In Japanske namme is de namme fan persoanen yn Japan en fan lju fan etnysk Japansk komôf om utens. Oant fier yn 'e njoggentjinde iuw hiene de measte Japanners allinne mar in foarnamme. Pas nei de Meiji-restauraasje fan 1868 waarden troch it sljochtwei folk ek famyljenammen oannommen. Tsjintwurdich bestiet de Japanske namme yn 'e regel út ien famyljenamme en ien foarnamme, wêrby't de famyljenamme nei Eastaziatysk gebrûk foàr de foarnamme pleatst wurdt. Oars as bygelyks Sinezen, dy't frijwol altyd oan dy nammefolchoarder fêsthâlde, passe Japanners yn it bûtenlân (of yn kommunikaasje mei it bûtenlân) harren namme oan 'e Westerske nammefolchoarder oan, sadat dan de foarnamme foàr de famyljenamme komt te stean. Dat wurdt dien om misferstannen foar te kommen. In bekende Japanse as Yoko Ono (sa't se yn it Westen bekend stiet), hjit dus yn korrekt Japansk eins Ono Yoko.
Skiednis Lange tiid hiene de measte ynwenners fan Japan mar ien namme: de foarnamme. Inkeld kuge (eallju) en samoerai (krigers) hiene in famyljenamme. Yn 'e Aldheid fan Japan waarden alle ynwenners fan it lân beskôge as besit fan 'e keizer en sadwaande wjergalmen de famyljenammen dy't de foaroansteande geslachten hiene, faak harren rol yn it regear. Sa kaam bgl. de Ōtomo-clan oan syn namme (大友), dy't "grutte hôveling" betsjut. De keizer kende doedestiden ek famyljenammen ta by wize fan erkenning fan grutte prestaasjes.
Yn it feodale Japan (dat oant de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw fuortbestie) joegen nammen de maatskiplike status oan (dus oft men keizer, ealman, kriger, wittenskipper, keapman, boer of slaaf wie), mar faak ek jins bân mei it boedisme of sjintoïsme. De ierste foarm fan 'e Japanske famyljenamme wie de clannamme, dy't faak mei it tuskenheaksel no skreaun waard, dat "fan" betsjut. Dat is ferlykber mei aadlike von yn Dútske nammen, hoewol't de bân yn sokke Japanske clannammen de oare kant út wies. Sa wie Minamoto no Yoritomo (源 頼朝) dus Yoritomo (頼朝) fan 'e Minamoto-clan (源), wylst Fujiwara no Kamatari (藤原 鎌足) Kamatari (鎌足) fan 'e Fujiwara-clan (藤原) wie. Sa't men by dizze nammen sjen kin, is de tafoeging no yn it Japansk ymplisyt: it wurdt wol útsprutsen, mar net skreaun.
It sljochtwei folk krige pas nei de Meiji-restauraasje fan 1868 famyljenammen. Foartiid foegen se, as dêr ferlet fan wie, de namme fan harren wenplak, harren berop of in patronym oan 'e foarnamme ta. In Ichirō dy't berne wie yn it doarp Asahi (Asahi-mura) yn 'e provinsje Musashi, koe himsels bgl. identifisearje as "Ichiro út Asahi-mura fan Musashi". Keaplju neamden harsels gauris nei harren winkels of merknammen. Sa koe in Denbei, de eigner fan Sagamiya, himsels "Sagamiya Denbei" neame. En boeren ferwiisden ornaris nei harren heit, lykas by in Isuke, soan fan Genbei".
Nei de Meiji-restauraasje besleat de Japanske oerheid yn it ramt fan in grutskalige modernisearringskampanje wêrby't in protte Westerske gewoanten oernommen waarden, dat alle Japanners in famyljenamme hawwe moasten. Dat beslút waard nommen yn 1868, krige yn 'e praktyk foar it meastepart syn beslach yn 'e 1870-er jierren en waard neitiid fêstlein yn 'e Famyljeregistraasjewet fan 1898. In soad sljochtwei Japanners namen nammen oan dy't histoarysk mei harren famyljes ferbûn wiene, wylst oaren hielendal nije nammen optochten, divinaasje brûkten om in famyljenamme oan te wizen of in boedistyske of sjintoïstyske preester fregen om in famyljenamme foar harren út te kiezen. Dêrtroch is geneälogysk ûndersyk yn Japan dat fierder tebek giet as de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw tige dreech.
Japanske famyljenammen De Japanske famyljenamme of efternamme wurdt yn it Japansk foàr de foarnamme pleatst. Dy nammefolchoarder ûntstie pas yn 'e 1870-er jierren, doe't alle sljochtwei Japanners in famyljenamme oannimme moasten, en kaam ta stân ûnder ynfloed fan it Sineesk, dat deselde nammefolchoarder hantearret. De oergrutte mearderheid fan 'e (etnyske) Japanners hat ien famyljenamme folge troch ien foarnamme, en gjin twadde foarnamme of middelnamme. De wichtichste útsûndering op dy regel wurdt foarme troch de Japanske keizerlike famylje, dy't gjin famyljenamme hat.
