Noardwest-Ingelân (Ingelsk: North West England) is ien fan de njoggen offisjele bestjoerlike kriten (regio's) fan Ingelân, en is as sadanich oprjochte yn 1994. Yn Noardwest-Ingelân wenje likernôch 7 miljoen ynwenners (2011). Fan de njoggen regio's hat Noardwest-Ingelân op twa nei de measte ynwenners.

By Noardwest-Ingelân hearre de folgjende greefskippen en stedske greefskippen:

Kumbria Grut-Manchester Lancashire Merseyside

Dêrnjonken lizze yn it gebiet fan de krige de folgjende Unitary Authorities (selsstannige stedsgemeenten):

Blackburn with Darwen Blackpool Cheshire East Cheshire West and Chester Halton Warrington

Sjoch ek Greefskippen fan Ingelân Regio's fan Ingelân

Kategory:Regio fan Ingelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1994