thumb|276px|De sân wrâldswûnders (fan lofts nei rjochts, boppe nei ûnder): Piramide fan Cheops, Hingjende tunen fan Babylon, Timpel fan Artemis, Byld fan Seus op Olympia, Mausoleum fan Halicarnassus, Kolossus fan Rhodos en de Pharos fan Aleksandrje De Sân Wrâldswûnders is in begryp dêr't meastentiids in list fan sân bysûndere bouwurken út de Klassike Aldheid mei bedoeld wurdt. Letter binne der ek oare listen makke, bygelyks dy fan de moderne wrâldswûnders en kin it ek dêr op slaan.
Sân antike wrâldswûnders Dizze sân wûnders fan de wrâld binne oanwiisd troch ferskillende skriuwers, lykas Philan fan Byzantium, Antipatros fan Sidon. Foar de Griken hie it nûmer sân in magyske betsjutting. Hja koene sân planeten beneame, sân kleuren, sân wurkdagen, sân wittenskippen. Dochs is de list fan de Sân Wrâldswûnders net ûntstien op it hichtepunt fan de Grykske beskaving, mar earst yn de Midsiuwen gearstald. Alle sân wrâldswûnders steane lykwols yn it part fan de wrâld dat de Griken sjoen hawwe koenen, binnen de ferovere grinzen fan it ryk fan Aleksander de Grutte. Dochs binne twa wûnders net troch de Griken boud. Dit binne de hingjende tunen fan Babylon en de Piramide fan Cheops.
Piramide fan Cheops Kolossus fan Rhodos Hingjende tunen fan Babylon Mausoleum fan Halicarnassus Pharos fan Alexandrje Byld fan Seus op Olympia Timpel fan Artemis yn Efeze
De piramide fan Cheops is de ienichste fan alle klassike wrâldswûnders oer.
Sân Prehistoaryske, Romeinske en Midsiuwske wrâldswûnders Stonehenge It Kolosseum De katakomben fan Kom el Shoqafa De Sineeske Muorre De De Porsleinen toer fan Nanjing De Hagia Sofia De Toer fan Pisa
De natuerlike wrâldswûnders De Mount Everest It Grut Barriêrerif De Grand Canyon De Niagara Wetterfallen De Victoria Wetterfallen De fulkaan Paricutin It Poalljocht De Angel Wetterfal
Sân ûnderwetter wrâldswûnders Palau It Belize Barriêrerif De Galápagoseilannen De Reade See De Baikalmar It Grut Barriêrerif Underwetter-fulkanen
Moderne Wrâldswûnders Taj Mahal (Yndia ) Sineeske Muorre (Sina) De bylden fan Peaske-eilân Sydney Opera House (Austraalje) Katedraal fan Chartres (Frankryk) Borobudur (Yndoneezje) Hagia Sophia Istanbûl (Turkije) Angkor Wat (Kambodja) Petra yn (Jordaanje ) Machu Picchu (Perû ) Itaipúdam (Paraguay )
Kategory:Bouwurk Kategory:Aldheid