De Slach by Rorke's Drift wie in slach yn it ramt fan 'e Sûlû-Oarloch (jannewaris oant july 1879), wêryn't it Britske Ryk it Keninkryk fan 'e Sûlû's ferovere en anneksearre. It treffen waard útfochten op 22 en 23 jannewaris 1879, fuort nei't de Britten in swiere nederlaach lit hiene yn 'e Slach by Isandlwana. It striidtoaniel wie de missypost Rorke's Drift, oan 'e Buffelrivier, dy't doedestiden de grins foarme fan 'e Britske koloanje Natal mei Sûlûlân. Tsjintwurdich leit dat plak yn 'e Súdafrikaanske provinsje kwaZulu-Natal.

Yn 'e missypost hiene har ûnder befel fan 'e luitenants John Chard en Gonville Bromhead 154 Britten ferskânze, dy't twa dagen lang belegere waarden troch in leger fan 3.000 oant 4.000 Sûlû-krigers ûnder lieding fan prins Dabulamanzi kaMpande. Mei massive stoarmoanfallen rûnen de Sûlû's it lytse garnizoen op in hier nei ûnder de foet, mar de slach einige ear't dat barre koe. Oan 'e ferdigeners waarden neitiid alve Fiktoariakrusen útrikt, de heechste Britske militêre ûnderskieding.

Kontekst: de Sûlû-Oarloch De Sûlû-Oarloch wie in koloniale oarloch fan it Britske Ryk, dy't syn oarsprong fûn yn it skeel oer it ferrin fan 'e grins tusken it Keninkryk fan 'e Sûlû's (koartwei 'Sûlûlân' neamd) en de Transvaal, in krite dy't bewenne waard troch de blanke 'Boeren', etnyske Afrikaners. De Boeren hiene yn 'e Transvaal in ûnôfhinklike Súdafrikaanske Republyk fêstige, mar dy waard yn 1877 anneksearre troch de Britten, sadat dy by it grinsskeel belutsen rekken. (Yn 'e Earste Boere-oarloch fan 1880-1881 soe de Súdafrikaanske Republyk syn ûnôfhinklikheid weromwinne.)

Njonken it neamde grinsskeel spilen ek ferskate ekspedysjes in rol, fan groepkes Sûlû-krigers op it grûngebiet fan 'e Britske koloanje Natal (besuden de Transvaal), om Sûlû-froulju werom te heljen (en neitiid terjocht te stellen) dy't by harren man weirûn wiene. Mar it wichtichste wie dat sir Henry Bartle Frere, de hege kommissaris fan Natal, in Súdafrikaanske federaasje ûnder Britske oerhearskippij foarstie, dêr't in ûnôfhinklik Sûlûlân net yn paste. Op eigen manneboet stjoerde Frere yn desimber 1878 in ultimatum oan Cetshwayo kaMpande, de kening fan 'e Sûlû's, wêryn't er trettjin easken stelde wêrfan't yn 't foar dúdlik wie dat se foar de Sûlû's ûnakseptabel wêze soene, lykas it ûntbinen fan it Sûlû-leger en it tafersjoch fan in Britsk residint op alle beslissings fan it Sûlû-regear.

Frere bedreach de boel troch mei opsetsin gebrûk te meitsjen fan 'e lange ôfstân tusken Natal en Londen (brieven wiene mear as in moanne ûnderweis) om it Britske regear ûnkundich te litten fan syn bedoelings, sadat er syn eigen gong gean koe. Cetshwayo, oan 'e oare kant, hie goed foar it ferstân dat er it op 'en lange doer net fan 'e Britten winne koe, en dêrom besocht er út alle macht oarloch mei harren foar te kommen. Oan 'e easken fan Frere syn ultimatum koed er lykwols net tajaan, mar om't eltse ôfwizing it spul noch minder makke hawwe soe, besleat er om der hielendal net op te reägearjen. Foar it gefal dat de Sûlû's dochs mei de Britten yn oarloch reitsje soene, oardere er syn legeroersten en troepen om útslutend harren eigen lân te ferdigenjen en har net op Britske gerjochtichheid te bejaan. Teffens befoel er harren om inkeld de read-unifoarmearre Britske militêren te deadzjen en gjin oare blanken.

Al foar it ôfrinnen fan it ultimatum, op 10 jannewaris 1879, hie Frere de Britske troepen yn Natal mobilisearre en nei de grins mei Sûlûlân ta stjoerd, wêrmei't er syn bedoelings ferrette. Sadwaande koene dy troepen, ûnder befel fan luitenant-generaal Frederick Augustus Thesiger, 2e baron Chelsmford, op 11 jannewaris fuortendaliks de grins oergean om Sûlûlân te feroverjen.

