De Alliance-Union Universe-searje is in romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. It is in science fictionrige dy't spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren. Dêr binne twa grutte bûnsgenoatskippen ûntstien, de sterk yndustrialisearre Uny en de Keapfardersalliânsje, dy't bestiet út fierhinne nomadyske keapfardij-romteskippen, bewenne troch hiele famyljeklans. It konflikt tusken dy beide partijen, mei de Mem Ierde as trêde partij, brûkt Cherryh as eftergrûn foar in grut tal fierders op harsels steande romans en romansearjes. De boeken dy't ta de Alliance-Union Universe-rige hearre, wurde sûnt 1976 útjûn by de New Yorkske útjouwerij DAW Books.
Eftergrûn Skiednis fan it hielal fan 'e Alliance-Union Universe-rige De Alliance-Union Universe-rige fan C.J. Cherryh spilet yn in takomst as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren, troch oare planeten te kolonisearjen en romtestasjons te bouwen yn in baan om sokke planeten en teffens op gaadlike plakken dêr't sokke bewenbere planeten ûntbrekke. De flater dy't oan 'e grûnslach leit fan alle lettere swierrichheden en ellinde is dat de hiele kolonisaasje útfierd wurdt troch in privaat bedriuw, de Sol Corporation, dy't himsels letter omneamt ta Earth Company.
Yn 't earstoan giet de kolonisaasje fan 'e romte stadich. Elts nij romtestasjon wurdt boud fanút it foarrige en is fierder by de Ierde wei pleatst. Sa wurde yn 'e tiid foar de útfining fan it flugger-as-ljochtreizgjen njoggen romtestasjons boud, dy't as kralen oan in snoer by de Ierde wie liede, allegear yn planetestelsels sûnder bewenbere planeten. De stasjonsbewenners en de keapfarders dy't de stasjons befoarriedzje, ûntjouwe troch de jierren hinne elts in aparte kulturele identiteit, mar bliuwe psychologysk en materieel ôfhinklik fan 'e Ierde. De ûntinkbere ôfstannen soargje der lykwols foar dat de oarders en bestjoersopdrachten fan Earth Company hopeleas ferâldere binne as se de stasjons berikke, sadat it koppige besykjen fan it bedriuw om alles yn eigen hân te hâlden hieltyd sinleazer wurdt.
As Pell's Wrâld ûntdutsen wurdt yn it planetestelsel fan Tau Ceti, rekket it fragile ekonomyske en politike systeem, dat ûnderwilens opboud is, út balâns. Op dy planeet kinne minsken ridlik maklik oerlibje, al moatte se der wol gasmaskers en soerstoftanks drage. Fierders libbet de earste yntelliginte soarte fan bûtenierdske wêzens op Pell's Wrâld: de freonlike hisa, foar wa't geweld folslein taboe is. Mar it wichtichste is dat op 'e planeet Ierdske lânbougewaaksen ferboud wurde kinne, mei as gefolch dat de ekonomyske dominânsje fan 'e Ierde gefaarlik ferswakke rekket. Nei de bou fan Pell Station (yn 'e folksmûle Downbelow Station neamd) yn in baan om Pell's Wrâld, wreidzje de kolonisten harren aktiviteiten mei nije krigelens út, fierder de romte yn en by de Ierde wei.
De earste súksesfolle proef mei nije technology dy't flugger-as-ljochtreizgjen mooglik makket, wurdt dien yn it jier 2248. Fan dy trochbraak makket Earth Company gebrûk om te besykjen en nim de sizzenskip oer de romtestasjons en de kolonisten werom. Mei't de burokraten op 'e Ierde net folle begripe fan stasjonsbewenners of keapfarders, rint dat knoffelige besykjen lykwols út op in ramp. Der ûntstiet ûnrêst, benammen ûnder de stasjonsbewenners, dy't liedt ta wapene botsings tusken harren en personiel fan Earth Company. Uteinlik brekt der in iepen opstân út, dêr't it bedriuw op reägearret troch 50 militêre romteskippen bouwe te litten, de saneamde Bedriuwsfloat (Company Fleet). Dy wurdt ûnder it befel pleatst fan admiraal Conrad Mazian, en kriget de opdracht om 'e opstân del te slaan en derfoar te soargjen dat de oarders en opdrachten fan Earth Company tenei op alle romtestasjons nei de letter útfierd wurde.
De sitewaasje rint yn it jier 2300 út op in folsleine oarloch, as de kolonisten de ûnôfhinklikheid fan harren Uny (Union) útroppe, oanfierd troch de bewenners fan it planetestelsel Cyteen, dêr't by Lalande 46650 in noch better bewenbere planeet ûntdutsen is as Pell's Wrâld. Dizze nije Uny sjocht der gjin kwea yn om syn lytse befolking en kriichsmacht fuort te sterkjen troch it fabryksmjittich produsearjen fan genetysk manipulearre en psychologysk kondysjonearre minsklike kloanen, de saneamde 'azi', dy't troch de Ierdlingen en de keapfarders as in grouwel beskôge wurde.
