Oebele Feike Brouwer (Snits, 15 febrewaris 1960)Wegener Sleeswijk, R.S. & Oldersma, L. (1999). Rechterlijk Friesland 1811-1999. Naamlijst leden rechterlijke macht, leden openbaar ministerie en griffiers, side 68. Uitgeverij Verloren, Hilversum. . wie tusken 2019 en 2024 boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Hy wie as boargemaster net oan in partij ferbûn.
Biografy Wurk by justysje Foar't er boargemaster waard, wurke Brouwer 27 jier lang by justysje. Hy wurke ûnder oare by it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert, foar de noardlike resjerzje yn Grins en it lanlik parket yn Rotterdam. By justysje hat Brouwer tal fan grutte saken meimakke, lykas de moardsaak-Baflo wêrby't in plysjeman ombrocht waard en de ûntfiering fan de 11-jierrige Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. De saak dy't Brouwer nei eigen sizzen benammen bybliuwe sil, is de moard op de Marianne Vaatstra fan De Westereen. Sy waard op 1 mei 1999 ombrocht yn in greide by Feankleaster. Brouwer wie yn de earste jierren parse-offisier.Oebele Brouwer by ôfskied fan justysje: "Ekskús yn Vaatstrasaak hie passend west", Omrop Fryslân, 30 jannewaris 2019.
Boargemaster Achtkarspelen Nei't Gerben Gerbrandy yn 2018 bekend makke op te hâlden as boargemaster fan Achtkarspelen, skreau de gemeente in iepen sollisitaasje út. Brouwer wie ien fan de persoanen dy't dêrop reagearre. Dat Brouwer sollisitearre, hie te krijen mei de profylskets. "Doe't ik dy seach, de skets fan de Ried en dy fan de ynwenners fan Achtkarspelen, doe tocht ik: ja, dit moat wêze. Se beskreaune in Fryske boargemaster mei bining, dy't tusken de minsken stiet."Wâldpyk-boargemaster Brouwer kin dalik wer op 'e fyts nei it wurk, Omrop Fryslân, 13 desimber 2018.
Brouwer wennet net yn de gemeente, mar wol flakby: yn Eastermar yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel.
Brouwer kundige yn 2024 syn fertrek oan as boargemaster fan Achtkarspelen. Op 30 jannewaris 2025 waard Brouwer opfolge troch Jouke Douwe de Vries. Sûnt 1 april 2025 is Brouwer strafrjochter yn Ljouwert.RTV Noardeast Fryslân, 28 jannewaris 2025.
Njonkenfunksjes Oebele Brouwer sit yn de advysried fan de AfûkFerbine en diele. Beliedsplan Afûk 2016-2020, Afûk, 2016., is foarsitter fan de sylried fan de SKSUitspraak Zeilraad aangaande hoger beroep, SKS, 13 augustus 2018. en gastdosint oan de plysje-akademy.Raad Achtkarspelen beveelt Oebele Brouwer aan als nieuwe burgemeester, Achtkarspelen, 13 desimber 2018.
Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Achtkarspelen Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1960