It Spoar fan Ljouwert nei Harns ferbynt de stêd Ljouwert mei Harns. It spoar bestiet sûnt 27 oktober 1863. It spoar wie yn it ferline ûnderdiel fan de steatsline B, dy't rûn fan Harns oant Nijeskâns. It spoar Ljouwert-Harns hat in lingte fan 26 kilometer. De trein stoppet op de stasjons fan Ljouwert - Deinum - Dronryp - Frjentsjer - Harns en Harnzer Haven.
It spoar is net elektrifisearre, it is inkelspoarich en is befeilige mei ATB-NG en TPRB (Ter Plaatse bediend RelaisBlokstelsel). Dy befeiliging wurdt betsjinne troch de masinist. It spoar ferbynt in tal plakken yn Noardwest Fryslân mei Ljouwert. In soad reizgers geane fanút de Harnzer Haven mei de boat nei de Waadeilannen. Op de line is beheind frachtferfier. De ferbining Ljouwert-Harns is in desintrale spoarferbining. Dat wol sizze dat de line ûnder ferantwurdlikheid 'light' falt fan de lokale oerheid (Provinsje Fryslân). Arriva exploitearret it reizgersferfier en brûkt dêrfoar sûnt 2007 it treintmaterieel GTW (Spurt).
Stasjons en gebouwen Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou 150pxLjouwert 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud150pxDeinum 1863 1973, NS, 2e gebou, abri 150pxDronryp 1863 Gjin, 2e gebou sloopt yn 1995, by iepening type SS fiifde klasse150pxFrjentsjer 1863 1973, NS, 2e gebou, abri, bij iepening type SS fjirde klasse 150pxHarns 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse 150pxHarns Haven 1863 gjin, geboutsje sloopt yn 2009
Kategory:Spoar yn Fryslân Kategory:Ljouwert Kategory:Harns Kategory:Bouwurk út 1863