De bûnte gril of bûnte grilk (Calidris alpina) is in fûgelsoart út de famylje fan de Snipfûgels.
Foarkommen De bûnte gril is in 17 oant 21 sm grutte fûgel, likernôch sa grut as in protter. De fûgel hat in wjukspanwiidte fan 32 oant 36 sm en waacht sa'n 40-60 gram. Hy kin 24 jier âld wurde. De bûnte gril hat in ûnopfallende brúngrize tekening. By winterdeis binne de fearren ljocht fan kleur. Yn de briedtiid wurde de fearren op de rêch roastbrún mei donkere flekken, ek hat de fûgel dan in swarte búkflek. De bûnte gril hat swarte poaten en in donkere snaffel dy't oan it útein in bytsje nei ûnder bûgd is.
Fersprieding De bûnte gril syn briedgebiet leit meast op de arktyske toendra's, yn lytser tal briede se ek wol súdliker. It binne echte trekfûgels dy't somtiden grutte ôfstannen ôflizze om te oerwinterjen, dit hinget wol fan harren briedgebiet ôf. De fûgels dy't op de Sibearyske toendra's briede en fan Grienlân en Yslân oerwinterje meast oan de westkust fan Afrika. Dizze fûgels binne ûnder it trekken yn it foar- en neijier faak yn grutte kloften te sjen op it waad dat healwei op de rûte nei it oerwinteringsgebiets leit. De fûgels dy't yn East-Aazje briede, oerwinterje faak yn Súdeast-aazje. De bûnte grillen dy't yn Noard-Amearika briede hawwe meast net sa'n grutte ôfstân ôf te lizzen mar briede wat súdliker oan de Atlantyske kust of de kust fan de Stille Oseaan.
Iten De bûnte gril yt it meast ynsekten. Yn it briedgebiet yt er fierder spinnen, slakken en wjirms. Bûten de briedtiid hâld de bûnte gril him meast op oan de kust. Hjir yt de fûgel lytse dierkes dy't yn it slyk te finen binne lykas skulpdieren, lytse kreeften en wjirms.
Fuortplanting De bûnte gril briedt yn in kûltsje op de grûn. Troch syn ûnopfallende kleur is de fûgel op it nêst net maklik te sjen. It wyfke leit 4 brún flekte aaien dy't troch beide âlden yn trije wike útbret wurde. De jongen bliuwe ek noch in trije wiken by de âlden foardat se harren sels rêde.
Sjoch ek List fan fûgels
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân