For a Few Dollars More (Italjaansk: Per Qualche Dollaro in Più) is in Italjaansk-Westdútsk-Spaanske westernfilm út 1965 ûnder rezjy fan Sergio Leone. De titel betsjut: "Foar in Pear Dollars Mear". It is in spagettywestern, dy't ek ta it subsjenre fan 'e refizjonistyske western heart. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood en Lee Van Cleef as twa preemjejagers yn it Wylde Westen, dy't besykje in bindelieder, spile troch Gian Maria Volontè, te fluch ôf te wêzen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. For a Few Dollars More wie it resultaat fan 'e twadde kear dat Leone, Eastwood en Morricone gearwurken, nei A Fistful of Dollars, út 1964. Dy beide films waarden letter mei weromwurkjende krêft ûnder de Dollars Trilogy beflapt, dêr't ek The Good, the Bad and the Ugly ta rekkene wurdt. Hoewol't For a Few Dollars More yn 'e Feriene Steaten oarspronklik mei lauwe reäksjes ûntfongen waard, wurdt de film tsjintwurdich, krekt as de oare beide dielen fan 'e Dollars Trilogy, rûnom beskôge as ien fan 'e bêste westerns út 'e filmskiednis.

Plot Yn For a Few Dollars More wurde de 'Man sûnder Namme', dy't yn dizze film de bynamme 'Manco' brûkt, en kolonel Douglas Mortimer apart faninoar yntrodusearre as twa preemjejagers dy't yn it Wylde Westen op sochte kriminelen jeie en harren deasjitte om dêrnei by de autoriteiten de beleanning te ynkassearjen dy't foar sokken útlove is. Underwilens brekt in binde banditen yn in finzenis yn om harren lieder, de fernimstige, mar ek ûnmeilydsume en psychoatyske 'El Indio' te befrijen. Dêrby wurde de finzenisdirekteur en it meastepart fan 'e sipiers út 'e ljochten holpen. As it nijs fan 'e ûntsnapping fan El Indio bekend wurdt, hawwe sawol de Man sûnder Namme as kolonel Mortimer belangstelling foar de grutte priis dy't him op 'e holle set is.

El Indio hat in bûshorloazje dat muzyk spilet as er it iependocht. As er meidocht oan in duël, leit er it horloazje iepen del, en it ophâlden fan 'e muzyk is dan it teken dat hy en syn tsjinstanner harren revolvers lûke moatte. Yn flashbacks wurdt werjûn dat El Indio it horloazje stellen hat fan in jonge frou, dy't er op bêd oantrof mei har man. Hy fermoarde har man en ferkrêfte har, mar wylst er mei har dwaande wie, skeat se harsels dea. Har foto sit oan 'e binnenkant fan it iepenslaande klepke fan it horloazje. Dat ynsidint efterfolget El Indio, en hy smookt in ferslaavjende drug om syn oantins deroan te ferdizenjen. Mortimer neamt El Indio "in folsleine gek", mar letter jout er ta dat de bindelieder "gjin suffert" is.

El Indio makket plannen om 'e bank fan El Paso te berôvjen. Dy hat in klûs dy't derút sjocht as in gewoane kast (mei't der in houten omklaaisel omhinne makke is), dêr't neffens El Indio "hast in miljoen dollar" yn sit. De Man sûnder Namme arrivearret yn El Paso en wurdt him bewust fan Mortimer, dy't dêr al omhinget. Hy sjocht hoe't Mortimer mei sin de bochel Wild mislediget, dy't foar El Indio de bank oan it ferkennen is. De Man sûnder Namme giet de konfrontaasje mei Mortimer oan om dyselde ôf te skrikken, sadat er de priis dy't op 'e holle fan El Indio set is, foar himsels hâlde kin. Al rillegau wurdt lykwols dúdlik dat se net ien fan beiden opjaan wolle, dat dan beslute mar om gear te wurkjen. Mortimer bepraat de Man sûnder Namme om him by de binde fan El Indio te jaan, sadat se de bandyt fan binnenút en fan bûtenôf te pakken nimme kinne. De Man sûnder Namme rêdt it op om yn 'e binde opnommen te wurden troch in freon fan El Indio út it tichthús te befrijen.

El Indio stjoert dêrop de Man sûnder Namme en trije oare bindeleden nei Santa Cruz, mei de opdracht om dêr de bank te berôvjen sadat de sheriff fan El Paso dêrhinne lokke wurdt. De Man sûnder Namme sjit lykwols ûnderweis syn trije selskipslju dea en kringt yn Santa Cruz it tillegraafkantoar binnen, dêr't er de tillegrafist twingt om in falsk berjocht nei El Paso te stjoeren dat de bank yn Santa Cruz berôve wurdt. Dêrnei fernielt er de tillegraafline, sadat der gjin oare berjochten mear ferstjoerd wurde kinne. Wylst de sheriff fan El Paso mei in posse útriidt nei Santa Cruz, keart de Man sûnder Namme werom nei El Paso, dêr't hy en Mortimer tasjogge hoe't El Indio en syn binde mei dynamyt in gat yn 'e muorre fan 'e bank blaze en de mei hout omklaaide klûs stelle. As de Man sûnder Namme him neitiid allinnich wer by de binde jout, wekket dat by de oare bindeleden wranteligens op, mar El Indio akseptearret syn útlis dat de oare trije mannen by de bankberôving yn Santa Cruz omkommen binne.

Neitiid lûkt de binde him werom yn it lytse grinsstedsje Agua Caliente. Mortimer, dy't El Indio in stap foar is, befynt him dêr al as de binde arrivearret. Wild ken him wer, sadat de moeting op in sjitpartij útrint wêrby't Mortimer Wild deadet. It docht bliken dat de binde net by steat is om 'e klûs iepen te krijen. Der is praat fan om der dynamyt foar yn te setten, dat lykwols grif in grut diel fan it jild yn 'e klûs ferneatigje soe. Dan biedt Mortimer syn tsjinsten oan en hy wit de klûs sûnder eksplosiven te iepenjen. Neitiid beslist El Indio dat de binde him in moanne lang yn Agua Caliente beskûl hâlde moat, sadat it grutste trelit om 'e bankberôving wat belune wêze sil. Pas dêrnei sil er de bút ferdiele. It jild berget er yn 'e tuskentiid op yn in ôfsletten kiste.

Nachts brekke de Man sûnder Namme en Mortimer de kiste iepen en ferbergje it jild op in oar plak, mar fuort dêrnei wurde se trappearre. Neitiid wurde se troch de bindeleden oerenlang yninoar slein. Mortimer is it lykwols slagge en doch de kiste wer op 't slot, dat El Indio mient dat se him net iepen krije kinnen hawwe. Letter dy nachts befrijt Niño, El Indio syn ûnderbefelhawwer, op befel fan El Indio de beide finzenen, wêrby't er it bindelid dat de wacht oer harren hâldt, deadet mei in mês. El Indio lit it letter lykje as hat in oare bindelid, Chuchillo, de finzenen befrijd, wêrnei't er Chuchillo deasjit. Dêrop stjoert er de oare bindeleden efter de Man sûnder Namme en Mortimer oan, yn 'e hope dat se inoar allegear deadzje sille, wylst hy en Niño útnaaie mei de hiele bút. Ien fan 'e bindeleden, Groggy, beseft hokfoar smoarch spultsje oft El Indio spilet, en sjit Niño dea. As er dêrnei El Indio twingt om 'e jildkiste te iepenjen, blykt dy leech te wêzen.

As it moarn wurdt, hâlde Mortimer en de Man sûnder Namme har noch altyd beskûl yn Agua Caliente. Mortimer freget syn maat om El Indio oan him oer te litten. Neitiid romje se de bindeleden ien foar ien út 'e wei. Mortimer, dy't skynber lykme-allinne is, sjit Groggy as lêste dea, wylst de man op in oar plak dekking siket. Dêrop wurdt de revolver him lykwols út 'e hannen sketten troch El Indio, dy't ûnderwilens ta it besef kommen is wa't Mortimer is. Hy iepenet syn bûshorloazje en lit de muzyk spylje, en daget de ûntwapene Mortimer út om te besykjen en deadzje him as de muzyk ophâldt. Op it stuit dat de muzyk ophâldt, begjint lykwols yn in doarsgat in identyk deuntsje út in oar bûshorloazje te spyljen, dat de Man sûnder Namme yn 'e iene hân hâldt, wylst er yn 'e oare in gewear hat dat op El Indio rjochte is. Mortimer grypt nei syn festbûse en beseft dat de Man sûnder Namme him syn horloazje ôfnommen hat sûnder dat er it murken hat. De Man sûnder Namme jout dan oan Mortimer syn eigen revolver en seit tsjin El Indio: "No begjinne we." De muzyk spilet út en Mortimer en El Indio gripe nei harren revolvers. Mortimer is flugger en sjit de bindelieder dea.

