Lionel Andrés Messi Cuccittini (Rosario, 24 juny 1987) is in Argentynsk-SpaanskSpaans paspoort voor Argentijn Messi, Trouw, 26 septimber 2005 proffuotballer dy't meastentiids as rjochtsbûten spilet. Hy streamde yn 2004 troch út de jeugdoplieding fan FC Barcelona, dêr't er yn novimber 2017 syn kontrakt ferlingde oant healweis 2021. Messi debutearre yn 2005 yn it Argentynsk fuotbalalvetal. Fanwege syn lingte en faasje hat er de bynamme La Pulga (De Flie). Messi waard yn 2009, 2010, 2011, 2012, 2015, 2019, 2021 en 2023 útroppen ta bêste fuotballer fan 'e wrâld.
Komôf Lionel Messi is it tredde bern yn in famylje mei fjouwer bern. Syn heit Jorge Messi wurke as manager yn in stielfabryk en syn mem Celia Cuccittini yn in wurkpleats dêr't se magneten makken. Fia syn heit is er fan Italjaanske en Katalaanske komôf. Fia syn mem is er fral fan Italjaanske komôf. Ien fan de pakes fan Messi stammet fan it Katalaanske plak Bellcaire d'Urgell.Leo Messi tiene raíces en un pueblo de la provincia de Lleida, Cadena Ser, 28 septimber 2011
Messi is fiere famylje fan syn eardere ploechgenoat Bojan Krkić.Messi i Bojan són cosins i amb arrels a El Poal, Segre.com, 12 oktober 2011 Harren woartels lizze yn de provinsje Lleida. Yn 1846 troude Mariano Pérez Miralles mei Teresa Llobera Minguet, wêrnei't de bruorren Ramón en Gonçal yn El Poel berne waarden. Ramón Pérez luts nei Bellcaire d'Urgell, dêr't syn soan Josep berne waard. Josep Pérez emigrearre yn 1928 nei Argentynje, dêr't syn dochter Rosa Maria Pérez troude mei de Argentyn Eusebio Messi. Harren soan Jorge Horacio Messi waard yn 1987 de heit fan Lionel Messi. Ek Gonça Pérez gie út El Poal wei en gie yn Linyola wenjen. Yn dat plak waarden Maria Lluïsa Pérez en yn 1990 har soan Bojan berne.Messi y Bojan están vinculados familiarmente: Son primos de cuarta generación, Mundo Deportiveo, 12 oktober 2011
Klupfuotbal
Jeugd Messi begûn op fiifjierrige leeftiid mei fuotbaljen by de buertklup Grandoli FC, dy't troch syn heit laat waard. Doe't er sân jier waard, mocht er him ynskriuwe by Newell's Old Boys en dêrnei by de cantera (jeugdoplieding) fan FC Barcelona. Yn it seizoen 2002/2003 foarme er mei ûnder oaren Cesc Fàbregas, Gerard Pique, Marc Valiente en Víctor Vázquez yn de Cadete A it Baby Dream Team. Fia Barça C en Barça B wurke Messi him op nei de haadseleksje.
Rekôrs by debút Op 16 novimber 2003 debutearre Messi yn it earste alvetal fan FC Barcelona yn in oefenwedstriid tsjin FC Porto ta ynwijing fan it Estádio do Dragão. Yn de 74e minút kaam er as ferfanger fan Fernando Navarro it fjild yn. Mei in leeftiid fan 16 jier, 4 moannen en 23 dagen wie Messi nei Paulino Alcántara en Haruna Babangida de jongste debutant yn de skiednis fan de Katalaanske klup. Op 16 oktober 2004 spile Messi ûnder trainer Frank Rijkaard syn earste offisjele wedstriid foar Barça yn de útwedstriid tsjin stedsgenoat Espanyol. Hy wie doe de op twa nei jongste debutant foar Barcelona en de jongste spiler fan Barcelona dy't yn de Primera División spile. Tsjin Sjachtar Donetsk spile er syn earste wedstriid yn de Champions League. Syn earste goal kaam op 1 maaie yn de kompetysjewedstriid tsjin Albaceta. Op oanjaan fan Ronaldinho skoarde Messi as ynfaller de 2-0. Syn goal betsjutte in kluprekôr: de Argentyn wie mei syn leeftiid fan 17 jier, 10 moannen en 7 dagen de jongste Barça-spiler dy't in goal makke yn de Primera División. Messi ferbettere it âlde rekôr fan Jofre Mateu, dy't yn maaie 1998 as achttjinjierrige (en fjouwer moannen) skoarde tsjin UD Salamanca. Messi kaam op woansdei 5 novimber 2014 Raúl González Blanco benei as topskoarer aller tiden fan de Champions League. Hy makke dy dei foar FC Barcelona syn 70e en 71e Champions League-goal, út tsjin Ajax.
