thumb|213x213px|Micheál Martin waard yn 2025 de taoiseach fan Ierlân. Taoiseach (útspr.: ['ti:ʃəx], likernôch: "tii-sjuch"; ; meartal: taoisigh) is de formele titel fan 'e premier en regearingslieder fan 'e Republyk Ierlân. De taoiseach wurdt beneamd troch de presidint fan Ierlân op nominaasje fan 'e Dáil Éireann, it legerhûs fan 'e Oireachtas, it Ierske parlemint. Om yn syn amt te bliuwen, moat de taoiseach de stipe fan in mearderheid fan 'e leden fan 'e Dáil behâlde. As er dy stipe net hat, moat er syn amt dellizze.

It wurd taoiseach is Iersk en betsjut "haadman" of "lieder". It waard yn 1937 opnommen yn 'e Grûnwet fan Ierlân as de offisjele titel fan 'e premier. Hoewol't it in Iersktalich wurd is, moat it sawol yn it Iersk as yn it Ingelsk (de beide offisjele talen fan Ierlân) brûkt wurde. It is inkeld fan tapassing op 'e premier fan Ierlân en wurdt net (ek yn it Iersk net) brûkt foar premiers fan oare lannen. Dy wurde nammentlik yn it Iersk oantsjut as príomh aire.

List fan taoisigh #namme amtstermyn politike partij begjin ein 1. Éamon de Valera 29 desimber 1937 18 febrewaris 1948 Fianna Fáil 2. John A. Costello 18 febrewaris 1948 13 juny 1951 Fine Gael Éamon de Valera (2e kear) 13 juny 1951 2 juny 1954 Fianna Fáil John A. Costello (2e kear) 2 juny 1954 20 maart 1957 Fine Gael Éamon de Valera (3e kear) 20 maart 1957 23 juny 1959 Fianna Fáil 3. Seán Lemass 23 juny 1959 10 novimber 1966 Fianna Fáil 4. Jack Lynch 10 novimber 1966 14 maart 1973 Fianna Fáil 5. Liam Cosgrave 14 maart 1973 5 july 1977 Fine Gael Jack Lynch (2e kear) 5 july 1977 11 desimber 1979 Fianna Fáil 6. Charles J. Haughey 11 desimber 1979 30 juny 1981 Fianna Fáil 7. Garret FitzGerald 30 juny 1981 9 maart 1982 Fine Gael Charles J. Haughey (2e kear) 9 maart 1982 14 desimber 1982 Fianna Fáil Garret FitzGerald (2e kear) 14 desimber 1982 10 maart 1987 Fine Gael Charles J. Haughey (3e kear) 10 maart 1987 11 febrewaris 1992 Fianna Fáil 8. Albert Reynolds 11 febrewaris 1992 15 desimber 1994 Fianna Fáil 9. John Bruton 15 desimber 1994 26 juny 1997 Fine Gael 10. Bertie Ahern 26 juny 1997 6 maaie 2008 Fianna Fáil 11. Brian Cowen 7 maaie 2008 9 maart 2011 Fianna Fáil 12. Enda Kenny 9 maart 2011 12 juny 2017 Fine Gael 13. Leo Varadkar 12 juny 2017 27 juny 2020 Fine Gael 14. Micheál Martin 27 juny 2020 17 desimber 2022 Fianna Fáil Leo Varadkar (2e kear) 17 desimber 2022 8 april 2024 Fine Gael 15. Simon Harris 8 april 2024 23 jannewaris 2025 Fine Gael Micheál Martin (2e kear) 23 jannewaris 2025 Fianna Fáil

Kategory:Polityk yn Ierlân Kategory:Premier Kategory:Lienwurd út it Keltysk