De Würzbrunnentsjerke (Dútsk: Würzbrunnenkirche) is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de grifformearde gemeente Röthenbach im Emmental yn it Switserske kanton Bern. Njonken de tsjerketsjinsten wurdt it tsjerkje ek brûkt as troulokaasje. De tsjerke is in monumint fan nasjonaal belang.
Skiednis Alhoewol't de tsjerke yn de roomske tiid oan Stefanus wijd waard, wie it in beafeartstjerke, dêr't de reliken fan de hillige Wolfgang fereare waarden.
Foar de hjoeddeiske letgoatyske tsjerke stie earder in houten tsjerke. Paus Eugenius III foege de Würzbrunnentsjerke en it lytse kleaster fan Röthenbach yn 1148 by it kleaster Rüeggisberg. Nei in brân yn 1494 waard de tsjerke yn it tsjintwurdich oansjen wer opboud. In stik ferkoald hout yn de nis fan de noardlike bûtenmuorre tsjûget noch fan dy brân.
Mei de reformaasje waard de tsjerke protestantsk en ferdwûnen de ôfbylden fan de hilligen ûnder in nije skilderlaach. Tsjintwurdich binne der noch fresko's by de yngongte sjen.
It oargel fan de tsjerke stamt út 1785 en wurdt noch jimmeroan brûkt. It ynterieur waard yn 1779 yn barokke foarmen mei bibelske teksten beskildere. Yn 1962-1963 is it ynterieur restaurearre.
Trivia De tsjerke krige benammen bekendheid troch de ferfilmings fan de boeken fan Jeremias Gotthelf troch de regiseur Franz Schnyder.
Ofbylden
Kategory:Tsjerkegebou yn Switserlân Kategory:Bouwurk út 1494