Ragnagar (480 - 509) wie in foarst (kening of hartoch) fan de Salyske Franken. Hy hie syn residinsje yn Kameryk en wie famylje fan Klovis. Der binne ek twa broers fan him bekend, Ricchar en Rignomer.
Skiednis Ragnagar hearste fanut Kameryk oer in part fan de Romeinske provinsje Belgica in Noard-Galje. Mei Klovis loek Ragnagar oan it haad fan de Salyske Franken op tsjin it Gallo-Romeinske Ryk fan Syagrius. By Soissons fersloegen sy yn 486 tegearre de Romeinen, wêrtroch hiel Noard-Galje oant de rivier de Loire yn Frankyske hannen kaam.
Nei de oerwinning op de Fisigoaten yn 507 kearde Klovis him tsjin Ragnagar. Likernôch waard Ragnagar yn 509 ferslein en dea makke. Syn grûngebiet waard tafoege oan it Frankyske Ryk fan Klovis.
Boarne Gregorius fan Toers
Literatuer Edward James, De Franken, Baarn, 1988, s. 100.
Kategory:Kening fan de Franken Kategory:Merovingen Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn 480 Kategory:Persoan stoarn yn 509