thumb|Portret fan Rudolf fan Buynou, nei alle gedachten postúm. Knibbelstik, mei de linkerhân op it gevest fan in swurd. Op de eftergrûn twa heraldyske wapens. Rudolf fan Bunou, ek Rudolph fan Buynou en Rudolf van Bunauw (1490 - Frjentsjer, 30 augustus 1542) wie drost fan Starum en grytman fan Gaasterlân. Rudolf wie in soan fan Heinrich en Agnes fan Nothaft fan Wernberg, út in Saksysk laach. Hy troude mei Knier (Cunera) fan Martena, in dochter fan Hessel fan Martena. Se hiene twa dochters.
Rudolf stoar op 30 augustus 1542 yn Frjentsjer en waard dêr byset yn de Martinytsjerke. Cunera troude as widdo mei Christofurus fan Hubets (ek wol: Hubitz of Haubatz). Yn 1525 wie Bunou dykskommitearre foar Gaasterlân. Op 7 febrewaris 1517 waard hy as grytman fan Gaasterlân opfolge troch Barthout fan Swol.
Fan Rudolf fan Bunou wurdt in skilderij bewarre yn it Ryksmuseum dan makke waard troch Adriaen van Cronenburg. It skilderij waard makke yn 1553, mar de klean binne fan ûngefear 1530, sadat it grif postúm skildere is.Ljouwerter Krante, 9 oktober 1951 Sjoch ek List fan grytmannen fan Gaasterlân
Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Gaasterlân Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1492 Kategory:Persoan stoarn yn 1542