Marinus Laurens van de Woestijne Voerman (Zierikzee, 25 oktober 1810 – Lochem, 5 oktober 1882) wie in Nederlânsk politikus.

Hy wie flankeur by de frijwillige flankeurskompanjy Grinzer en Frjentsjerter Studinten en wie earelid fan de ôfdieling Snits fan de Feriening Het Metalen Kruis. Hy die as Jouster mei oan de Tsiendeiske Fjildtocht.Friezen yn de Tsiendeiske Fjildtocht

Van de Woestijne Voerman troude yn 1852 mei Jacoba Geertruida Slothouwer (1806-1882) út Ljouwert.Argyf Sutfen

Fan 1852-1858 boargemaster fan Doanjewerstâl en fan 1857 - 1871 boargemaster fan Haskerlân. Yn syn tiid as boargemaster ferkocht syn gemeente Haskerlân stikken grûn en wetter by de Hearesleat oan Anjewier foar de oanlis fan it treinstasjon op It Hearrenfean.Steatsblêd 1870Wurkgroep Ald Hearrenfean Fan 1 july 1856 - 4 july 1871 wie hy lid fan Provinsjale Steaten foar de stêd Snits.

Sjoch ek List fan boargemasters fan Doanjewerstâl List fan boargemasters fan Haskerlân

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Boargemaster fan Baarderadiel Kategory:Boargemaster fan Haskerlân Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1810 Kategory:Persoan stoarn yn 1882