thumb|Georg Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg Georg Wolfgang Carel Duco baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Ljouwert, 26 jannewaris 1766 - Bitgum, 23 desimber 1808) wie grytman fan Menameradiel en folmacht op de Lândei.

Georg Wolfgang Carel Duco wie it ienigst oerbleaune bern fan syn âlden Georg Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1733-1783) en Sophia Elisabeth grevinne D'aumale (1735-1807). Hy wenne mei syn frou Juliana Agatha op Grut Terherne ûnder Bitgum en folge syn heit yn 1783 as santjinjierrige op as grytman fan Menameradiel. Op syn tweintichste kaam hy yn de Fryske Steaten. Yn 1790 is hy mei syn efternicht baronesse Julia Agatha thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1772-1843) boaske en hja krigen 11 bern.

Sjoch ek List fan boargemasters fan Menameradiel Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Menameradiel Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1766 Kategory:Persoan stoarn yn 1808 Kategory:Persoan stoarn yn Bitgum Kategory:Persoan berne yn Ljouwert