Grave Peril is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Earnstich Gefaar", mar it is in Ingelske wurdboarterij, mei't "grave" ek it wurd foar "grêf" is. De titel kin dus ek útlein wurde as "Gefaar út it Grêf". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it trêde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Fool Moon. Yn Grave Peril kriget Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, it oan 'e stôk mei geasten en fampieren, en lokket er úteinlik in oarloch yn 'e boppenatuerlike wrâld út. Grave Peril waard yn 2001 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2005 waard de roman troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, mei it earste en twadde diel fan The Dresden Files: Storm Front en Fool Moon. In Nederlânsktalige oersetting fan Grave Peril (troch Robert Neugarten) waard yn 2010 troch De Vliegende Hollander publisearre ûnder de titel Doodsnood. __TOC__ Ynhâld Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive yn Chicago, wurdt opsocht troch in kreaze jonge frou dy't har wiere namme net jaan wol, mar harsels Lydia neamt. Se seit dat se hjitfolge wurdt troch in gefaarlike geast dy't har fermoardzje wol en freget Harry om help. Harry is skeptysk oer har ferhaal, en hy is boppedat hastich. Mar hy jout har in talisman tsjin boppenatuerlike oanfallen troch geasten en spûken, en dêropta it adres fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't pastoar Anthony Forthill, oan wa't Harry kunde hat, har op wijde grûn de nacht trochbringe litte sil as se seit dat se troch "de freon fan Michael" stjoerd is.

Chicago wurdt de lêste tiid teheistere troch in wiere pleach fan gefaarlike spûken, en dyselde jûns kriget Harry berjocht dat it wer rekke is, diskear op 'e kreamôfdieling fan it Cook County Hospital. Hy set dêr op ta mei syn freon Michael Carpenter, in timmerman mei in grutte húshâlding, dy't njonken syn gewoane wurk ien fan 'e Ridders fan it Krús is en ien fan 'e trije swurden draacht wêryn't in spiker ferwurke is dy't brûkt is by de krusiging fan Jezus Kristus. Harry brekt alderhanne ferkearsregels om sa fluch mooglik yn it sikehûs te kommen, en as hy en Michael dêr nei in wylde rit mei de plysje op 'e hakken arrivearje, binne se mar krekt op 'e tiid om foar te kommen dat it spûk fan 'e sljochtsinnige njoggentjinde-iuwske Agatha Hagglethorn alle poppen op 'e kreamôfdieling ombringt. Harry en Michael ferdriuwe it spûk, mar Harry wit dat it weromkomme sil as se it net foargoed tsjinhâlde. Dêrom folgje hy en Michael it spûk nei de boppenatuerlike wrâld dy't Harry (nei de film Peter Pan) it Nevernever neamt. Dêr witte se it spûk nei in fûleindige striid te oerwinnen en te ferdylgjen, mar net foar't Harry wat sjoen hat dat him yn 'e gewoane wrâld ûntkomd wie: it spûk is omwikkele mei in stikeltriedeftige betsjoening dy't it oanhâldend folteret en gek makket fan pine. Gjin wûnder dat it wêzen it sa mâl die. Harry begjint no te tinken dat de pleach fan spûken feroarsake wurdt troch immen dy't de spûken betsjoend hat, al hat er dit soarte betsjoenings noch nea earder sjoen.

Foar't Harry en Michael it Nevernever wer ferlitte kinne, komt de Leanansidhe harren dêr oer it mad. Dat is in machtige ierdgeast, ien fan 'e hege Sidhe, yn 'e foarm fan in tige tsjeppe frou. Hja hat in bysûndere belangstelling foar Harry, mei't hja syn peetmuoike is. (Wat syn mem silger besielde om in Sidhe ta syn peetmuoike te meitsjen, wit Harry net.) As opslûpen jonge hat er lykwols yn uterste need in oerienkomst mei Lea (sa't de Leanansidhe har neame lit) sletten, dat er himsels yn ruil foar har help oan har oerjaan soe. Sûnt hat er dêr frijwat spyt fan, en dêrom besiket er sa min mooglik yn it Nevernever te kommen, om Lea te ûntrinnen. Dêrmei hat er syn wurd brutsen, wat foar de Sidhe in tige earnstige saak is. Lea easket no dat Harry him daliks oan har oerjout, mar Harry is har te fluch ôf, en hy en Michael witte krekt op 'e tiid nei de gewoane wrâld te ûntkommen. Werom yn it Cook County Hospital wurde se lykwols daliks arrestearre troch de plysje foar fersteuring fan 'e iepenbiere oarder. Michael wurdt op boarchtocht frijlitten nei't syn boarch betelle is troch syn lulke frou Charity, dy't op alle dagen rint en dy't net ûnder stuollen of banken stekt dat se Harry net lije mei. Harry syn boarch wurdt betelle troch Susan Rodriguez, in sjoernaliste fan 'e Arcane, in krantsje dat benammen oer boppenatuerlike saken publisearret, mei wa't er al in jier, oardel in relaasje ûnderhâldt.