De famyljenamme wurdt yn it Japansk myōji (苗字 of 名字) neamd, mar ek: uji (氏) of sei (姓). Histoarysk hiene dy trije wurden ferskillende betsjuttings. De sei wie oarspronklik de matrilineêre famyljenamme, dy't letter inkeld noch takend waard troch de keizer. Der wiene relatyf mar in bytsje sei yn omrin, mar de measte Midsiuwske Japanske aadlike clans stammen ôf fan 'e dragers fan in sei of fan 'e lienlju fan in drager fan in sei. De uji waard oarspronklik brûkt om 'e patrilineêre ôfstamming oan te tsjutten, mar ferlear syn aparte betsjutting en foel gear mei de myōji omtrint deselde tiid dat de sei syn bân mei matrilineêre ôfstamming ferlear. De myōji wie ienfâldichwei in namme wêrmei't in famylje himsels oantsjutte (yn tsjinstelling ta de namme dy't troch de keizer takend wie). Hoewol't de myōji, krekt as de uji, troch de manlike line trochjûn waard, bestie der in beskate frijheid op it mêd fan it feroarjen fan 'e myōji, dy't der by de uji of de sei net wie.
Hjoed oan 'e dei bestiet der in ûnbidich grut ferskaat fan Japanske famyljenammen: dêr binne nammentlik mear as 100.000 ferskillenden fan yn omrin. Dat grutte ferskaat oan famyljenammen stekt skril ôf tsjin 'e sitewaasje yn 'e oare lannen fan East-Aazje, lykas Sina, Taiwan en Noard- en Súd-Koreä, dêr't krekt mar relatyf in bytsje famyljenammen yn omrin binne. It is in ferskil dat fuortkomt út in folslein oare ûntwikkeling fan 'e Japanske namme. Wylst yn bgl. Sina alle minsken yn 'e earste iuw f.Kr. al in famyljenamme hiene, waard de famyljenamme foar gewoane minsken yn Japan pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ynfierd. Tsjin dy tiid hie Japan in befolking fan sa'n 30 miljoen minsken, en boppedat koe men doe mar raak nammen betinke. It gefolch is in grut ferskaat dat troch de resinte oanname noch net úttinne is troch it ferskynsel efternamme-útstjerren.
De trije meast foarkommende Japanske famyljenammen binne Satō (佐藤), Suzuki (鈴木) en Takahashi (高橋). In soad nammen ferwize nei eleminten fan it lânskip, lykas Ishikawa (石川), dat "stiennen rivier" betsjut, Yamamoto (山本), "foet fan 'e berch", en Inoue (井上), "boppe de saad". In grutte kloft famyljenammen wurdt foarme troch de -tō-nammen, dy't skreaun wurde mei it Sineeske karakter 藤, dat "blauwerein" betsjut (in plant, ek bekend as Wisteria). Dat karakter wurdt mei on'yomi (Sineeske lêswize) útsprutsen as tō, en mei kun'yomi (Japanske lêswize) as dō. In soad Japanners hawwe twawurdliddige famyljenammen mei dat karakter oan 'e ein, om't de Fujiwara-clan (藤原家) syn samoerai histoarysk famyljenammen (myōji) joech dy't einigen op it earste karakter fan harren clannamme. Foarbylden binne Atō, Andō, Bitō, Edō, Endō, Gotō, Itō, Jitō, Katō, Kitō, Kondō, Kudō, Mutō, Naitō, Saitō, Satō, Shindō, Sudō en Udō.
Japanske foarnammen De foarnamme wurdt yn it Japansk mei (名) neamd, "namme", of ek wol shita no namae (下の名前), "legere namme". It Japansk wurdt nammentlik tradisjoneel fan boppen nei ûnderen skreaun (ynstee fan fan lofts nei rjochts, sa't it Latynske alfabet skreaun wurdt), en om't de foarnamme nei de famyljenamme komt, is de posysje fan 'e foarnamme by it skriuwen dus leger op 'e side as de famyljenamme. Ornaris hawwe Japanners mar ien foarnamme, hoewol't lju fan wa't ien fan 'e âlden in bûtenlanner is, en leden fan 'e Japanske mienskippen yn Noard-Amearika wól in middelnamme hawwe kinne.
