It spoar fan Ljouwert nei Grins bestiet sûnt 1 juny 1866. De ferbining wie eartiids ûnderdiel fan de steatsline B, dy't fan Harns nei Nijeskâns rûn. It spoar fan Ljouwert nei Grins hat in lingte fan 54 kilometer. Oan it spoar lizze de stasjons Ljouwert - Ljouwert-Kammingabuorren - Stasjon Hurdegaryp - Stasjon Feanwâlden - Stasjon De Westereen - Stasjon Bûtenpost - Stasjon Grypskerk - Stasjon Súdhorn en Stasjon Grins.

De spoarferbining is in desintraal spoar, dat wol sizze dat it net falt ûnder de ferantwurdlikheid fan in Ministearje fan Ferkear en Wettersteat, mar dat it falt ûnder in desintrale oerheid. Dat binne yn dit gefal de provinsjes Fryslân en Grinslân. De ferfierskonsesje is yn hannen fan Arriva. Dêrmei hat Arriva it allinnerjocht om op it trajekt treinen ride te litten.

It spoar waard inkelspoarich oanlein en is net elektrifisearre. Letter waard besluten om it spoar te ferdûbeljen. Doe't bliken die dat ferdûbeljen oer de hiele lingte te djoer wie, is allinnich it stik Feanwâlden - Grijpskerk ferdûbele (sa'n 30 kilometer). Op dit stik fan it spoar jildt in maksimum snelheid fan 140 kilometer it oere. It spoar Ljouwer-Grins is befeilige mei ATB-NG. Op it spoar sûnder boppelieding ride Switserske Spurt-dieseltreinen.

Stasjons en gebouwen (kursyf: earder stasjon) Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou 150pxLjouwert 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud 150pxLjouwert Achter de Hoven 1915 gjin, stasjon sletten yn 2018 150px Ljouwert-Kammingabuorren 1991 1991, NS, 1e gebou, abri Alddeel 1915 gjin,stasjon sletten yn 1947 150pxTytsjerk 1866 gjin, gebou sloopt yn 1950, stasjon sletten yn 1950 150pxHurdegaryp 1866 1964, NS, 2e gebou, Standerttype Vierlingsbeek, by iepening type SS fyfde klasse 150pxFeanwâlden 1866 1973, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fjirde klasse De Westereen 1866 gjin, gebou út 1955 sloopt yn 2003 Wyldpaad 1885 gjin, stasjon sletten yn 1887 Feankleaster-Twizel 1921 gjin, stasjon sletten yn 1938 150pxBûtenpost 1866 1973, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fjirde klasseFryslân/Grinslân150px Fisfliet 1892 gjin, gebou Standerttype Fisfliet sloopt yn 1983, stasjon sletten yn 1991150px Grypskerk 1866 gjin, 3e gebou in 2005 sloopt, bij iepening type SS fyfde klasse 150pxSúdhorn 1866 1976, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fyfde klasse Den Horn 1885 gjin, stasjon sletten yn 1938 Hoogkerk-Vierverlaten 1886 gjin, gebou sloopt yn 1984, stasjon sletten yn 1951 150pxGrins 1866 1896, SS, 3e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Isaac Gosschalk

Kategory:Spoar yn Fryslân Kategory:Spoar yn Grinslân Kategory:Spoarwegen yn Nederlân Kategory:Ljouwert Kategory:Grins (stêd) Kategory:Bouwurk út 1866