Boekhannel Douma (Nederlânsk en offisjeel: Boekhandel Douma) wie in Fryske boekhannel yn Surhústerfean. It bedriuw bestie fan 1945 oant 2019.

Skiednis Boekhannel Douma waard ein 1945 oprjochte troch de Surhústerfeanster boekferkeaper Douma. Begjin 1980-er jierren waard it bedriuw oernommen troch dy syn soan Joop Douma, dy't de boekhannel krapoan fjirtich jier dreau. Untlêzing, it feit dat de skoalbern tsjintwurdich harren stúdzjeboeken by grutte distributeurs oanskaffe en brekme oan in opfolger beklonken úteinlik it lot fan Boekhannel Douma. De winkel gie op 2 febrewaris 2019 foargoed ticht. It wie tsjin dy tiid ien fan 'e lêsten fan syn soarte yn Fryslân: in selsstannige boekhannel sûnder webside.

Douma Kategory:Surhústerfean Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1945 Kategory:Bedriuw opheft yn 2019