In fallen ingel is in mytysk wêzen út 'e abrahamityske religyen dat sterke oerienkomsten fertoant mei in demon, net allinnich fanwegen de assosjaasje mei de hel, mar ek om't sa'n wêzen gauris, krekt as in demon, de minske besiket te ferlieden ta it begean fan sûnde. Spesifiker is in fallen ingel in ingel dy't omreden fan in fergryp út 'e himel ferballe is. De letterlike term 'fallen ingel' komt net foar yn 'e Bibel, en likemin yn oare abrahamityske hillige teksten, mar stipet benammen op apokrife geskriften, lykas it boek Henoch. Ien passaazje yn it boek Genesis, yn it Alde Testamint, kin lêzen wurde as in ferwizing nei fallene ingels, hoewol't dat ûnder teologen in slimmen striidkwestje is.
Fallen ingels yn it joadendom Alde Testamint en Henoch Teologen geane der oer it algemien fan út dat it idee fan fallene ingels al yn 'e âlde Joadske tradysje fan it jahwisme bestie foar't it bibelboek Genesis yn 'e sechsde iuw f.Kr. skreaun waard. De measte oerlevere ferwizings yn it joadendom nei sokke wêzens datearje út it tiidrek fan 'e Twadde Timpel fan Jeruzalim, tusken 530 f.Kr. en 70 n.Kr. Dy ferwizings steane benammen yn 'e apokrife teksten Henoch, 2 Henoch, Jubileeën en Reuzen. Yn it Alde Testamint fan 'e Bibel is de passaazje yn Genesis 6:1-4 fan belang, dy't lêzen wurde kin as in ferwizing nei fallene ingels. Dêr stiet: "Doe't der hieltyd mear minsken op 'e ierde kamen en hja dochters krigen, seagen de soannen fan God dat de dochters fan 'e minsken kreas wiene, dat se trouden mei dy dêrfan, dêr't se sin oan hiene. Doe sei de Heare: Myn geast sil net foar altyd yn 'e minske bliuwe, omdat er fleis is, dat syn libbensdoer sil hûnderttweintich jier wêze. Yn dy dagen – en ek neitiid – wiene der reuzen op ierde. Doe't de soannen fan God by de dochters fan 'e minsken kamen, krigen se bern. Dat wiene de sterke mannen út 'e âlde tiden, de mannen fan namme." Guon streamings binnen it joadendom (en ek in soad kristlike tsjerkfaars) identifisearren de "soannen fan God" as ingels dy't oansteld wiene om 'e minskheid yn 'e rekken te hâlden, en dy't troch seksuële ferlieding troch minsklike froulju ta har fal kamen. Ut 'e klandestine relaasjes fan sokke ingels mei minsklike froulju soene de neamde 'reuzen' berne wêze, dy't wol as in soarte fan healgoaden sjoen binne. Neffens it boek Henoch soene de reuzen, en ek de kennis fan saken as tsjoenderij, dy't de reuzen fan harren heiten ûntfongen, de ierde korrumpearre hawwe, wat foar God oanlieding wie om 'e hiele minsklike beskaving fuort te feien yn 'e Sûndfloed. De lieders fan 'e fallene ingels wurde yn Henoch identifisearre as Sjemjaza en Azazel. Dy lêste wurdt troch (de minske) Henoch teplak wiisd foar it trochjaan fan ferbeane kennis oan syn bern, en letter wurdt er yn opdracht fan God troch de aartsingel Rafael by wize fan bestraffing mei keatlings bûn yn 'e woastyn Dûdael.
Teologysk sjoen kin de ynhâld fan it boek Henoch ynterpretearre wurde as in apokrife útlis fan 'e oarsprong fan it kwea. Troch it yntrodusearjen fan it kwea yn 'e wrâld te lizzen by de oerdracht fan ferbeane kennis troch de fallene ingels oan 'e minskheid, wurdt de skuld dêrfoar ferskood nei wat boppenatuerliks fan bûtenôf, dêr't de minske sels gjin ferantwurdlikheid foar draacht. Yn dy sin ferskilt Henoch diametraal fan 'e lettere joadske en kristlike tradysje, dy't de skuld foar de yntroduksje fan it kwea yn 'e wrâld planút by de minske sels delleit.
