Georg Frederik baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Bitgum, 1 oktober 1791 - dêre, 17 desimber 1868) wie grytman fan Menameradiel.
Georg Frederik wie de âldste soan fan Georg Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1766-1808) en Sophia Elisabeth grevinne D'Aumale (1735-1807). Hy kaam út it laach Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg en troude yn 1812 mei baronesse Henriëtta Wilhelmina Rengers en krige Grut Terherne yn besit. Ut it houlik kamen acht bern.
George Frederik waard yn 1814 maire, dêrnei yn 1816 grytman en sûnt 1851 oant 1858 boargemaster fan Menameradiel. Tagelyk wie hy Steatelid en ôffurdige fan it Ridderskip en keamerhear fan de Kening yn bûtengewoane tsjinst. Repertorium fan Amtsdragers en Amtners
Sjoch ek List fan boargemasters fan Menameradiel Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Menameradiel Kategory:Boargemaster fan Menameradiel Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1791 Kategory:Persoan stoarn yn 1868 Kategory:Persoan stoarn yn Bitgum Kategory:Persoan berne yn Bitgum