As se jûns let by Harry syn appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou oankomme, wurde Harry en Susan opwachte troch twa reade fampieren, in Kyle Hamilton en dy syn suster Kelly, dy't Harry in útnûging oerlangje foar de feestlike ferheffing fan Bianca St. Claire ta markgrevinne fan it Reade Hôf. Bianca is in fampier dy't yn Chicago it bordeel The Velvet Room runt. Harry hat alris earder gedoente mei har hân (sjoch: Storm Front), en hat doe in fijân fan har makke. De útnûging is dan ek net oan him persoanlik rjochte, mar oan him yn syn hoedanichheid as de fertsjintwurdiger yn Chicago fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, de wrâldorganisaasje fan tsjoenders. Likegoed is Harry net fan doel om derhinne, ek al sil dy hâlding him wierskynlik op in reprimande komme te stean fan 'e lieders fan 'e Wite Ried. Susan, oan 'e oare kant, is fanwegen har sjoenalistike eftergrûn daliks entûsjast oer de útnûging, en Harry hat der klauwen oan om har oan it ferstân te bringen dat it in hiel, hiel dom idee wêze soe om har as syn gast mei te nimmen nei in gearkomste fan fampieren.

Nei't Harry en Susan tegearre de nacht trochbrocht hawwe yn syn appartemint, wurdt Harry de oare moarns ier al wekker makke troch Michael. Dy nimt him mei nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, dêr't pastoar Forthill yn alle steaten is. Hy hat Lydia, de jonge frou dy't Harry nei him ta stjoerd hie, nammentlik ûnderdak bean, en dêrnei is de tsjerke de hiele nacht belegere troch it iene of oare boppenatuerlike wêzen dat besocht deryn te kommen. Hoewol't dat net slagge is, binne alle roazestruken dy't om 'e tsjerke hinne plante wiene, út 'e grûn skuord en alle auto's op it parkearterrein fernield. Dêr skrikt Harry wol fan, want hy hat noch nea heard fan in geast mei safolle macht dat dy yn 'e fysike wrâld sa'n ravaazje oanrjochtsje kin. Doe't it leven bûtendoar tsjin 'e moarnsdage weistoar en pastoar Forthill yn 'e sûs rekke, is Lydia lykwols útpykt. Harry beslút ris syn ljocht op te stekken by oaren dy't yn Chicago by it boppenatuerlike belutsen binne, dat hy bringt in besyk oan Mortimer Lindquist, in medium dat kontakt mei de ferstoarnen siket. As er dêr arrivearret, stiet Lindquist, dy't skitende benaud is foar wat der geande is mei spûken en geasten, op it punt om in lange fakânsje fier fuort te nimmen. Hoewol't Harry en Lindquist net goed kinne, helpt it medium Harry úteinlik troch him de trije boekjes mei oantekenings te jaan dy't er de ôfrûne wiken makke hat.

Ear't Harry dêr oer gear kin, wurdt er opskille troch syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Dy fertelt him dat ien fan har ûnderhearrigen, Micky Malone, yn ien nacht tiid gek wurden is, en freget Harry mei klam oft hy der ris nei sjen kin. Dat Harry bejout him nei it hûs fan Mickey Malone, dy't op bêd fêstbûn is om't er in gefaar foar himsels en oaren foarmet en inkeld noch wartaal útslaan kin. Harry stelt fêst dat immen Malone in selde soarte betsjoening oplein hat as it spûk yn it sikehûs, in betsjoening dy't er fisualisearret as in foarm fan stikeltrie dy't strak om Malone syn hiele lichem wikkele is en mei fjoerskerpe stikels djip yn syn fleis stekt. Mei in uterste magyske krêftsynspanning wit Harry de betsjoening los te skuorren en te ferneatigjen.