Lang net eltsenien is it iens mei dizze ynterpretaasje fan 'e passaazje yn Genesis 6:1-4. Tsjinstanners fan 'e fallen-ingelteory lizze de tekst ornaris út as in beskriuwing fan ferbeane houliken tusken de preesters fan God en de dochters fan heidens, dy't laat hawwe soene ta leauwensôffal fan in oarspronklike ferearing fan 'e monoteïstyske God. In ûnderbouwing dêrfoar is de passaazje yn Leviticus 21:1-15, dêr't stiet dat it preesters ferbean is om mei "ûnreine" froulju te trouwen. Yn dat ljocht kin de tekst fan it boek Henoch ek útlein wurde as in allegory wêrby't de "fallene ingels" in metafoar binne foar de Joadske preesters út 'e trêde iuw f.Kr., dy't it net sa nau namen mei de foarskriften. It boek soe dan bedoeld wêze om yn bedutsen termen utering te jaan oan 'e ûnfrede dy't ûnder de befolking libbe oer it hâlden en dragen fan sokke preesters.
Oare apokrife teksten Der binne noch ferskate oare aprokrife joadske teksten dêr't fallen ingels yn neamd wurde. Yn 2 Henoch reizget Henoch troch de himels, dêr't er yn 'e twadde himel fallene ingels tsjinkomt dy't finzenset binne. Syn earste oanstriid is om foar harren te bidden, mar dat beslút er net te dwaan om't er himsels as minske net weardich achtet om foar ingels te bidden. Yn 'e fyfde himel moetet er úteinlik de lieder fan 'e fallene ingels, dy't net Sjemjaza of Azazel neamd wurdt, mar Satanael. Neffens 2 Henoch 18:1-7 resultearret de korrupsje fan 'e ierde troch de fallene ingels úteinlik yn harren finzenskip op in plak ûnder dyselde ierde. 2 Henoch 29:1-4 neamt hoe't se (dêrhinne) "út 'e hichte smiten" waarden nei't harren lieder besocht hie en wurdt "gelikens yn rang mei de macht fan 'e Hear". (Teologen geane derfan út dat dat idee oernommen is fan it ferhaal fan Attar, út it Kanaänityske heidendom, dy't besocht te regearjen fan 'e troan fan Baäl ôf.)
Yn Jubileeën, in apokrife tekst dy't troch de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en de Falasja's as kanonyk akseptearre wurdt, wurde de 'Wachters' neamd, dy't troch God oansteld waarden om 'e minskheid yn 'e rekken te hâlden. Hja soene troch God op 'e earste dei fan 'e skepping kreëarre wêze. Oars as yn Henoch komme de Wachters net op eigen manneboet del út 'e himel om't se de minsklike froulju begeare dy't se sjogge, mar krije se dêrta opdracht fan God sels, mei as doel om 'e minskheid te ûnderrjochtsjen. Pas as se har al mank de minsken befine, reitsje se yn 'e besnijing fan minsklike froulju, en troch mei harren te kopulearjen, brekke se de wet fan God. De geslachtsmienskip tusken ingels en froulju liedt ta demoanyske neikommelingen, dy't inoar befjochtsje oant de dea, wylst de fallene ingels by wize fan bestraffing yn 'e djipten fan 'e ierde finzenset wurde. Yn Jubileeën 10:1 wurdt de lieder fan 'e fallene Wachters identifisearre as Mastema, dy't God freget om guon fan 'e demoanen te sparjen, sadat hy harren brûke kin om by wize fan test te besykjen en ferlied de minskheid ta sûnde. Dat is in útstel dêr't God mei ynstimd. Oars as yn Henoch, dêr't de fallene ingels yngeane tsjin 'e wil fan God, lykje de fallene ingels en demoanen yn Jubileeën net oer macht beskikken dy't ûnôfhinklik is fan God.
Fallen ingels yn it lettere joadendom Hoewol't it konsept fan fallene ingels him al ier yn 'e skiednis fan it joadendom ûntjoech, kearden de rabbinen har der fan 'e twadde iuw ôf tsjin. Godstsjinsthistoarisy ornearje dat dat wie om foar te kommen dat joaden begjinne soene mei it ferearjen fan ingels. Dat, hoewol't in protte ingels yn 'e perioade fan 'e Twadde Timpel yndividualisearre en soms sels fereare waarden, waard de status fan ingels neitiid mei opsetsin werombrocht ta in klasse fan mytyske wêzens dy't net folle ferskilden fan 'e minske sels. Dêrmei waard de almacht en rûnombywêzigens fan God beklamme. Guon rabbinen wiene dêr tige fel yn; sa spriek de twadde-iuwske rabbyn Shimon bar Yochai in flok út oer eltsenien dy't de term 'soannen fan God' út Genesis útlei as (fallene) ingels. Neffens him waarden dêrmei soannen fan rjochters of soannen fan eallju bedoeld. De yntroduksje fan it kwea yn 'e wrâld waard dêrmei langer net taskood oan himelske krêften dêr't de minske gjin fet op hie, mar lei no oan 'e niging ta it kwea dy't ynherint wie oan 'e minsklike natuer.