De striid tusken de Bedriuwsfloat en de kriichsmacht fan 'e Uny is fûleindich en ferbiten yn wat de Bedriuwsoarloch (Company War) komt te hjitten. De romtestasjons dy't it tichtst by de Ierde lizze, dêr't men ûntrêstge is oer de azi's en oare as ymmoreel beskôge fernijings yn 'e Uny, bliuwe trou oan 'e Ierde. Ferskaten fan dy stasjons wurde ferneatige troch de kriichsmacht fan 'e Uny. Underwilens komt de Bedriuwsfloat yn 'e knipe troch de sporadyske en ûntarikkende befoarrieding fan 'e Ierde ôf, dêr't Earth Company troch de oanhâldende oarlochssitewaasje yn 'e finansjele swierrichheden rekke is. De Bedriuwsfloat hat dan gjin oare kar as om mei geweld foarrieden, apparatuer en nij personiel te konfiskearjen fan 'e keapfarders, dy't dêrtroch almar mear fan 'e Ierde en de Bedriuwsfloat ferfrjemde reitsje. Mei sokke praktiken kin de Bedriuwsfloat lykwols inkeld de besteande skippen geande hâlde; om't der gjin nije skippen mear stjoerd wurde as fersterkings, wylst de Uny oanhâldend nije skippen bout, kriget de striid stadichoan it karakter fan in útputtingsoarloch.
De keapfarders en de bewenners fan Pell Station, it wichtichste plak fan trochreis tusken de romte dy't behearske wurdt troch de Ierde en it territoarium fan 'e Uny, bedarje troch de oanhâldende oarloch tusken de wâl en it skip. Ein 2352, begjin 2353 ûntstiet op Pell Station in krisis (beskreaun yn 'e roman Downbelow Station), wêrby't de grutte keapfardersklans in ferbûn slute en de ûnôfhinklike Keapfardersalliânsje (Merchanters' Alliance) oprjochtsje as in trêde partij yn it konflikt, mei as lânbasis de planeet Pell's Wrâld en Pell Station. Koarte tiid letter arrivearret der in delegaasje fan 'e Ierde om ûnderhannelings mei de Uny te iepenjen oer de ein fan 'e oarloch.
Admiraal Mazian wegeret lykwols en akseptearje de frede. Sadwaande fjochtet de Bedriuwsfloat ek nei it fredesferdrach tusken Uny en Ierde troch, no inkeld foar de ambysjes fan Conrad Mazian. De float ûntjout him dan ta in binde piraten, dy't him skuldich makket oan oarlochsmisdieden tsjin boargers fan sawol de Uny as de Keapfardersalliânsje, en ek tsjin 'e bewenners fan 'e neie stasjons dy't noch ûnder tafersjoch fan 'e Ierde steane. As ien fan Mazian syn meast foaroansteande ûnderhearrigen, kaptein-op-see Signy Mallory, ûntdekt dat Mazian plannen hat om 'e Ierde sels te feroverjen, rinne sy en har skip, de Norway, oer nei de Keapfardersalliânsje, en wurde neitiid de kearn fan in eigen float fan dy steat. De rest fan 'e Bedriuwsfloat bliuwt trou oan Mazian, mar troch Mallory har ferrie is dyselde twongen om syn wraam op 'e Ierde foartidich te begjinnen. Mei't de Ierde warskôge is, kin de oanfal ôfslein wurde.
No't ek de Ierde behelle rekke is yn 'e striid tsjin 'e skippen fan 'e eardere Bedriuwsfloat, dy't ûnderwilens bekend kommen binne te stean as de "Mazianni", sjocht de Uny syn kâns skoan om einlings mei Mazian ôf te weven. Alle striidkrêften wurde ynset foar in lêste offinsyf. Om't dêrtroch neat oerbliuwt om 'e Uny te ferdigenjen tsjin 'e Keapfardersalliânsje, kin dy in foardielige frede mei de Uny slute, wêrby't de Uny syn oanspraken op Pell's Wrâld en Pell Station opjout. Fierders wit de Alliânsje it monopoalje op ynterstellêre hannel te krijen, ek binnen de grinzen fan 'e Uny. No't Uny, Alliânsje en Ierde gearwurkje, moatte de Mazianni stadichoan gebiet priisjaan, sa't op 'e eftergrûn yn romans as Rimrunners en Merchanter's Luck oan 'e oarder komt. Yn Tripoint wurdt lykwols dúdlik dat se in oare bewenbere wrâld ûntdutsen en dêr in koloanje fêstige hawwe.
