Arp Schnitger (Schmalenfleth (Golzwarden) by Brake (Under-Weser), 1648; doopt op 9 july 1648 yn Golzwarden; begroeven op 28 july 1719 yn Neuenfelde (?)) wie ien fan de meast ferneamde oargelbouwers fan syn tiid. Syn wurkgebiet omfieme Noard-Jeropa, dêr't er wol 100 oargels makke. Njonken syn oargelmakkerij yn Hamburch hied er meiwurkers yn filialen tusken Grins en Berlyn om fan dêr út nije oargels te bouwen of âldere ynstruminten te ferbouwen en te restaurearjen. Likernôch 30 ynstruminten fan Schnitger binne bewarre bleaun.
Foarming Der is net in soad bekend oer de jonkheid en de foarming fan Schnitger. Hy woeks op mei syn bruorren en susters en hat it ambacht fan houtbewurker nei alle gedachten fan syn heit leard (1662-1666). It is wol wis dat er fanôf 1670 yn Glückstadt noardwestlik fan Hamburch as feint de oargelbouwer Berendt Hus (1630-1676) holp, dy't famylje wie. Dêr sil Schnitger yn de jierren 1666–1671 de bou fan oargels leard hawwe. De foltôging yn 1673 fan it oargel foar de St. Cosmae yn Stade, ien fan de wichtichtste barokoargels fan Dútslân, wie de kroan op syn wurk yn dy libbensfaze.
Tige wichtich foar Schnitger wie syn libbenslange freonskip mei de komponist Vincent Lübeck, dy't fan 1674 oant 1702 organist wie yn de St. Cosmae en fan 1702 oant 1740 Schnitger's grutste oargel yn de Hamburger St.-Nikolai-Kirche bespile. Nei de dea fan syn learmaster yn 1676 foltôge Schnitger yn 'e âldens fan 29 jier de nijbou fan it oargel yn de St. Wilhadi yn Stade en liede er op fersyk fan de widdo fan Hus it oargelbedriuw fierder.
Schnitger wie in tige from man. Dat docht bliken út syn brieven en oargelkontrakten. Op guon fan syn oargels en yn in soad dokuminten fan syn hân stiet it Soli Deo Gloria. Schnitger begûn syn skriuwen mei sinnen as: "Yn de namme fan Jezus, amen. - Oan God allinne de eare. Ach God, lit my in earlik libben en sillich stjerren krije". Fan de oargelbouwer binne gjin ôfbylden oerlevere, al komme der oan de oargelgalerij fan it troch Schnitger boude oargel yn Golzwarden panelen foar mei in persoan dy't mooglik op de bouwer fan it oargel tsjutte.
Wurkfjild Schnitger's fakkundigens en keunstsinnigens makke al gau rûnom namme. Ynearsten krige er opdrachten út de omkriten, mar al gau ek út Bremen en Hamburch. Fan 1677 oant 1682 wurke Schnitger yn syn bedriuw yn Stade en boude dêr oan oargels dy't noch by Hus yn opdracht jûn wiene. Dêrnei ferhûze er nei Hamburch en boude dêr fanôf 1681 oan Hamburger tsjerkeoargels. Noch yn itselde jier krige er syn earste grutte opdracht fan de tsjerkeried fan de St.-Nikolai om in oargel mei 67 registers, fjouwer manualen, pedaal en mear as 4000 pipen te bouwen. Dat oargel lei de basis foar de ynternasjonale bekendheid fan Schnitger en wie nei alle gedachten doe it grutste oargel fan 'e wrâld. By in grutte brân yn Hamburch yn 1842 waard it oargel ferneatige. Dêrfoaroer bleau it yn 1689–1693 troch Schnitger ferboude en diels nije oargel fan de Hamburger St. Jacobi bewarre. It hat 60 registers, fjouwer manualen en pedaal en is ien fan de grutste barokoargels dat noch bestiet. Ferneamde komponisten spilen op it oargel, lykas Dieterich Buxtehude, Georg Friedrich Händel en Johann Sebastian Bach.
Alhoewol't Schnitger oan in grut diel fan Jeropa oargels levere, wiene dochs benammen Noard-Dútslân en Nederlân syn wurkfjild:
Noard-Dútslân Fanôf 1691 Nederlân, dêr't Schnitger yn de stêd Grins njonken Stade en Hamburch in tredde bedriuw stifte. Ingelân, 1690 (ien oargel) Ruslân, 1691 (foar Peter de Grutte), 1697 in hûsoargel foar in partikulier. Fierder oargels foar teminsten twa protestantske tsjerken yn Moskou. Denemark (nei alle gedachten), 1693 (ien oargel) Portugal, 1701 en letter (fjouwer oargels) Spanje, nei 1702 (ien oargel)
Wêr't de nei Ingelân, Ruslân, Denemark, en Spanje levere oargels bedarren is net bekend.
Yn 1699 ferlienden de greefskippen Oldenburch en Delmenhorst Schnitger privileezjes foar de oargelbou. De hertogdommem Bremen, Verden en Sleeswyk-Holstein folgen dêrnei. Yn 1708 waard er beneamd ta de keninklike hôfoargelbouwer fan Prusen, in posysje dy't er oant 1714 hold.