Ferhalen oer fallene ingels komme lykwols wol wer foar yn lettere rabbinale geskriften. Sa wurdt de ferantwurdlikheid foar de 'niging ta it kwea' fan 'e minske yn guon teksten út 'e Midrash taskreaun oan Samael, dy't de lieding hie oer ferskate ingels fan 'e dea. Samael wegeret de earste minske, Adam, te ferearjen, en komt dertsjin yn ferset dat God Adam boppe de ingels stelt. Hy giet omleech nei de ierde, dêr't er Adam en Eva yn 'e Hôf fan Eden yn 'e foarm fan in slange ferliedt ta it kwea. Dy eardere fal fan 'e ingels yn it joadendom hie wierskynlik syn woartels yn 'e fal fan Iblis yn 'e Koraan en de fal fan Satan yn De Skatspelonk. De Midrash heakket dêr in twadde, lettere fal oan ta dy't it ferhaal út it boek Henoch wjergalmet. Dêrby wurde de "soannen fan God", út 'e passaazje yn Genesis, op 'e nij útlein as fallene ingels, dy't geandewei harren fal út 'e himel "de krêft en it stal" fan 'e minske oannimme en op 'e nij troch geslachtsmienskip mei minsklike froulju in ras fan reuzen oansette.
Fallen ingels yn it kristendom Bibelske ûnderbouwing Yn it Nije Testamint fan 'e Bibel wurde fallene ingels û.m. neamd yn Lukas 10:18 ("Hy sei tsjin harren: Ik seach de satan as de wjerljocht út 'e himel fallen.") en yn Mattéus 25:41 ("Dan sil Er ek dy't lofts steane, oansprekke, en sizze: Fuort jimme! By my wei, ferflokten, it ivige fjoer yn, dat foar de duvel en syn ingels [yn 'e NFB: "foar de duvel en syn kornuten"] reemakke is."). Alle trije Synoptyske Evangeeljes identifisearje Satan as de lieder fan 'e fallene ingels en/of demoanen. Fierders skriuwt de apostel Paulus yn I Korintiërs 6:3: "Witte jimme net, dat wy oer ingels oardielje sille? [...]," wêrmei't er it bestean fan sûndige ingels ymplisearret. Yn 2 Petrus 2:4 ("God hat de ingels dy't sûndige hiene, net sparre, mar harren yn 'e tsjustere hoalen fan 'e hel opsletten, dêr't se fêstholden wurde om oardiele te wurden.") en yn Judas 1:6 ("Hy hat ek de ingels, dy't har hege posysje ferspile en har eigen wenplak ferlitten hiene, foar ivich yn djippe tsjusternis yn 'e boeiens slein, om op 'e Grutte Dei oardiele te wurden.") wurdt ek ferwiisd nei ingels dy't tsjin God sûndige hawwe en dy't op 'e Einichste Dei bestraft wurde sille.
Mear ferwizings nei fallen ingels steane yn 'e Iepenbiering fan Jehannes. Sa stiet yn Iepenbiering 12:3-4: "Doe ferskynde [...] in grutte fjoerreade draak [...]. Mei de sturt reage er in trêdepart fan 'e stjerren fan 'e himel, en smiet dy op 'e ierde." Yn Iepenbiering 12:7-9 wurdt dat fierder útlein: "Doe kaam der oarloch yn 'e himel, meidat Michael en syn ingels mei de draak fochten. De draak en syn ingels fochten ek, mar dy koene it net hâlde, en der wie foar harren tenei gjin plak mear yn 'e himel. Delsmiten waard de grutte draak, de âlde slange, dy't duvel en satan neamd wurdt en dy't de hiele wrâld op 'e doele bringt, ja, delsmiten waard er op 'e ierde, en syn ingels waarden tagelyk mei him delsmiten." Nearne yn it Nije Testamint wurde fallene ingels lykslein mei demoanen, mar troch de ferwizings nei Satan, demoanen en ingels te kombinearjen, kamen kristlike teologen neitiid ta de konklúzje dat dy beide termen itselde betsjutten. De haaddemon, dé duvel, waard Satan, dy't yn Iepenbiering dúdlik neamd wurdt as in fallene ingel.