wetlike foarskriften en algemiene sitewaasje yn Portegal Neffens de Portegeeske wet moat in persoan minimaal ien en kin hy of sy maksimaal twa foarnammen hawwe. It komt lykwols frij geregeldwei foar dat de wetlike limyt net respektearre wurdt, en dat in bern mear as twa foarnammen taparte kriget. Soks komt benammen mank de adel in soad foar.

De foarnammen fan nijberne poppen binne yn Portegal net frij te kiezen troch de âldelju, mar moatte op in list stean dy't opsteld is troch de oerheid. De nammen moatte dêrnjonken stavere wurde neffens de offisjele stavering fan 'e Portegeeske taal. Sadwaande bestiet der yn Portegal net folle fariaasje op it mêd fan foarnammen (oars as yn Brazylje, sjoch: § Foarnammen yn Brazylje). Fan gefolgen hawwe hast alle Portegezen tradisjonele foarnammen. Yn 2008 wiene yn Portegal de meast foarkommende jongesnammen: João, Rodrigo, Martim, Diogo, Tiago en Tomás. Oare rûnom foarkommende jongesnammen binne bgl. Antônio, Bernardo, Francisco, Gonçalo, José, Leonor, Pedro, Manuel en Vasco. De meast foarkommende famkesnammen wiene yn 2008: Maria, Beatriz, Ana, Mariana en Matilde. Oare rûnom foarkommende famkesnammen binne bgl. Carolina, Catarina, Cristina, Isabel, Joana, Margarida en Teresa.

As ien fan 'e âldelju net Portegeesk is of in dûbele nasjonaliteit hat, binne foar harren bern bûtenlânske foarnammen tastien, salang't se in offisjeel dokumint oerlangje kinne dat bewiist dat de oangeande namme(n) tastien binne yn it lân dêr't de útlânske âlder wei komt. Yn it ferline wiene de bern fan ymmigranten yn Portegal ferplichte om in Portegeesktalige foarnamme oan te nimmen om 'e Portegeeske nasjonaliteit te krijen. In bekend foarbyld dêrfan is de tennisster Michelle de Brito, dy't wetlik eins Micaela hjit. Dy regel is tsjintwurdich lykwols net mear fan tapassing.

Jonges- en famkesnammen Ornaris krije yn Portegeesktalige kultueren jonges jongesnammen en famkes famkesnammen. In útsûndering op dy regel is de foarnamme Maria, nei de Faam Marije, dy't ek oan jonges jûn wurdt. It giet dan om in twadde foarnamme, lykas yn kombinaasjes as João Maria, Manuel Maria, Luís Maria, ensfh. Dit gebrûk is benammen gongber mank de Portegeeske adel en hegere klassen, mar wurdt yn Brazylje as ordinêr beskôge.

Maria is fierders ek fierwei de meast foarkommende namme foar famkes, faak as it earste diel fan in gearstalde foarnamme. It lêste diel fan sokke nammen kin foarme wurde troch ferskate eleminten: religieuze oantsjuttings, lykas: roomske hjeldagen: Maria da Conceição ("Marije fan de Untfinzenis"), Maria das Dores ("Marije fan de Drôvens", ferwizend nei Peaske), Maria da Assunção ("Marije-Himelfeart"), Maria da Natividade ("Marije fan de Berte", ferwizend nei de Berte fan Marije), ensfh. in beafeartsplak dêr't de Faam Marije ferskynd is: Maria de Fátima ("Marije fan Fátima"), Maria de Lurdes ("Marije fan Lourdes"), Maria Nazaré ("Marije fan Nazaret"), ensfh. in religieus konsept: Maria do Céu ("Marije fan de Himel"), Maria da Luz ("Marije fan it Ljocht"), Maria da Graça ("Marije fan 'e Graasje"), ensfh. in hillige: Maria de São José ("Marije fan Sint Joazef"), ensfh. in oare foarnamme, lykas: in oare famkesnamme: Maria Madalena (nei Marije Magdalena), Maria Teresa, Maria Antônia, Maria Carolina, Maria Dulce, ensfh. in jongesnamme: Maria João, Maria José, Maria Manuel, Maria Luís, ensfh. Om't Maria sa rûnom foarkomt, wurde froulju dy't sa hjitte faak by it twadde elemint fan harren foarnamme oansprutsen, lykas Conceição, Dores, Fátima, Lurdes, Céu, Luz, Madalena, Teresa, enshf. In frou dy't de foarnamme Maria de Jesus hat (letterlik: "Marije fan Jezus"), wurdt yn 'e regel oansprutsen as Jesus, ek al is dat in manljusnamme. Itselde komt foar mei de namme Ana, dy't ek hiel algemien is. Froulju dy't Ana Paula of Ana Carolina hjitte, wurde dus almeast oansprutsen as Paula en Carolina.