Messi sei oer syn eardere trainer Rijkaard: "Ik sil nea ferjitte dat hy myn karriêre úteinset hat, dat er my it betrouwen jûn hat, wylst ik mar sechstjin of santjin jier âld wie."
Seizoen 2005/2006 thumb|Messi yn 2005 Op 16 septimber, foar de twadde kear yn trije moannen, makke Barcelona bekend dat se it kontrakt fan Messi iepenbrutsen. It waard bekend dat er betelle waard as in earste-alvetalspiler en hja ferlingden it kontrakt oant juny 2014. Messi krige de Spaanske nasjonaliteit op 26 septimber 2005 en krige dêrtroch einliks de mooglikheid om te debutearjen yn de kompetysje fan dat seizoen. Messi's earste thúswedstriid yn de Champions League fan dat jier wie op 27 septimber tsjin de Italjaanske klup Udinese.
Messi makke seis goals yn 17 wedstriden yn de kompetysje en skoarde ek ien kear yn de Champions League (yn seis wedstriden). Syn seizoen einige earder, op 7 maart 2006, doe't er lêst krige fan in spierskuorring yn syn rjochterbil yn de twadde helte fan in wedstriid tsjin Chelsea. It Barcelona fan Rijkaard waard dat seizoen de kampioen fan Spanje en fan Jeropa.
Seizoen 2006/2007 Yn it seizoen 2006/2007 spile Messi himsels yn de basis fan Barcelona en makke er 14 goals yn 26 wedstriden. Op 12 novimber, yn de wedstriid tsjin Real Zaragoza, hie Messi lêst fan in brutsen middelfoetsbonkje, dy't him trije moannen oan de kant hold.Op 11 maart wie Messi yn topfoarm yn El Clásico, doe't er in hattrick skoarde, wêrmei't er Barcelona (dat mei in man minder spile nei in reade kaart) in lykspul besoarge (3-3). Hy makke trije kear de lykmakker en syn lêste goal foel yn blessueretiid. Dêrmei waard er de earste spiler sûnt Iván Zamorano (dy't yn 1994/1995 foar Real Madrid spile) dy't in hattrick skoarde yn El Clásico. Messi is ek de jongste spiler dy't yn in wedstriid tusken beide teams it net wist te finen. Tsjin de ein fan it seizoen slagge him dat hieltyd better: 11 fan syn 14 kompetysjegoals makke er yn de lêste 13 wedstriden.
Messi bewiisde ek dat de term 'de nije Maradona' net folslein ûnsin wie, doe't er de ferneamste goals fan Maradona hast presys imitearre yn ien seizoen. Op 18 april 2007 makke Messi twa goals yn de heale finale fan de Copa del Rey tsjin Getafe, wêrby't ien hiel bot tinken die oan de ferneamde goal fan Maradona tsjin Ingelân op it WK fan 1986 yn Mexico, dy't ferkeazen wie ta goal fan de iuw. De parse luts de ferliking fan Messi mei Maradona en neamde him 'Messidonna'. Hy rûn sa goed as deselde ôfstân (62 meter), passearre likefolle spilers (seis, de keeper meirekkene), skoarde út hast deselde posysje en rûn nei de cornerflagge, sa't Maradona dat 21 jier dêrfoar ek dien hie. Yn in parsekonferinsje nei de wedstriid fertelde Messi's ploechgenoat Deco dat dit de moaiste goal wie dy't er yn syn hiele libben sjoen hie. Messi makke tsjin Espanyol ek in goal dy't in soad tinken die oan Maradona's goal mei de 'hân fan God', yn deselde wedstriid tsjin Ingelân. Messi sprong nei de bal ta en makke mei syn hân kontakt mei de bal, wêrtroch't er de keeper (Carlos Kameni) passearre. Nettsjinsteande protesten fan Espanyolspilers, bleaun de goal stean.
Seizoen 2007/2008 Op 27 febrewaris 2008 spile Messi tsji Valencia syn hûndertste offisjele wedstriid foar Barcelona.
Messi wie nominearre foar de FIFPro World XI Player Award yn de kategory oanfaller. Ut in peiling yn de ynternetedysje fan de Spaanske krante Marca die bliken dat 77 persint him seach as de bêste spiler fan de wrâld.
Messi stie seis wiken oan de kant troch in blessuere (spierskuorke yn de linkerbil) dy't er oprûn hie yn de Champions League-wedstriid tsjin Celtic. It wie de fjirde kear yn trije seizoenen dat er san soartefan blessuere oprûn. Uteinlik einige er it seizoen mei 16 goals en 13 assists yn de kompetysje.
Seizoen 2008/2009 Nei't Ronaldinho fuortgie by de klup, krige Messi yn syn plak it rêchnûmer tsien. Hy waard twadde yn de ferkiezing fan de Wrâldfuotballer fan it jier 2008.