Sadree't de Mazianni gjin wiere bedriging mear foarmje, ûntstiet der in soarte fan kâlde oarloch tusken de Uny en de Keapfardersalliânsje. De Uny koesteret wrok oer de hannelsbeheinings binnen de eigen grinzen, wylst de Alliânsje benaud is om ûnder de foet rûn te wurden troch de Uny mei syn folle gruttere befolking. De spannings rinne fierder op as oan it ljocht komt dat de Uny op 'e planeet Gehenna, in seldsume bewenbere wrâld yn 'e ynfloedssfear fan 'e Alliânsje, mei sin in mislearre koloanje pleatst hat om 'e kolonisaasje fan 'e wrâld troch de Alliânsje te dwerseidzjen (sjoch: Forty Thousand in Gehenna). Underwilens stride binnen de Uny twa politike faksjes mei folslein ferskillende fisys op 'e takomst om 'e macht, net wittende dat de geniale wittenskipster en politika Ariane Emory har eigen plannen foar de Uny hat (sjoch: de Cyteen-duology).
Yntelliginte rassen De folgjende rassen fan bûtenierdske wêzens komme yn 'e Alliance-Union Universe-rige foar. namme ras planetestelsel thúsplaneet komt foar yn opmerkings Amaut Kesuat Hunter of Worlds krigele lytseftige humanoïden sûnder folle omtinken foar oare rassen dy't tusken harren en weardefolle natuerlike helpboarnen yn steane Ahnit Wave Without a Shore Caliban Gehenna Forty Thousand in Gehenna grutte kwasy-reptilen mei in ûndúdlike mjitte fan yntelliginsje; guon foarmje in telepatyske bân mei de ôfstammelingen fan 'e minsklike kolonisten op Gehenna Chi Chchchoh Chanur-searje stôkeftige, gielhûdige en fluch bewegende metaanazemers; hawwe de iene of oare bân mei de T’ca Elee Na’i’in Kutath Faded Sun-trilogy artistike humanoïden, mooglik besibbe oan 'e Mri Hani Ahr Anuurn (Ahr II) Chanur-searje kateftige twafuotters mei in martriargale maatskippij en in protte parallellen mei liuwen Harilim Fires of Azeroth beambewenners Hisa Pell's Star (Tau Ceti) Pell's World (ek bekend as Downbelow) Downbelow Station,Finity's End freedsume, freonlike brúnbehierre twafuottige sûchdieren Iduve Kej Kej IV Hunter of Worlds gefaarlike, heldersjende, humanoïde predators dy't allinnich, mei inkeld slaven fan oare rassen as tsjinners, yn ûnbidich grutte en machtige romteskippen troch de romte omdoarmje en dêrby oare rassen terrorisearje mei harren ûnbegryplike hâlden en dragen Kallia Aus Qao Hunter of Worlds tinne, holbonkige humanoïden dy't fûleindich pasifistysk binne Kif Akkt Akkht Chanur-searje langsnutige, twafuottige predators, tige kompetatyf en fluch om harren loyaliteit te ferlizzen as dat yn harren eigen belang is Knnn Chanur-searje rjufuottige metaanazemjende gaoaten mei wa't frijwol net te kommunisearjen falt, mar dy't lykwols tige avansearre technology ûntwikkele hawwe Majat Alpha Hydri Cerdin (Alpha Hydri II of III, ôfhinklik fan 'e boarne) Serpent's Reach swaarmynsektoïden; de hiele soarte bestiet út mar fjouwer ferskillende yntelliginte yndividuën (keninginnen), mei swaarmen dy't ûnderskaat wurde nei kleur (blau, grien, read en goud) Mahendo’sat Iji Chanur-searje swartbehierre sûchdieren mei in protte parallellen mei minskapen; tige polityk bewust en dêrom net alhiel betrouber Mri Na’i’in Kutath Faded Sun-trilogy militaristyske humanoïden dy't lykje op minsken, mei in trijefâldige kastemaatskippij Nemet Brothers of Earth humanoïden mei in maatskippij dy't strang basearre is op eare Qual (ek: Khal) Morgaine-syklus humanoïde, lykje op minsken Regul Mab Nurag Faded Sun-trilogy ksenofoben mei in fotografysk ûnthâld; adolesinte en folwoeksen lichemsfoarmen wike sterk faninoar ôf; twer fan direkt geweld, mar mear as ree om oare rassen dêrfoar yn te setten Stsho Llyene Chanur-searje hermafrodityske wêzens mei in soart parallellen mei fûgels; fysyk en emosjoneel fragyl Sharrh Merovingen Nights-searje technologysk avansearre, agressyf en territoriaal Shonunin Cuckoo's Egg humanoïde twafuotters mei in op eare basearre maatskippij dy't oan Midsiuwsk Japan tinken docht Tc’a Oh’a’o’o’o Chanur-searje slangeftige metaanazemers mei mearfâldige harsens; technologysk avansearre; ûnderhâlde de ien of oare bân mei de Chi