Op dat stuit wist it Britske regear yn Londen noch fan neat, mei't Frere inkeld skreaun hie dat er fan doel wie om Cetshwayo in ultimatum te stellen. Dat brief wie skreaun op 14 oktober en teplak kommen op 16 novimber; hie sir Michael Hicks Beach, de minister fan Koloanjes, begrepen wat der spile, dan hied er Frere noch tsjinhâlde kinnen as er fuortendaliks in brief weromstjoerd hie. Mar dat died er net, want hy hie der alhiel gjin aan fan wat Frere yn 't sin hie. Sadwaande skreau er yn jannewaris yn in brief dat Frere ta it uterste gean moast om oarloch foar te kommen. Tsjin 'e tiid dat dat brief Frere berikte, yn febrewaris, wie it al fierstente let. Op 22 jannewaris hie Chelmsford nammentlik yn 'e Slach by Isandlwana in ferpletterjende nederlaach lit tsjin 'e Sûlû's. Iroanysk genôch waard dy oerwinning de deastek foar it Sûlû-keninkryk, want troch de dea 1.300 Britten stie doe de eare fan it Britske Ryk op it spul en bestie der gjin inkele kâns mear dat it konflikt troch ûnderhannelings oplost wurde koe.

It striidtoaniel Rorke's Drift, dat yn it Sûlû bekendstie as kwaJimu ("it lân fan Jim"), wie in missypost besteande út in stikmannich gebouwen, dy't oarspronklik boud wiene as de hannelspost fan James Rorke, in Iersk keapman. It kompleks wie oanlein yn 'e neite fan in drift, in furde, yn 'e Buffelrivier (Sûlû: Mzinyathi). De rivier foarme doedestiden de grins fan 'e Britske koloanje Natal mei it ûnôfhinklike Sûlûlân, en de missypost stie op 'e westlike igge, yn Natal. Oare kant de rivier, yn Sûlûlân, lei de Oscarberg (Sûlû: Shiyane), in mânske heuvel dy't op 'e missypost delseach.

Foarspul Op 9 jannewaris 1879 arrivearre de middelste kolonne (No. 1 Column) fan 'e Britske ynvaazjemacht by Rorke's Drift, ûnder befel fan Lord Chelmsford sels, en sloech dêr syn kamp op. Yn 'e gebouwen fan 'e missypost fêstigen de troepen in it befoarriedingsstasjon en in fjildhospitaal. Op 11 jannewaris, de deis dat it ultimatum fan Frere ôfrûn, stieken Chelmsford en syn troepen de furde oer en sloegen in nij kamp op oan 'e Sûlû-kant fan 'e rivier. In lyts detasjemint, besteande út B Kompanjy fan it 2e Bataljon fan it Britske 24e Rezjimint Fuotfolk (ek bekend as it 2e Warwickshire Rezjimint), krige de opdracht om it befoarriedingsstasjon en fjildhospitaal te bewekjen. Dy kompanjy stie ûnder befel fan luitenant Gonville Bromhead. It befel oer de hiele operaasje te Rorke's Drift, ynkl. befoarrieding, fjildhospitaal en sjenytroepen, waard taskikt oan majoar Henry Spalding fan it Britske 104e Rezjimint Fuotfolk, dy't ta de stêf fan Chelmsford hearde.

Op 20 jannewaris, nei militêre ferkenning fan 'e omlizzende krite en oare tariedings, sette de kolonne fan Lord Chelmsford ôf djipper Sûlûlân yn, syn needlot by Isandlwana temjitte (dat 9,7 km fierder eastlik leit). Doe krige in detasjemint fan 100 oant 350 manskippen fan it 2e Bataljon fan it 3e Rezjimint fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint it befel om efter te bliuwen en de bewekking fan Rorke's Drift te fersterkjen. It befel oer dat detasjemint wie yn 'e hannen fan kaptein William Stevenson. It Nataleesk Lânseigen Kontingint (Natal Native Contingent, NNC) wie in legerkorps dat bestie út swarte ynlânske troepen út 'e koloanje Natal, dy't ûnder befel stiene fan blanke ofsieren en ûnderofsieren. Fierders waarden oarders stjoerd nei kaptein Thomas Rainforth om sadree't syn eigen ôflossing arrivearre mei syn G Kompanjy, 1e Bataljon, 24e Rezjimint Fuotfolk op te tsjen út Helpmekaar, 16 km nei it súdeasten, dêr't er legere wie, om him ek by de ferdigeners fan Rorke's Drift te jaan.

