Ofke Grijph (ek: Onopherus Grijph († Hardenberg, 1580) wie grytman fan Utingeradiel fan 1575-1578.

Ofke Grijph wie de âldste soan fan Andrys Grijph dy't fan 1570 ôf grytman fan Utingeradiel west hie. Andrys waard op 20 april 1574 troch Caspar de Robles 1574 ta substitút-grytman oanwiisd yn de tiid dat syn heit finzen siet. Ofke waard yn 1580 foar it rjocht dage om syn flecht út te lizzen mar hy ferskynde net. Hy sneuvele datselde jier yn de Slach op de Hardenbergerheide.Oer de Slach op de Hardenbergerheide Hy waard mei de oare slachtoffers begroeven by de tsjerke fan Hardenberg. Yn 1578 waard hy as grytman opfolge troch Feijcke Tetmans. Ofke wie troud mei Jets Pitersdochter. Harren soan Erasmus ferstoar foar syn mem. Ofke Grijph wenne nei alle gedachten yn Aldeboarn.R.rek. 1574-'75. Commissieboek. Suffr. Petrus,(t.a. pi.) 184. Oantekeningen fan E.M. v. B. Sjarterboek. IV, 192

Sjoch ek List fan grytmannen fan Utingeradiel

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Utingeradiel Kategory:Frysk balling Kategory:Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1580 Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend)