260px|thumb|Sicht op Ossensyl OssensylKaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven. (Nederlânsk, offisjeel: Ossenzijl, Nedersaksysk: Ossenziel) is in doarp yn de gemeente Stienwikerlân yn de Nederlânske provinsje Oerisel.
Ossensyl hat ynwenners ().
Skiednis It doarp krige syn namme mooglik troch de famylje Osse, dy't yn de 15e iuw in slûs (syl) yn in sydfeart fan de Linde oanlizze liet. De slûs dy't it wetter fan de Linde mei it boezemwetter fan it Lân fan Follenhove ferbûn, wurdt sûnt 1930 net mear brûkt. In oare ferklearring is fan Hendrikus Kooij (1822-1921), in gemeente-amtner. Hy oppenearre dat de namme fan de wetternamme Oyensgrope, dy't yn in tekst fan 25 maaie 1313 neamd waard, en dy wer fan de persoanenamme Oede, Oes, Hotse komt. Ossensyl kin in ferbastering fan Oedsesile wêze.
Op it plak stie ynearsten allinnich de slûs en letter ûntstie dêr in buorskip omhinne. Ossensyl waard nei de Twadde Wrâldkriich mei in wenwyk westlik fan it farwetter nei Kalenberg.
Toerisme Ossensyl leit oan de Kalenbergergrêft, dy't de Weerribben en Kalenberg middels de Linde mei de Fryske marren ferbynt. It wetter wurdt benammen brûkt troch boatsjeminsken. Benammen simmerdeis lûkt Ossensyl in soad toeristen dy't in dei nei Nasjonaal Park Weerribben-Wieden geane. Ossensyl leit yn it natoergebiet De Weerribben. Dit gebiet is al ris keazen as moaiste plak fan Nederlân.
Yn de Weerribben stiet in lytse tsjasker.
Mienskip It Pleatslik Belang behertiget de belangen fan it doarp. It doarpshûs De Slinger is it doarpshûs en moetingsplak fan in soad ferienings fan it doarp.
Religy Yn Ossensyl steane twa tsjerken. Dy fan de eardere PKN-gemeente wurdt brûkt as atelier troch byldzjend keunstner Ilja Walraven, en troch in Vrije Zendings Gemeente.
Underwiis Berne-opfangsintrum en basisskoalle Eben Haëzer
Ferienings Roeiferiening RAP De Breierij Hearefoljebal Ossensyl Tonielferiening Ossensyl Stifting Geitefol Ossensyl Iisklup Opnieuw Verenigd
Keppeling om utens Hiemside fan Ossensyl
Kategory:Plak yn Stienwikerlân