De Kempenaer is de namme fan in bekende Nederlânske famylje. De stamfaar is Jan de Kempenere, Hy wie ien fan de natuerlike bern fan Cornelis de Kempenere (fermeld Sint-Pieters-Leeuw 1427, presbiter proast 1403-1416, dêrnei abt fan de abdij fan de Norbertinen yn Grimbergen, † 1446) en Margriete Bosch. Dat wie in soan fan Gielis de Kempenere (fermeld 1374) en Margriete fan Cottem en pakesizzer fan Jan de Kempeneer (fermeld Anderlecht 1347). fermeld yn Brussel 1422-1466. Guilliam de Kempenaer († 1611) fan Brussel, keapman yn speserijen, waard yn 1581 poarter fan Amsterdam. Ien staach fan it laach hjit Van Andringa de Kempenaer. Hja stamje ôf fan Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (1752-1813); dy syn lêste foarnamme (de geslachtsnamme fan syn beppe Romelia de Kempenaer-fan Andringa) waard letter by de famyljenamme lutsen. Trije leden fan dizze staach waarden mei harren wetlike neisieten yn manlike line yn 1816 en 1861 troch ferheffing ta de Nederlânske adel rekkene.
Nederlânske adel thumb| Yn 1816 waard Antoon Anne van Andringa de Kempenaer (1777-1825) ferheft. Syn staach is útstoarn yn 1961.K.B. fan 24 novimber 1816 N° 39, Lª H². Yn 1861 waarden de healbruorren fan boppeneamde ferheft.K.B. fan 5 febrewaris 1861 N° 78. Dit wiene: Wilco Holdinga van Andringa de Kempenaer (1809-1873), net-troud. Julius Burmania van Andringa de Kempenaer (1813-1887).
Bekende leden Groanologyske folchoarder Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (1752-1813), grytman fan Lemsterlân 1772-1795, steatsried yn bûtengewoane tsjinst, lândrost fan Fryslân 1807-1810 Mr. Ludovicus Timon de Kempenaer (1752-1812), foarsitter fan de nasjonale gearkomst fan de Bataafske Republyk Jhr. Antoon Anne van Andringa de Kempenaer (1777-1825), lid Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal 1815-†1825 Mr. Jacob Mattheus de Kempenaer (1793-1870), jurist en politikus, ûnder mear foarsitter fan de Ministerrie Jhr. Mr. Onno Reint van Andringa de Kempenaer (1801-1868), grytman fan Lemsterlân 1825-1830 en Raerderhim 1830-1837 Jhr. Tjaard Anne Marius Albert van Andringa de Kempenaer (1806-1870), grytman fan It Bildt 1834-1855, lid Earste Keamer fan de Steaten-Generaal 1850-1865 Jhr. Wilco van Andringa de Kempenaer (1809-1873), grytman fan Lemsterlân 1836-1851 Jhr. Julius Burmania van Andringa de Kempenaer (1813-1887), grytman fan Doanjewerstâl 1840-1847 Jhr. Imilius Josinus Hendrik Willem van Andringa de Kempenaer (1844-1895), boargemaster fan Ferwerderadiel 1869-1879 Jacob Mattheus de Kempenaer (1853-1900), boargemaster fan Oegstgeest en Voorhout Johan Jacob de Kempenaer (1871-1943), boargemaster, foar it lêst fan Zelhem Jhr. Willem Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (1878-1931), boargemaster fan Zweeloo 1909-1914, Utingeradiel 1914-1919 en Anjewier 1919-1929 Jeanne de Kempenaer (1897-1945), earste siktaris fan it earste Louis Couperus Genoatskip Hermine Gerarda de Kempenaer (1903-1997), earste presidinte fan de Oarlochsgrêvestichting
Literatuer Lindemans, Dr. Jan, "De Kempeneer", Oude Brabantse Geslachten, 23 (Brussel 1949). Nederland's Patriciaat, 39 (De Haach: CBGCentraal Bureau voor Genealogie. 1953), 149-163. De genealogy waard earder publisearre yn N.P. 22 (1935-1936), 206-218. Nederland's Adelsboek, 86 (De Haach: CBG 1996-1997), 299-321.
Kategory:Frysk laach Kategory:Skiednis fan Fryslân