Neitiid pakt Mortimer it bûshorloazje fan El Indio op. De Man sûnder Namme, dy't oan 'e binnenkant fan it klepke fan Mortimer syn horloazje in foto fan in folle jongere Mortimer bewûnderet, merkt de likenis tusken de jonge Mortimer en de frou op 'e foto yn it horloazje fan El Indio op. Mortimer befêstiget dat sa'n likenis net mear as normaal is, tusken broer en suster. No't er einlings en te'n lêsten wraak nommen hat, slacht Mortimer syn diel fan 'e preemje ôf en riidt fuort. De Man sûnder Namme loeget de liken fan El Indio en syn mannen op in wein, hellet it ferburgen jild fan 'e bankberôving foar it ljocht, en set ôf om in fermogen oan preemjes te ynkassearjen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise de 'Man sûnder Namme' (of Manco) Clint Eastwood kolonel Douglas Mortimer Lee Van Cleef El Indio Gian Maria Volontè

byrollen personaazje akteur/aktrise Niño Mario Brega Groggy Luigi Pistilli Chuchillo Aldo Sambrell Wild Klaus Kinski Hughie Benito Stefanelli Sancho Pérez Panos Papadopoulos slachtoffer fan El Indio(de oarspronklike eigneresse fan syn bûshorloazje) Rosemary Dexter

Produksje Nei it grutte súkses yn 'e Italjaanske bioskopen fan A Fistful of Dollars, woene regisseur Sergio Leone en syn nije produsint, Alberto Grimaldi, gau-gau oan 'e gong mei in soartgelikense film, dy't min ofte mear in ferfolch wurde moast. Dêrfoar hiene se ferlet fan 'e meiwurking fan 'e Amerikaanske akteur Clint Eastwood, dy't yn A Fistful of Dollars de haadrol fan 'e 'Man sûnder Namme' spile hie. Eastwood, lykwols, wie net samar ree om himsels fêst te lizzen foar in twadde film wylst er de earste noch net iens sjoen hie. Leone-en-dy hastigen har doe om 'e Italjaansktalige ferzje fan A Fistful of Dollars (de Ingelsktalige ferzje moast noch makke wurde) nei de Feriene Steaten te stjoeren.

Eastwood nûge in groep freonen fan sines út foar in besletten fertoaning yn it CBS Production Center yn Los Angeles, en om't er sels gjin idee hie hoe't de film derút kommen wie te sjen, besocht er de ferwachtings sa leech mooglik te hâlden. It waard lykwols al rillegau dúdlik dat syn soargen sûnder grûn west hiene. It publyk ferstie dan wol gjin Italjaansk, mar allinnich al op it mêd fan styl en aksje spriek de film boekdielen. Fuort nei ôfrin skille er Leone syn fertsjintwurdiger op om te sizzen dat er wol yn in twadde film spylje woe. Charles Bronson, lykwols, dy't ek in rol yn A Fistful of Dollars ôfwiisd hie, wegere op 'e nij in rol yn For a Few Dollars More. Neffens him wie it senario like min skreaun as dat fan 'e earste film. Ynstee waard doe foar de rol fan kolonel Mortimer de akteur Lee Van Cleef oanlutsen, foar wa't For a Few Dollars More syn grutte trochbraak betsjutte. Eastwood krige foar syn rol in salaris fan $50.000, wylst Van Cleef $17.000 fertsjinne.

It ferhaal fan For a Few Dollars More waard betocht troch Leone, Fulvio Morsella, Enzo dell'Aquila en Fernando di Leo, fan wa't de lêste beide net op 'e ôftiteling fan 'e film neamd wurde. Senarioskriuwer Luciane Vincenzoni skreau it skript yn njoggen dagen, mar Leone wie net ûnferdield gelokkich mei it resultaat fan dat flugge wurk. Earst gied er der sels oer gear, wêrnei't er letter ek Sergio Donati noch as senarioskriuwer ynsette, hoewol't dy lêste net op 'e ôftiteling fan 'e film fermeld stiet. De Ingelsktalige ferzje fan it senario waard letter troch Luciano Vincenzoni makke op basis fan 'e úteinlike Italjaansktalige ferzje. De produsint wie Alberto Grimaldi foar de filmstudio's Produzioni Europee Associati (PEA), Arturo González Producciones Cinematográficas (AGPC) en Contantin Film. De film wie dêrmei in Italjaansk-Spaansk-Westdútske ko-produksje. De kamerarezjy wie, krekt as by A Fistful of Dollars, yn 'e hannen fan Massimo Dallamano, en de filmmuzyk waard fersoarge troch komponist Ennio Morricone, dy't ek oan A Fistful of Dollars meiwurke hie. PEA die de filmdistribúsje yn Itaalje, wylst United Artists (UA) de film letter yn 'e Feriene Steaten distribuëarre.