Foar't de Japanske oerheid yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw it Japanske nammesysteem formalisearre, wiene foarnammen yn Japan frij floeiend. Manlju feroaren harren foarnammen fanwegen in ferskaat oan redens. Sa waard faak in nije namme oannommen om oan te jaan dat immen in hegere maatskiplike status berikt hie, om utering te jaan oan in (nije) bân mei in aadlik hûs of clan, om fan ûngelok ôf te kommen dat oan in eardere namme fêstklibbe wie, of gewoan om betizing mei in buorman mei deselde namme foar te kommen. Fierders feroaren manlju út 'e hegerein ek faak fan namme as se mearderjierrigens (genpuku) berikt hiene, wêrby't dan de bernenamme (faak einigjend op -maru) ôftanke waard. De nije namme dy't spesifyk by genpuku oannommen waard, hiet de azana (字). En as eallju of samoerai in hegere rang krigen, waard harren tagelyk dêrmei faak ek in nije namme taparte, dy't soms in wurdlid of karakter út 'e namme fan harren lienhear omfette by wize fan teken fan goedgeunstigens.
Feroarings yn 'e foarnammen fan froulju binne histoarysk folle minder fêstlein, dat it kin wêze dat dy minder faak fan namme feroaren as manlju. Yn elts gefal is bekend dat froulju dy't as tsjinstfaam of artyste wurken, harren foarnammen faak feroaren foar de doer fan dat wurk. Under dat wurk waarden de tydlike nammen dy't se oannommen hiene, behannele as wettige nammen. Sa is der in tsjinstfaam bekend dy't tusken 1819 en 1831 yn Kyoto ferskate kearen by juridyske saken belutsen wie. Wylst se earne wurke, ûndertekene se de offisjele dokuminten as Sayo, en doe't se letter earne oars wurke, ûndertekene se as Mitsu. Mar doe't se gjin wurk hie, brûkte se namme Iwa, wêrfan't men sadwaande oannimt dat it har bertenamme wie.
Foarhinne, doe't grutte húshâldings frij gewoan wiene, wie it gebrûklik om 'e foarnammen fan soannen gear te stallen út sifers oanfolle troch it efterheaksel -rō (郎), dat "soan" betsjut. De âldste soan hiet dan Ichirō ("Earstesoan"), de op ien nei âldste Jirō ("Twaddesoan"), ensfh. Dit komt tsjintwurdich folle minder foar, mar foar jonges binne foarnammen mei it efterheaksel -rō, dat trouwens behalven "soan" en "helder" betsjut, yn 'e moade bleaun, lykas Katsuro ("Oerwinnende Soan") en Kichiro ("Lokkige Soan"). Oare jongesnammen einigje op 'e efterheaksels -ta (太, "grut" of "grou"), lykas Kenta, of omfetsje eleminten as ichi of kazu (beide skreaun as 一, "earst[berne soan]"), lykas Ken'ichi of Kazuhiro; ji (二, "twadde [soan]"; of 次, "folgjende"), lykas Jirō; of dai (大, "grut"), lykas Daiichi.
Famkesnammen einigje faak op it efterheaksel -ko (子, "bern"), lykas Keiko, of -mi (美, "skientme"), lykas Yumi. Oare gauris foarkommende efterheaksels foar Japanske famkesnammen binne bygelyks -ka (香, "rook" of "parfum"; ek 花, "blom"), lykas Reika; en -na (奈 of 菜; "grien"), lykas Haruna. Fral it gebrûk fan it efterheaksel -ko hat grutte feroarings ûndergien sûnt de midden fan 'e njoggentjinde iuw. Foarôfgeande oan 'e Meiji-restauraasje yn 1868 mocht it inkeld brûkt wurde foar de nammen fan 'e froulike leden fan 'e keizerlike famylje. Neitiid kaam it yn 'e perioade tusken 1880 en 1905 ek yn gebrûk mank de hegerein, mar net as ûnderdiel fan in namme, mar as in soarte fan predikaat foar froulju fan hege berte, mei as betsjutting "frouwe" of "dame". As sadanich waard it inkeld brûkt troch froulju út 'e heechste maatskiplike klassen, en soe it as bespotlik beskôge wêze as it brûkt wie troch froulju út 'e middenklasse of de arbeidersklasse. As in frou Hana hiet, soe se 'Hana-ko' neamd wurde as se fan hege berte wie, wylst se bekend stean soe as 'O-Hana-san' as se út in legere klasse kaam.
Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw kaam -ko yn gebrûk as ûnderdiel fan 'e eigentlike foarnamme, en omtrint de midden fan 'e iuw waard it in tige populêr namme-elemint. Geandewei de 1980-er jierren begûn dy populariteit stadichoan wat te belúnjen, en om 2006 hinne rekken famkesnammen mei -ko sterk út 'e graasje, om't de Japanske befolking doe almar mear de nammegewoanten fan populêre artysten begûn nei te bearen. Likegoed binne ek anno 2018 nammen as Keiko en Kimiko noch wol gongber. Japanske jongesnammen einigje trouwens soms ek op 'e klank -ko, mar frijwol nea op it karakter 子. As in jongesnamme op -ko einiget giet it almeast om it karakter 彦, hiko, dat "jonge" betsjut.
Keizerlike nammen