By-, rop- en flaainammen Yn it Portegeesk wurde bynammen, ropnammen en flaainammen ornaris foarme troch ferlytsjende tuskenheaksels as -inh- (útspr.: [-iɳ-], likernôch: "-ynj-") en -it- (útspr.: [-it-], likernôch: "-yt-") yn 'e foarnammen yn te foegjen. Teresa wurdt dan bgl. Teresinha of Teresita, dat eins "lytse Teresa" betsjut. Krektsa wurdt Carlos omfoarme ta Carlinhos of Carlitos, Ana ta Aninha of Anita, en Lena, dat al in ferkoarting fan Elena is, ta Leninha of Lenita. Soms wurdt ek de efterheaksels -zinho of -zito (by manlju) en -zinha of -zita (by froulju) oan 'e namme tafoege. João wurdt bgl. Joãozinho of Joãozito ("lytse João") en Sofia wurdt Sofiazinha of Sofiazita ("lytse Sofia").

In oare manear om in foarnamme oan te passen, is troch de útgong op -os te feroarjen yn ien op -ão. Sa kin Marcos feroarje yn Marcão ("grutte Mark"). Wer in oare manear is troch it werheljen in wurdlid út 'e namme: Nonô (fan Leonor), Pepê (fan Pedro), Zezé ("fan José), ensfh. Ienfâldige ferkoarting ta in ropnamme komt ek foar: Fred (fan Frederico), Bea (fan Beatriz), Mané (fan Manuel), ensfh. Soms wurdt fierders in bûtenlânske ferkoarting brûkt, lykas Rick foar Ricardo of Maggie foar Margarida.

Foarnammen yn Brazylje Yn Brazylje besteane (oars as yn Portegal) gjin wetlike beheinings oangeande de foarnammen dy't âldelju oan harren bern jaan meie, útsein dat sokke nammen gjin betsjutting hawwe meie dy't foar it bern fernederjend of misledigjend is. Brazyljanen dy't fier fan 'e grutte stêden ôf wenje, of dy't ta de legere maatskiplike klassen hearre, jouwe harren bern faak nije of ûngewoane foarnammen om't se miene dat sokke nammen in moderne of ûntwikkele klank hawwe. By sokke nammen kin it gean om it oaninoar heakjen of gearlûken fan 'e foarnammen fan beide âlden, of om bûtenlânske nammen (fral út it Ingelsk), of om nammen út 'e Klassike Aldheid (Socrates, Aristoteles, Caesar) of om bûtenlânske nammen wêrfan't de stavering oan 'e eigen smaak oanpast is (Maurren fan Maureen, Deivid fan David, Robisson fan Robinson).

Wat ek in protte foarkomt, is dat bekende bûtenlânske efternammen as foarnammen foar jonges brûkt wurde, lykas Donizetti, Edison, Emerson, Franklin, Jefferson, Kennedy, Lenin, Marx, Mozart, Nelson, Newton, Nobel, Wagner, Washington en Wilson. Oarspronklik waard soks dien as in blyk fan bewûndering fan 'e âldelju foar sokke persoanen, mar tsjintwurdich binne in soad fan sokke nammen yn Brazylje al ynboargere rekke.

Under it regear fan keizer Peter II fan Brazylje waard fan oerheidswegen in nij nasjonalisme oanfitere dat (selekte dielen fan) de kultuer fan 'e lânseigen befolking omearme. It wie yn dy tiid dat it yn 'e moade kaam om 'e bern Yndiaanske foarnammen te jaan. Guon dêrfan binne ek tsjintwurdich noch populêr, lykas Araci, Caubi, Ceci, Guaraci, Iara, Iberê, Ioná, Iracema, Jaci, Janaína, Jandira, Juçara, Juraci, Jurema, Maiara, Moacir, Moema, Peri, Ubirajara en Ubiratã. Sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw binne guon Brazyljanen der fierders ta oergien om harren bern nei wurden út Yndiaanske talen te neamen, lykas Rudá ("leafde") en Cauã of Cauê ("sinne"). Sokke nammen binne lykwols seldsum en wize sterk nei in hippy-subkultuer.