Famylje Schnitger troude yn 1684 mei de keapmansdochter Gertrud Otte (1665–1707). Yn 1693 erfde Schnitger de pleats fan syn skoanheit Hans Otte yn Neuenfelde by Hamburch, dêr't er yn 1705 hinne ferhûze en oant syn dea yn 1719 noch in oargelmakkerij hie. Schnitger waard op 28 july 1719 yn de St.-Pankratius yn Neuenfelde njonken de preekstoel yn it famyljegrêf byset.
Schnitger krige mei syn frou seis bern. Alle fjouwer soannen leine harren ta op it berop fan harren heit, mar allinne twa slaggen der yn om ek nei de dea fan harren heit it wurk fuort te setten. Arp Schnitger junior (1686–1712) boude yn 1710 it oargel yn Weener en krige dêr in frou, mar hy ferstoar al twa jier letter yn Hamburch oan de pest. Hans Schnitger (1688–1708) ferdronk doe't er swom yn 'e Elbe. Johann Jürgen (Georg) Schnitger (* 1690) wurke oan ferskate oargelprojekten mei en wurke in pear jier tegearre mei syn broer Franz Caspar Schnitger oan de oargels yn Swol. Nei 1734 is fan him neat werom te finen. Franz Caspar Schnitger (1693–1729) wurke nei de dea fan syn heit yn 1719 yn Nederlân, û.o. yn Meppel, Alkmar en Swol oan de bou fan oargels dy't noch jimmeroan bestean. De âldste dochter Agneta libbe mar sân moanne (1685). Syn jongere dochter Catharina (1697–1736) troude trijeris en wenne oant har dea op de pleats yn Neuenfelde.
Schnitger's earste frou ferstoar yn it jier 1707. In pear jier letter troude Schnitger op 'e nij mei de widdo fan in organist, Anna Elisabeth Koch-Dieckmann út Abbehausen (Nedersaksen).
Dea In ynspannende reis nei Swol yn 'e winter fan 1718-1719, dêr't Schnitger ûnderhannele oer de bou fan in nei oargel, taaste syn sûnens slim oan. Wannear't er krekt ferstoarn is wurdt net dúdlik, mar nei alle gedachten is er net yn Neuenfelde ferstoarn mar yn Itzehoe, dêr't er sûnt 1715 wurke oan de nijbou fan in oargel mei trije manualen en 43 registers. De begraffenis fan Schnitger fûn neffens de tsjerkeregisters fan Neuenfeld op 28 july 1719 plak. Hy waard lykas syn earste frou en in dochter yn it famyljegrêf yn de St. Pankratius fan Neuenfeld byset. Njonken it oargel bleau dêr ek de troch Schnitger boude famyljebank en it troch him beynfloede barokke ynterieur bewarre. It famyljegrêf waard pas yn 1971 wer ûntdutsen. Ta oantinken waard by it grêf in ienfâldige stien yn de flier ynlein.
Wurklist Meiïnoar hat Arp Schnitger likernôch 105 oargels nij boud, Schnitger ferboude 30 ynstruminten en hy fersoarge 30 gruttere reparaasjes. Ungefear 30 oargels binne hjoeddedei noch yn sa'n steat bewarre bleaun, dat it de namme Schnitger-oargel drage mei. Yn Hamburch boude Schnitger 23 oargels, yn Bremen 9, yn it Elbe-Weser-gebiet 23, yn it greefskip Oldenburch 17, yn Magdeburg 7, yn Grins 7 en yn de rest fan Grinslân 10. Bûten Dútslân waarden meiïnoar 30 oargels levere.
Yn de list binne alle nijbou-oargels opnommen wêrfan't de registers of it front fan Arp Schnitger bewarre bleaun binne. Ek opnommen is in kar fan ferlern giene of troch nijbou ferfongen oargels.
De grutte fan de ynstruminten wurdt yn de fyfte kolom troch in tal manualen en yn de sechde kolom troch it tal registers oanjûn. In grutte "P" stiet foar in selsstannich pedaal, in lytse "p" foar in oanhongen pedaal.
