De Middellânske See leit tusken Súd-Jeropa, West-Aazje en Noard-Afrika. It gebiet is 3860 km lang en hat in trochsneed breedte fan 600 km, de trochsneed djipte fan de see is likernôch 1500 m. It oerflak fan de see is om-ende-by 2 miljoen km².
Geografy De Middellânske See foarmet de grins tusken Jeropa en Afrika en foar in part ek dy tusken Jeropa en Aazje. It is fia de Strjitte fan Gibraltar (tusken Spanje en Marokko) ferbûn mei de Atlantyske Oseaan en fia de Bosporus mei de Swarte See, dy't neffens guon betinkens (mar net neffens it deistich spraakgebrûk) ek ta de Middellânske See heart. De ferbining mei de Reade See is in keunstmjittige en ferrint fia it Suezkanaal yn Egypte.
De Middellânske See kin opdield wurde yn in Westlik Bekken en in Eastlik Bekken. De grins wurdt ornaris lein by it eilân Sisylje, dat mei de tean fan 'e Lears fan Itaalje en de noardwestkust fan Tuneezje in natuerlike fersmelling fan 'e see foarmet. Ta de Middellânske See hearre ferskate lytsere seeën, mei dêrûnder yn it Westlik Bekken de Alboransee, de Baleaarske See, de See fan Sardynje, de Ligueryske See en de Tyrreenske See, en yn it Eastlik Bekken de Adriatyske See, de Ioanyske See, de Golf fan Sirte, de Libyske See, de Levantynske See en de Egeyske See, wêrfan't dy lêste sels wer de Kretinzyske See, de Ikaryske See, de Myrtoaanske See en de Trasyske See omfiemet.
Eilannen De wichtichste eilannen dy't yn de Middellânske See lizze, binne: yn it westen: de Baleären mei Majorka, Minorka, Ibytsa en Formenteara. sintraal: Korsika, Sardynje, Sisylje, Malta en Djerba yn it easten: Kreta, Roados en Syprus
Lannen Lannen en territoaria dy’t oan de Middellânske See grinzgje, binne: yn it noardwesten en noarden: Spanje, Gibraltar, Frankryk, Monako, Itaalje, Sloveenje, Kroaasje, Bosnje-Hertsegovina, Montenegro, Albaanje, Grikelân en Turkije in it easten: Syrje, Libanon, Israel en Palestina (de Gazastripe) oan de súdside: Egypte, Lybje, Tuneezje, Algerije en Marokko eilânsteaten: Malta en Syprus (en it net algemien erkende Noard-Syprus)
Rivieren De Nyl is fierwei de grutste rivier dyt útmûnet yn de Middellânske See. Alle oare grutte rivieren (langer as 400 kilometer) dy´t yn de Middellânske See útmûnje, ûntspringe yn Jeropa. Fan west nei east binne dat: de Ebro, de Rhône, de Tiber, de Po, de Adige (Etsch) en de Maritsa (Evros).
Middellânske Seeklimaat It Middellânske Seeklimaat wurd ek wol Mediterraansk klimaat neamd. De term Middellânske Seeklimaat ferwiist nei it klimaat yn lannen rûn de Middellânske See. De grutte, relatyf waarme, wettermassa is fan grutte ynfloed op de lannen om de Middellânske See. De noardlik lizzende lannen binne dêrtroch relatyf waarm, de súdlike lannen relatyf koel. De simmers binne waarm en de winters, wêryn't de measte rein falt, binne sêft. It Mediterraansk klimaat makket ûnderdiel út fan it subtropyske klimaatgebiet.
Kategory:Binnensee Kategory:Rânesee fan de Atlantyske Oseaan Kategory:See yn Aazje Kategory:See yn Afrika Kategory:See yn Jeropa Kategory:Wetter yn Albaanje Kategory:Wetter yn Algerije Kategory:Wetter yn Bosnje Kategory:Wetter yn Egypte Kategory:Wetter yn Frankryk Kategory:Wetter yn Gibraltar Kategory:Wetter yn Grikelân Kategory:Wetter yn Israel Kategory:Wetter yn Itaalje Kategory:Wetter yn Kroaasje Kategory:Wetter yn Libanon Kategory:Wetter yn Lybje Kategory:Wetter yn Malta Kategory:Wetter yn Marokko Kategory:Wetter yn Monako Kategory:Wetter yn Montenegro Kategory:Wetter yn Palestina Kategory:Wetter yn Syprus Kategory:Wetter yn Syrje Kategory:Wetter yn Sloveenje Kategory:Wetter yn Spanje Kategory:Wetter yn Tuneezje Kategory:Wetter yn Turkije