Uteka Bauwenga wie yn 1425 grytman to Wobbengabreggha.
Bauwenga hie dat amt ek noch yn 1427.Sjarterboek I, siden 464 en 475 Uteka wurdt yn 1425 neamd yn 'eene ferdban' ferliend oan Hijle Rijirdusma op de besittings fan Sminia yn Burstum by Akkrum. Meirjochters fan Bauwenga wiene Wijbe Jelkama, Feijke Ferkisma en Reijner Bobingha. Yn die tiid bestie it lettere Utingeradiel grif út meardere gritenijen mei meardere grytmannen. Nei alle gedachten bestie Wobbynghabreggha út Terkaple en Eagmaryp.Tresoar.nl Sjoch ek List fan grytmannen fan Utingeradiel
Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Utingeradiel Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn de 14e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 15e iuw