Tsjin 'e jûn fan 20 jannewaris arrivearre in diel fan in oare Britske kolonne (No. 2 Column) ûnder kolonel Anthony Durnford te Rorke's Drift. Ek dy sloegen harren kamp op oan 'e Sûlû-kant fan 'e rivier, brochten dêr de nacht troch en bleaune dêr ek de folgjende deis noch, oant let op 'e jûn it befel kaam om op te tsjen nei Isandlwana. Itselde befel gou ek foar in lyts detasjemint fan 'e Royal Engineers (de Britske sjenytroepen), dat ûnder lieding fan luitenant John Chard op 19 jannewaris by de missypost oankommen wie om 'e pontonbrêge te reparearjen dy't oer de Buffelrivier oanlein wie om 'e bagaazjetrein fan it Britske leger fan 'e iene kant nei de oare te helpen. Chard ried op 'e moarn fan 22 jannewaris foar syn mannen út om fertsjutsking fan syn oarders te krijen, mar waard mei inkeld syn eigen wein en weinmenner weromstjoerd nei Rorke's Drift om dêr tariedings te meitsjen foar de oankomst fan 'e ferwachte Britske fersterkings út Natal. Op 'e weromreis kaam er de troepen fan Durnford tsjin dy't yn 'e tsjinstelde rjochting opmarsjearren.

Omtrint de middeisoere op 22 jannewaris ferliet majoar Spalding Rorke's Drift om nei Helpmekaar te riden mei de bedoeling om út te finen wat dêr geande wie. Rainforth syn G Kompanjy wie nammentlik noch altyd net opdaagjen kommen. Om't Chard trije jier earder de rang fan luitenant berikt hie as Bromhead, krige hy doe tydlik it befel oer Rorke's Drift. Net folle letter berikten twa oerlibbenen fan 'e Britske nederlaach yn 'e Slach by Isandlwana de missypost. Dat wiene luitenant Gert Adendorff fan it 1e Bataljon, 3e Rezjimint NNC en in soldaat fan 'e Nataleeske Karabiniers, in oar ynlânsk legerkorps út Natal. Hja brochten it nijs fan 'e nederlaach en fertelden ek dat in diel fan it Sûlû-leger no ûnderweis wie nei Rorke's Drift.

Dêrop folge koartseftich oerlis tusken Chard, Bromhead en in oare Britske ofsier, waarnimmend assistint-kommissaris James Dalton fan it Kommissariaat en Transportdepartemint fan it Britske Leger. De fraach wie oft it better wie om Rorke's Drift te fersterkjen en it op in belis oankomme te litten, of op te pakken en tebek te wiken nei Helpmekaar. Dalton oppenearre dat in lytse kolonne dy't stadich troch iepen lân teach mei weinen fol pasjinten út it fjildhospitaal in maklike proai wêze soe foar de nûmerike oermacht fan 'e Sûlû's. Dêr waard net folle tsjin ynbrocht, dat de mannen wiene it al rillegau iens dat stânhâlden en hoopjen op ûntset de iennichste ferstannige kar wie.

De Britten Doe't se ienris besletten hiene om te Rorke's Drift te bliuwen, setten Chard en Bromhead harren manskippen yn om 'e missypost te fersterkjen. Der wiene op dat stuit sa'n 400 man, dat it wurk gie flot. Der waard in trochrinnende barrikade om 'e missypost hinne boud fan sekken stynske weet, wêrfan't mear as genôch foarhâns wiene. Dy barrikade waard ferankere troch it pakhûs, it gebou dat as fjildhospitaal tsjinne en in stevige stiennene kraal. Ek de gebouwen sels waarden fortifisearre. Sa waarden der sjitgatten yn 'e (houten) bûtenwanden slein en waarden de bûtendoarren oan 'e ferkearde kanten fan 'e gebouwen barrikadearre mei meubilêr.

Omtrint 15.30 oere middeis arrivearre in groep fan sa'n 100 koloniale negroïde helptroepen fan it Britske Leger te Rorke's Drift, dy't ûnder lieding fan 'e blanke luitenant Alfred Henderson yn goede oarder tebekwykt wiene fan Isandlwana. It wiene militêren fan it Nataleesk Lânseigen Hynstefolk (Natal Native Horse, NNH), de kavalery fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint. Henderson bea oan om him mei syn mannen oan 'e fierste kant fan 'e Oscarberg op 'e útkyk op te stellen, mei't de Sûlû's dêrwei komme moasten.