Tiffany Doll, echte namme ûnbekend (Cherbourg, 20 maaie 1986), is in Frânsk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Cecille, Coco, Ella James en Tiffany D. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile sûnt yn in grut tal films yn sawol Jeropa as de Feriene Steaten. Doll stiet bekend om har atletyske uterlik en har tige lange hier. Se hat al sân kear nominearre west foar in prestizjeuze AVN Award.
Libben en karriêre Tiffany Doll waard yn 1986 berne yn Cherbourg, oan 'e Atlantyske kust fan 'e Frânske regio Normanje. Hja is fan mingd Normandysk-Frânsk, Fjetnameesk en Tunezysk-Arabysk etnysk komôf. Yn 2010, doe't se 24 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film yn 'e pornoyndustry fan 'e Britske haadstêd Londen. Datselde jiers wûn se de titel Miss Top Girl op 'e erotykbeurs fan 'e Tsjechyske haadstêd Praach. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se tsjin begjin 2019 yn 337 films spile, hoewol't dêrby oantekene wurde moat dat de IAFD in Amerikaanske database is, dy't inkeld bûtenlânske films opnimt ynsafier't dy't yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne.
Doll hat yn Jeropa wurke foar filmstudio's as it Frânske Vidéo Marc Dorcel, de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, it Sweedske Private en it Spaanske Woodman Entertainment. Dêrnjonken hat se ek in protte yn 'e Feriene Steaten aktyf west, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, New Sensations, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Digital Sin. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende Noardamerikaanske studio's, lykas it Amerikaanske Pure Play Media en Girlfriends Films, en it Kanadeeske Mile High Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, Brazzers, Naughty America, Kink.com en Blacks on Blondes. Ien fan 'e bekendste films dêr't Doll by belutsen wie, is Baiser, fan 'e Frânske stjoerder Canal+.
Under har karriêre hat Tiffany Doll yn sênes spile mei kollega-aktrises as Britney Amber, Alexis Brill, Lily Carter, Erica Fontes, Marica Hase, Allie Haze, Henessy, Anissa Kate, Kerry Louise, Sharon Lee, Chastity Lynn, Jureka del Mar, Evita Pozzi, Luna Rival, India Summer, Juelz Ventura, Dana Vespoli, Marina Visconti en Jennifer White. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Danny D, Mark Davis, James Deen, Ben Dover, Erik Everhard, Keiran Lee, Mr. Marcus, David Perry, Mr. Pete, Toni Ribas, Lexington Steele, Leslie Taylor, Bruce Venture, Mark Wood, Pierre Woodman en Prince Yahshua. Doll hat anno 2019 sân kear nominearre west foar in Amerikaanske AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), wêrûnder fjouwer jier efterinoar (fan 2014 oant en mei 2017) foar de priis yn 'e kategory bûtenlânske artyste fan it jier.
Priveelibben Tiffany Doll hat in relaasje mei de Frânske pornoakteur Bruno Sx. Yn in fraachpetear hat se oanjûn dat se hâldt fan Belgyske sûkelarje, tulpen, rockmuzyk, sulverne sieraden en de kleur pears.
Lichemsskaaimerken Doll hat in blanke hûdskleur en in atletysk uterlik, mei brune eagen en brún hier, dat se faak tige lang groeie lit. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 49 kg, en in natuerlike kupmaat 32B. Se hat gjin tatoeaazjes, mar wol piercings troch har earlellen en klitoris, mei dêropta in nâlpiercing en in tongpiercing.
Prizen en nominaasjes jier priis resultaat kategory foar har optreden yn 2012 Urban X Awardnominearrebêste triosekssêne (mei Prince Yahshua)Prince the Penetrator 2014 AVN Awardnominearrebûtenlânske artyste fan it jiern.f.t. 2015 AVN Awardnominearrebûtenlânske artyste fan it jiern.f.t. 2016 AVN Awardnominearrebêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei XXX)Baron's Whoresnominearrefavorite froulike pornostjer (publykspriis)n.f.t.nominearrebûtenlânske artyste fan it jiern.f.t. 2017 AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (mei ferskate oaren)Gangbang and Orgies Oh Mynominearrebûtenlânske artyste fan it jiern.f.t. 2018 XCritic Awardnominearrebûtenlânske artyste fan it jiern.f.t.
Keppelings om utens Tiffany Doll op Twitter Biografy en filmografy fan Tiffany Doll yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Tiffany Doll yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Tiffany Doll op FreeOnes
Kategory:Frânsk neakenmodel Kategory:Frânsk froulik pornoakteur Kategory:Jeropeesk pornoakteur fan East- of Súdeastaziatysk komôf Kategory:Jeropeesk pornoakteur fan Middeneastlik of Súdaziatysk komôf Kategory:Normandysk persoan Kategory:Frânsk persoan fan Fjetnameesk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Tunezysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986