De kursive tekst jout oan dat it oargel net mear bestiet of allinne noch it front fan Schnitger stamt. Opus Jier Plak Tsjerke Ofbyld Manualen Registers Orizjineel fan Schnitger 1668–1675/1688 Stade (D) St. Cosmae et Damiani center|160x160px III/P 42 Meiwurking en foltôging oan it oargel fan Berendt Hus; bewarre binne front, prospekt en 35 registers (dêrfan acht foar in part); yn 1972–1975 restaurearre troch Jürgen Ahrend. 1677–1679 Borstel (Jork) (D) St. Nikolai II/P ± 20 Nijbou mei gebrûk fan ferskate 16e iuwske registers; grutte ferbouwings yn 1770-1771 troch Johann Paul Geycke en 1848-1849 troch Philipp Furtwängler; in pedaalregister fan Schnitger bewarre. 1677–1679 Bülkau (D) St. Johannes der Täufer 160x160px I 10 (?) Front en prospekt bewarre bleau; hjoeddedei II/P/22. 1678–1679/1709 Jork (D) St. Matthias 160x160px III/P 35 Fergrutting oargel mei in frij pedaal (1678–1679); front en prospekt (1709) bewarre; hjoeddedei II/P/22. 1680 Hamburch, tsjintwurdich yn Cappel (D) St. Johannis, tsjerke fan it eardere Johanneskleaster center|160x160px II/P 30 Yn 1813 yn Hamburg ôfbrutsen en yn 1816 nei Cappel (Nedersaksen) nei de Petrus en Paulustsjerke ferhûze; front, prospekt (mei orizjinele pipen) en 18 registers fan Schnitger bewarre; noch tsien âlde registers troch Schnitger oernommen; 1976–1977/2009 restaurearre troch Rudolf von Beckerath. 1678–1682 Oederquart (D) St. Johannis 160x160px III/p 28 Ferbouwing en fergrutting troch Hans Christoph Fritzsche (1652); front en orizjinele prospektpipen bewarre; 2013-2017 rekonstruksje troch Rowan West. 1682–1683 Lüdingworth (D) St. Jacobikirche 160x160px III/P 35 Grutte útwreiding en ferbouwing fan it oargel fan Antonius Wilde (1597-1598); likernôch de helte fan alle registers troch Schnitger oernommen; front, prospekt en 14 registers fan Schnitger hielendal of foar in part bewarre; 1981-1982 restauraasje troch Jürgen Ahrend. 1684 Elmshorn (D) Nicolaikirche 160x160px II/P 23 Foltôging fan de nijbou fan Joachim Richborn († 1684), wêrfan't it front bewarre bleaun is; tsjintwurdich III/P/33. 1686 Hamburch-Bergstedt (D) Bergstedter Kirche 160x160px I 8 Oargelposityf; kast en twa oant trije registers fan Schnitger bewarre. 1686 Hamburch-Altona (tsjintwurdich yn Blankenhagen) Dorfkirche Blankenhagen center|160x160px II/p 12 Yn 1833 ferhûze nei de doarpstsjerke fan Blankenhagen yn Meklenburch-Foarpommeren; kast en fjouwer oant fiif registers fan Schnitger bewarre; yn 2003 restaurearre troch Alexander Schuke. 1682-1687 Hamburch (D) St. Nicolai IV/P 67 By de grutte brân yn 1842 yn Hamburch ferlern gien. 1685–1687 Steinkirchen (D) St. Nicolai et Martini center|160x160px II/P 28 Kast, prospekt, 18 registers (wêrfan't seis hielendal of foar in part oernommen) en seis oare registers foar in part bewarre; 1947-1948 en 1987-1991 restaurearre troch Rudolf von Beckerath. 1683–1688 Hamburch-Neuenfelde (D) St. Pankratius 160x160px II/P 34 Kast, prospekt, 18 registers bewarre, restauraasje 2015-2017 troch de Orgelwerkstatt Wegschneider. 1688 Mittelnkirchen (D) St. Bartholomäus center|160x160px II/p 21 Seis oant acht registers fan Schnitger bewarre bleaun; tsjintwurdich II/P/30; restaurearre troch Bartelt Immer. 1688–90 Hollern (D) St. Mauritius 160x160px II/P 24 Kast, prospekt en 13 registers hielendal of foar in part bewarre; yn 2010-2011 restaurearre troch Hendrik Ahrend. 1686–1688/1691–1692 Norden (D) St. Ludgeri center|160x160px III/P (IV/P) 46 Kast, 13 registers fan Schnitger bewarre, 8 âlde registers troch Schnitger oernommen; 1981-1985 restauraasje troch Jürgen Ahrend. 1691–92Grins Martinytsjerke center|160x160px III/P 39 Pedaalkast, prospekt, seis registers bewarre, oare âlde registers troch Schnitger oernommen; tsjintwurdich III/P/52, yn 1976-1977 en 1983-1984 restaurearre troch Jürgen Ahrend. 1689–1693 Hamburch (D) St. Jacobi center|160x160px IV/P 60 43 registers hielendal of foar in part bewarre; ferskate âlde registers troch Schnitger oernommen; restauraasje yn 1990-1993 troch Jürgen Ahrend. 1693 Grins Pelstergasthuiskerk center|160x160px II/p 20 Kast en twa registers hielendal en sân foar in part bewarre; restauraasje yn 1989-1990 troch Bakker & Timmenga. Eutin (D) Slotkapel fan it Eutiner Schloss 160px II/P 23 Kast bewarre; tsjintwurdich I/9 1693–1694 Hamburch (tsjintwurdich yn Grasberg) (D) Weeshûs center|160x160px II/P 21 Oargel ferhûze yn 1788 nei de protestantske tsjerke fan Grasberg; kast en 14 registers bewarre; restauraasje 1980-1985 troch de bruorren Hillebrand. 1694 Hamburch (tsjintwurdich yn Deyelsdorf) (D) Oarspronklik hûsoargel foar de teoloog Johann Friedrich Mayer;