thumb|Portret door B.L. Hendriks (1873) Louis Gaspard Adrien greve van Limburg Stirum (Grins, 10 jannewaris 1802 – Arnhim, 30 augustus 1884) wie in Nederlânsk Liberaal politikus.
Van Limburg Stirum wie in njoggentjinde-iuwske offisier en bestjoerder mei in lange steat fan tsjinst. Nei in offisierskarriêre waard hy grytman fan Kollumerlân en yn 1840 lid fan de Dûbele Keamer. Yn 1848 beneamde kening Willem II him ta Earste Keamerlid as foarstanner fan de feroaring fan de Grûnwet. As ien fan de inkelen kaam hy nei 1849 werom yn de Senaat. Neidat Frederic van der Oudermeulen dêrfoar betanke hie, waard hy ta Earste Keamerfoarsitter beneamd. Dêrnei waard hy Kommissaris fan de Kening yn Grinslân en yn Gelderlân. Nei syn ôftreden as Kommissaris kaam hy werom yn de Senaat. As neisiet fan in aadlik laach hie hy ferskate hoffunksjes.
Funksjes 1827-1849 - Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân 1830-1840 - Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân 1840 - Bûtengewoan Twadde Keamerlid 1848-1850, 1880-1884 - Earste Keamerlid Fanôf 1849 - lid fan de Rie fan Steat (yn bûtengewoane tsjinst) 1849-1850 - Foarsitter fan de Earste Keamer 1850-1853 - Kommissaris fan de Kening yn Grinslân 1853-1880 - Kommissaris fan de Kening yn Gelderlân
Sjoch ek List fan grytmannen fan Kollumerlân
Kategory:Nederlânske adel Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Bûtengewoan Twadde Keamerlid Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Earste Keamerfoarsitter Kategory:Kommissaris fan de Kening(inne) yn Grinslân Kategory:Kommissaris fan de Kening(inne) yn Gelderlân Kategory:Grytman fan Kollumerlân Kategory:Nederlânsk minister fan Steat Kategory:Limburg Stirum