Dakota Skye is in Amerikaanske coming-of-agedrama út 2008 ûnder rezjy fan John Humber, nei in senario fan Chad Shonk. De haadrollen yn 'e film waarden fertolke troch Eileen April Boylan, Ian Nelson en J.B. Ghuman jr.

Plot Dakota Skye is it coming-of-ageferhaal fan it santjinjierrich famke mei deselde namme, dat oer in superkrêft beskikt: se kin eltse leagen trochsjen dy't har ferteld wurdt. Har wrâld feroaret as Jonah, de yn New York wenjende bêste freon fan har feint, op besite komt. Foar de earste kear yn har libben moetet Dakota dan nammentlik immen dy't har net foarliicht. Dêrtroch komt se har eigen libben mei hiel nije eagen te sjen.

Produksje Dakota Skye waard regissearre troch John Humber, dy't tegearre mei Shaun O'Banion ek filmprodusint wie. It senario waard skreaun troch Chad Shonk, wylst Brett Juskalian de kamerarezjy die, en de filmmuzyk fersoarge waard troch Seth Podowitz. Dakota Skye waard makke as in ûnôfhinklike film, mei in budget fan $150.000. De film gie op 14 maart 2008 yn premiêre.

Untfangst Dakota Skye waard fertoand op ferskate filmfestivals, wêrûnder it Filmfestival fan San Luis Obispo, it Filmfestival fan Phoenix, Filmfestival fan Charlotte en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edmonton. De film krige mingde kritiken.

Resultaat Chad Shonk wûn mei Dakota Skye yn 2008 de Copper Wing Award foar bêste senario op it Filmfestival fan Phoenix. Produsint John Humber waard datselde jiers de Festival Prize yn 'e kategory bêste ferheljende langspylfilm takend op it Filmfestival fan Charlotte.

Keppelings om utens Ynformaasje oer Dakota Skye yn 'e Internet Movie Database

Kategory:Amerikaanske dramafilm Kategory:Amerikaanske coming-of-agefilm Kategory:Unôfhinklike film Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Film út 2008