De PC fan 2019 waard op woansdei 31 july ferkeatst. It wie de 166e edysje fan it evenemint, en fûn plak by sinneskynwaar op 'e moarn, berûn waar mei no en dan in spatsje rein op 'e middei en wat tonger yn 'e fierte. Der hearsken oangename temperatueren, nei't de moandeis tefoaren in ein kommen wie oan in hjitteweach mei gleonhjit waar dy't Fryslân suver in wike yn syn gryp holden hie. De winners fan 'e PC 2019 wiene Marten Bergsma fan Minnertsgea, Renze Pieter Hiemstra fan Deinum en Hans Wassenaar fan Ljouwert. Hans Wassenaar waard ta kening keazen, wat foar him de twadde kear wie nei de PC fan 2016.
PC stillein In unikum yn 'e skiednis fan 'e PC wie dat de tribunes ûntromme waarden fanwegen de driging fan swierwaar. Dat barde ûnder de earste list, sadat de partij fan 'e partoeren fan Haije Jan Nicolay, Pier Piersma en Evert Pieter Tolsma en Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong foar in diel plakfûn sûnder publyk. De organisaasje fan 'e PC rekkene op in oere om alle taskôgers te evakuëarjen; de keatsers sels rûnen minder gefaar op wjerljochtslaggen om't se tichter by de grûn wiene, en boppedat koene se yn gefal fan need fluch fan it fjild ôf helle wurde. Dat barde úteinlik ek doe't de loft sa driigjend waard dat de partij in skoft stillein waard. Uteinlik kaam der gjin swierwaar en koe de partij en de rest fan 'e PC ferfet wurde.——, Uniek: Kaatsen voor bijna lege tribunes op PC, yn: de Ljouwerter Krante, 1 augustus 2019, s. 12.
Earste list nû. partoer útslach nû. partoer1. Jelle AttemaGabe-Jan van PoptaPatrick Scheepstra 5 – 1 6 – 02. Paul DijkstraHendrik Jan van der VeldeStefan van der Meer3. Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraTjisse Steenstra 5 – 2 6 – 24. André van DellenBauke DijkstraJouke Bosje5. Bauke TriemstraDylan DrentHendrik Kootstra 5 – 2 6 – 66. Bouke Willem TuinmanRené de HaanYannick Hielkema7. Auke BoomsmaMarten FeenstraLaas Pieter van Straten 5 – 2 6 – 68. Jelte-Pieter DijkstraAllard HoekstraThomas van Zuiden9. Johannes van der VeenSip Jaap BosTsjerk Elzinga 5 – 3 6 – 610. Remmelt BoumaJelte VisserWillem Heeringa11. Johan DiertensKevin Jordi HiemstraLennart Adema 3 – 5 2 – 612. Marten BergsmaRenze Pieter HiemstraHans Wassenaar13. Haije Jan NicolayPier PiersmaEvert Pieter Tolsma 4 – 5 6 – 614. Enno KingmaPieter Jan PlatSjoerd de Jong15. Lieuwe van der WerfSjoerd SmitsRiemer Hoekstra 0 – 5 0 – 616. Menno van ZwietenKees van der SchootErwin Zijlstra
Twadde list nû. partoer útslach nû. partoer1. Jelle AttemaGabe-Jan van PoptaPatrick Scheepstra 2 – 5 0 – 63. Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraTjisse Steenstra5. Bauke TriemstraDylan DrentHendrik Kootstra 4 – 5 6 – 67. Auke BoomsmaMarten FeenstraLaas Pieter van Straten9. Johannes van der VeenSip Jaap BosTsjerk Elzinga 2 – 5 0 – 612. Marten BergsmaRenze Pieter HiemstraHans Wassenaar14. Enno KingmaPieter Jan PlatSjoerd de Jong 4 – 5 6 – 616. Menno van ZwietenKees van der SchootErwin Zijlstra
Heale finale nû. partoer útslach nû. partoer3. Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraTjisse Steenstra 5 – 2 6 – 47. Auke BoomsmaMarten FeenstraLaas Pieter van Straten12. Marten BergsmaRenze Pieter HiemstraHans Wassenaar 5 – 1 6 – 616. Menno van ZwietenKees van der SchootErwin Zijlstra
Finale nû. partoer útslach nû. partoer3. Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraTjisse Steenstra 2 – 5 4 – 612. Marten BergsmaRenze Pieter HiemstraHans Wassenaar (kening)
2019 Kategory:Barren yn 2019