Werom yn syn appartemint freget Harry him neitiid ôf wat Mickey Malone mei de gefaarlike spûken fan 'e lêste tiid te krijen hat, en oft de belegering fan Lydia yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels mei deselde saak te krijen hat. Ek kin er mar net begripe hoe't Malone yn syn eigen hûs oanfallen wêze kin, mei't de 'drompel' fan in thús soks ornaris tsjinkeart (dêrom kinne fampieren ek net de wenten fan libbene minsken binnenkringe). Om troch sa'n 'drompel' te brekken is in ûnbidige magyske krêft nedich. Harry syn konklúzje is dat it òf it wurk fan âlde godheid is dy't krêftich genôch is om sûnder folle muoite troch 'drompels' hinne te brekken (en yn dat gefal is der net ien dy't der noch wat tsjin dwaan kin), òf dat it giet om in gewoane geast dy't in manear fûn hat om 'e regels fan magy te omsilen. Yn elts gefal is er fan miening dat Lydia mear wit as dat se him ferteld hat. It is dus saak om har te finen, ek foar har eigen goederbêst, want mei in pear oeren wurdt it wer nacht.

Harry stjoert Bob, in elemintêre geast fan de lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn syn laboratoarium, der op út om nei Lydia te sykjen. Om't Bob him inkeld by tsjuster maklik yn geastlike foarm troch de wrâld bewege kin, beset er foar dit putsje Mister, Harry syn kat. Sels tsjocht Harry der ek op út. Hy hat Lydia syn anty-spûketalisman jûn, en no fiert er in tsjoen út om it ding werom te finen, hoewol't it fansels mar de fraach is oft Lydia it noch om hat. Harry folget it magyske spoar fan de talisman nei in âld pakhûs yn in ferlitten diel fan 'e stêd. As er dêr ynbrekt, ûntdekt er in bestelbuske dêr't Lydia bewusteleas efteryn leit. Foar't er har dêrwei helje kin, wurdt er lykwols oanfallen troch twa fampieren, dy't nimmen oars binne as Kyle en Kelly Hamilton, dy't him earder de útnûging foar it feest fan Bianca St. Claire brocht hawwe. Om't se him oer it mad komme, witte se him op in hier nei te ferslaan, mar as Harry mei in fjoerspreuk by fersin it pakhûs yn ljochte lôge set, mei as gefolch dat al rillegau it rynkranke dak ynstoart sadat der sinneljocht ynlitten wurdt, binne de troch it ljocht ferwûne fampiers twongen om te meitsjen dat se fuortkomme. Dat dogge se lykwols yn it bestelbuske, wêrby't se Lydia meinimme.

Harry, dy't troch Kelly bespuid is mei de bedwelmjende flibe fan 'e reade fampieren, wit mar mei muoite syn appartemint wer te berikken. Dêr rekket er yn in djippe sliep en dreamt er oer in saak fan in pear moannen lyn, doe't hy en Michael yn gearwurking mei Murphy en de Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago de twaddeklas warlock Leonid Kravos ûnder fuotten hellen yn in pakhûs by de haven. Wylst de oare plysjes Kravos syn bedwelme folgelingen yn 'e boeiens sloegen en ôffierden, weefden Harry, Michael, Murphy en Mickey Malone ôf mei Kravos sels en de demon dy't er oproppen hie. Yn it echt makke Michael, mei syn hillige swurd Amoracchius, koarte metten mei de demon, wylst Harry Kravos oermânsk waard, wêrnei't de warlock troch Murphy en Malone oppakt en ôffierd waard. Yn de dream deadet de demon lykwols Michael, Murphy en Malone, wêrnei't er him op Harry stoart en him libben begjint op te fretten wylst Harry dêr neat tsjin dwaan kin. Op dat stuit wurdt er op hurdhannige wize wekker makke troch Bob, dy't him mei Mister syn klauwen in feech yn it gesicht jout.