De meast foarkommende famkesnammen wiene yn 2009 yn Brazylje: Maria, Ana, Júlia, Yasmin, Kauã, Vitória, Letícia, Beatriz en Mariana. De meast foarkommende jongesnammen wiene yn dyselde perioade: João, Gabriel, Pedro, Lucas, Mateus, Guilherme, Luís, Vítor en Gustavo.

Portegeeske middelnammen Portegezen en Brazyljanen kenne eins gjin middelnamme sa't lju út bgl. Angelsaksyske lannen dy faak hawwe, mar soms wurde alle nammen (foar- en efternammen) tusken de earste foarnamme en de lêste efternamme oantsjut as middelnammen. Sokke 'middelnammen' wurde soms ferkoarte ta inisjalen. Dus immen dy't João Maria Pereira Mendes hjit, soe syn namme skriuwe kinne as João M. P. Mendes.

Portegeeske efternammen Opbou en regels Under de Portegeeske wet moat in bern by de oanjefte fan 'e berte by de boargerlike stân teminsten ien efternamme krije, dy't oernommen wurde moat fan ien fan 'e âldelju. In foarbyld soe wêze kinne: José Silva. Dat is de ienfâldichste Portegeeske nammestruktuer, mei ien foarnamme (José) en ien efternamme (Silva). Soks komt foar, mar it hawwen fan mar ien efternamme is tsjintwurdich yn Portegal hiel seldsum. Yn Brazylje komt it hawwen fan mar ien efternamme in protte foar yn gebieten dêr't har grutte mienskippen fan net-Portegeeske ymmigranten fêstige hawwe. Yn it ferline wie it yn Portegal wizânsje dat de soannen de efternamme fan 'e heit krigen, wylst de dochters de efternamme fan 'e mem oernamen. Om in foarbyld te jaan: de fyftjinde-iuwske ûntdekkingsreizger Vasco da Gama wie troud mei in frou dy't Catarina de Ataíde hiet. Se hiene seis soannen dy't de efternamme da Gama droegen, en ien dochter dy't de efternamme de Ataíde droech. Sels hjoed de dei noch is it yn Portegal mank de âlderein net ûngewoan om bruorren en susters te treffen dy't folslein ferskillende kombinaasjes fan efternammen hawwe.

De meast foarkommende nammestruktuer yn it Portegeesk omfiemet twa efternammen: ien fan 'e mem, dy't foaroan komt, en ien fan 'e heit, dy't efteroan komt. De lêste namme (dy fan 'e heit) is dan ornaris de efternamme dy't yn 'e deistige omgong brûkt wurdt. Dêrmei is de Portegeeske nammestruktuer wat efternammen oanbelanget persiis tsjinsteld oan 'e Spaanske namme: dy omfiemet nammentlik ek twa efternammen, mar de earste efternamme is dêr de namme fan 'e heit, en de twadde is de namme fan 'e mem, en yn 'e deistige omgong wurdt de earste efternamme brûkt. Krektlyk as by Spaanske nammen stiet ek by Portegeeske nammen de folchoarder fan 'e beide efternammen net foar hûndert persint fêst. It is mooglik om, as men dêrfoar kiest (by it oanjaan fan 'e namme fan in nijberne poppe), de efternamme fan 'e heit foaroan te setten en dy fan 'e mem efteroan. Dat betsjut dat de efternamme fan 'e mem dan yn 'e deistige omgong brûkt wurdt en ek trochjûn wurdt oan 'e bern.

Fierders is it hiel gewoan om yn 'e deistige omgong in efternamme te brûken dy't net de lêste efternamme is. De measte Portegezen brûke dêrfoar wol de lêste efternamme, mar it stiet in elk frij om in oare kar te meitsjen. Reden foar sa'n oare kar is oer it algemien dat de lêste efternamme Silva, Santos of Ferreira is of in oare hiel algemiene efternamme, dy't net genôch ûnderskie biedt. Sa stiet de eardere presidint fan Portegal Aníbal Cavaco Silva bekend as Cavaco, en hiet de Brazyljaanske autokoereur Ayrton Senna eins Ayrton Senna da Silva.

As de heit ûnbekend is, of as er wegeret it bern te erkennen, kriget in bern de beide efternammen fan 'e mem. It is ek mooglik dat in bern efternammen taparte kriget dy't fan 'e foarâlden fan syn of har âldelju komme, sels as dy gjin ûnderdiel útmeitsje fan 'e nammen fan 'e âldelju sels. Dêrfoar moatte de âldelju dan wol mei formele bewizen komme dat harren foarâlden dy namme brûkten.