Klaas Kielstra (Drachten, 16 novimber 1963) is in Frysk VVD-politikus út Stiens.
Politike karriêre Kielstra wie fraksjefoarsitter foar de VVD yn de gemeenteried fan Ljouwerteradiel. Sûnt 2011 siet er foar dy partij yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Nei't Aukje de Vries ophold as fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Steaten, folge Kielstra har op. De Vries gie nei de Twadde Keamer.
Kielstra as deputearre Nei de Provinsjale ferkiezingen fan 2015, wêrby't Kielstra de listlûker fan e VVD wie, wie de VVD ien fan de partijen dy't meidie oan de ûnderhannelings foar in koälysje. Op 15 maaie waard it koälysje-akkoart presintearre. De VVD kaam yn de koälysje, mei CDA, FNP en SP. Kielstra waard de earste VVD'er yn de Deputearre Steaten fan Fryslân sûnt Ton Baas dêr fan 2003 oant 2007 yn siet. Kielstra krige yn syn portefúlje ûnder Bedriuwsfiering, Romtlike Untjouwing en Rekreaasje en Toerisme.
Wêrom as fraksjefoarsitter
Kielstra wie listlûker foar de VVD by de Provinsjale ferkiezingen fan 20 maart 2019. De nûmer twa op de list, Avine Fokkens, hie op de ferkiezingsjûn by Omrop Fryslân al ferteld dat Kielstra net automatysk wer deputearre wurde soe, mocht de VVD yn it kolleezje komme.Fokkens op de ferkiezingsjûn yn 2019 by Omrop Fryslân
Dat die bliken yn april, in moanne nei de ferkiezingen,: de oare Steateleden fan de VVD hiene mear fertrouwen yn Fokkens as deputearre. Kielstra naam har plak yn as fraksjefoarsitter yn de Steaten.VVD stemt Kielstra weg als gedeputeerde, op frieschdagblad.nl
Kategory:Frysk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn 1963 Kategory:Persoan berne yn Drachten