Messi skoarde syn earste hattrick fan 2009 yn in wedstriid om de Copa del Rey, tsjin Atlético Madrid. Barcelona wûn mei 3-1. Op 18 april makke er syn 20e goal yn de Primera División fan dat seizoen yn in 1-0-oerwinning op Getafe. Dêrmei behold Barcelona de foarsprong fan seis punten op Real Madrid.
Letter yn it seizoen skoarde Messi twa kear yn in 6-2-oerwinning op Real Madrid yn it stadion fan de Madrilenen. De útslach wie de grutste nederlaach fan Madrid sûnt 1930.Op 13 maaie wûn Messi foar it earst de Copa del Rey mei Barcelona, troch mei 4-1 te winnen fan Athletic Bilbao. Barcelona waard ek kampioen fan de Primera División. En op 27 maaie holp Messi syn klup oan de Champions League, troch yn de finale de 2-0 te meitsjen tsjin Manchester United. Hy waard topskoarer fan it toernoai mei njoggen goals. Fierder wûn er de priis foar bêste oanfaller en bêste spiler yn de Champions League.It wie foar it earst dat in Spaanske klup La Liga, de Copa del Rey én de Champions League wûn yn ien seizoen.
Seizoen 2009/2010 Na it winnen fan de UEFA Super Cup sei de trainer fan Barcelona, Josep Guardiola, dat Messi nei alle gedachten de bêste spiler wie dy't er ea sjoen hie.
Messi waard yn desimber de winner fan de Ballon d'Or, voor Cristiano Ronaldo, mei it grutste ferskil yn stimmen ea: 473 om 233. Nei it útrikken fan de priis fertelde Messi dat er de priis opdroech oan syn famylje: "Sy wienen der altyd foar my en fielden faak de emoasjes sterker as my."
Op 19 desimber makke Messi de winnende goal yn de finale fan de wrâldbeker foar klups tsjin Estudiantes yn Abû Daby, wat derfoar soarge dat Barcelona syn sechsde titel fan it jier pakte. Twa dagen letter krige Messi de priis foar spiler fan it jier fan de FIFA, wêrmei't er Cristiano Ronaldo, Xavi, Kaká en Andrés Iniesta fersloech. Op 17 jannewaris makke Messi syn hûndertste goal foar de klup yn in 4-0-oerwinning op Sevilla.
Messi begûn dêrnei oan in ymposante searje troch 11 kear te skoaren yn fiif wedstriden.
En op 6 april 2010, foar it earst yn syn karriêre, makke Messi fjouwer goals yn ien wedstriid. Dat die er yn de 4-1-thúsoerwinning op Arsenal yn de Champions League.
Seizoen 2010/2011 Op 21 augustus 2010 skoarde Messi in hattrick yn in 4-0-oerwinning op Sevilla yn de Supercopa de España, wêrmei't Barcelona de earste priis fan it seizoen pakte.
Yn de kompetysjewedstriid tsjin Villarreal skoarde Messi twa kear. Dat wie de sânde wedstriid op rige dat er in goal makke, in persoanlik rekôr. Hy helle ek it tal fan 50 goals yn it kalenderjier 2010. Yn in 8-0-oerwinning op Almería makke Messi syn hûndertste kompetysjegoal foar Barcelona.
Messi wûn de FIFA Ballon d'Or, wêrby't er syn ploechgenoaten Xavi en Iniesta fersloech. Op 5 febrewaris bruts Barcelona it rekôr fan de langste oerwinningsrige yn de kompetysje: de 3-0-winst op Atlético Madrid wie de 16e oerwinning op rige.
Tsjin Almería makke Messi twa goals. Syn twadde wie syn 47e fan it seizoen, likefolle as dat er yn it folsleine foarige seizoen skoard hie. Hy ferbettere syn persoanlike rekôr op 12 april 2011 troch de winnende goal te meitsjen tsjin Sjachtar Donetsk. Dêrtroch waard er ek de persoan dy't de measte goals makke hie foar Barcelona yn in seizoen. Op 23 april makke er tsjin Osasuna (2-0) syn 50e goal fan it seizoen.
Yn de Champions League-finale makke Messi de twadde goal yn de 3-1-oerwinning op Manchester United. Hy waard útroppen ta Man fan de Wedstriid. En foar it tredde seizoen op rige krige er de Trofeo Alfredo Di Stéfano, foar bêste spiler yn de Spaanske kompetysje.
Seizoen 2011/2012 thumb|Messi yn 2011 Yn it seizoen 2012-2012 begûn Messi mei trije goals yn twa wedstriden tsjin Real Madrid om 'e Supercopa de España. De wedstriden einigen yn 2-2 en 3-2 en dêrmei pakte Barcelona de earste priis fan it seizoen. Messi waard ek de meast skoarende spiler yn de histoarje fan de Supercopa mei yn totaal acht goals.