Zulu is in Britske histoaryske oarlochsfilm út 1964 ûnder rezjy fan Cy Endfield, mei yn 'e haadrollen Stanley Baker en Michael Caine en oan it begjin en de ein in voice-over troch Richard Burton. De film fertelt frij sekuer it ferhaal fan 'e histoaryske Slach by Rorke's Drift, dy't yn jannewaris 1879 útfochten waard yn wat no Súd-Afrika is. Dat treffen makke ûnderdiel út fan 'e Sûlû-Oarloch tusken it Britske Ryk en it Sûlû-keninkryk. Yn dy slach wist in Britsk garnizoen fan 154 man (wêrûnder 35 siken en ferwûnen) yn in fortifisearre missypost stân te hâlden tsjin in belegering troch likernôch 4.000 Sûlû-krigers. Zulu wie yn 'e 1960-er jierren opmerklik yn 'e sin dat de Sûlû's yn 'e film net ôfskildere wurde as ûnnoazele wylden, mar as in dissiplinearre legermacht dy't oanfierd wurdt troch strategysk ûnderleine haadlju. De film waard mei tige loovjende kritiken ûntfongen.

Plot Begjin 1879 stjoert Lord Chelmsford, de Britske militêr befelhawwer yn 'e koloanje Natal (no de Súdafrikaanske provinsje kwaZulu-Natal) in kommunikee nei de Britske minister fan Oarloch yn Londen, wêryn't (mei in voice-over) de ferpletterjende nederlaach beskreaun wurdt dy't de Britske troepen op 22 jannewaris fan dat jier lit hawwe tsjin 'e Sûlû's yn 'e Slach by Isandlwana. Bylden litte sjen hoe't de Sûlû-krigers dêr neitiid oer it slachfjild doarmje en de gewearen en munysje fan 'e Britske soldaten gearfandelje. By in massale Sûlû-houliksseremoanje dêr't de Sweedske sindeling dû. Otto Witt en syn dochter Margareta tsjûge fan binne, ûntfangt de Sûlû-kening Cetshwayo ek berjocht oer dy grutte oerwinning op 'e Britten.

In kompanjy fan it 24e Rezjimint Fuotfolk fan it Britske Leger brûkt de missypost Rorke's Drift, op 'e grins fan Natal en Sûlûlân, as in befoarriedingsstasjon en fjildhospitaal. Hja hearre it nijs oer de Britske nederlaach fan luitenant Gert Adendorff, in Afrikaner ofsier fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint, dy't mei in diel fan syn mannen de Slach by Isandlwana oerlibbe hat. Dyselde warskôget boppedat dat der 4.000 Sûlû's dy kant út komme. Dêrop nimt luitenant John Chard fan 'e Royal Engineers, it sjenykorps fan it Britske Leger, it befel oer Rorke's Drift oer. De aristokratyske luitenant Gonville Bromhead, in ynfanteryman, is it min nei 't sin dat er ûnder in sjeny-ofsier tsjinje moat om't Chard krekt wat earder as hysels ta luitenant befoardere is.

Om't er wol foar it ferstân hat dat er mei de sike en ferwûne soldaten út it fjildhospitaal nea fluch genôch fuortkomme kin om oan 'e Sûlû's te ûntkommen, beslút Chard dat der neat oars op sit as de missypost te fortifisearjen en op fersterkings te hoopjen. Mei op 'e side kantele weinen, sekken stynske weet en kratten skipsbeskút wurdt in trochrinnende barrikade om 'e missypost hinne oanlein. De sindeling Witt bedrinkt him en wurdt in demoralisearjende faktor as er de soldaten begjint lestich te fallen mei foarsizzings oer hoe't se allegear oan har ein komme sille. Dat liedt derta dat de soldaten fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint útnaaie, hoewol't harren befelfierend ofsier, luitenant Adendorff, dy't in jierrenlange ûnderfining yn 'e omgong mei de Sûlû's hat, bliuwt en Chard en Bromhead advisearret oer de taktiken en bedoelings fan 'e fijân. Witt wurdt op oarder fan Chard opsletten yn in foarriekeamer.

Wylst de impi's fan 'e Sûlû's neieroan komme, arrivearret der te Rorke's Drift in groepke Afrikaner kavaleristen ('Boeren'). Dy besykje Chard de ferdigening fan 'e missypost te ûntpraten, mei't dy nei harren miening hopeleas is. Se riede de Britten oan om har ynstee sa fluch mooglik út 'e fuotten te meitsjen. Chard wit lykwols dat it dêrfoar al fiersten te let is, en hy smeekt de Boeren suver om har by him en syn mannen te jaan. Dat is lykwols om 'e nocht, en de kavaleristen jouwe har ôf. As de Sûlû's by de missypost arrivearje, falle se daliks oan. De Britten iepenje it fjoer, mar Adendorff ynformearret Chard dat de fijân inkeld oan it beproevjen is oft der ek gatten yn 'e ferdigeningsliny sitte. Chard rekket dan yn noed om't er beseft dat de oanfal fan alle kanten tagelyk komme sil, en om't er eins net genôch manskippen hat om 'e hiele rûnte om 'e missypost hinne tagelyk te bemanjen. Dat de Britten mei harren eigen (op it slachfjild fan Isandlwana bútmakke) wapens ûnder fjoer nommen wurde, komt harren ek oer it mad, om't se in fijân ferwachte hiene dy't inkeld mei spearen bewapene wêze soe.

De hiele dei en de hiele nacht wurdt de iene bestoarming troch Sûlû-krigers nei de oare ôfslein, mei swiere ferliezen oan 'e kant fan 'e oanfallers. It slagget de Sûlû's op in stuit en set it dak fan it fjildhospitaal yn 'e brân, wat liedt ta fûleindige gefjochten tusken krigers en de Britske pasjinten dy't oan 'e flammen besykje te ûntkommen. Soldaat Henry Hook, dy't bekend stiet as in dief en in leffert, stiget dêrby boppe himsels út troch it befel oer de pasjinten te nimmen en lieding te jaan oan in súksesfolle útbraak út it brânende gebou.

De oare moarns komme de Sûlû's wer deun by de missypost en sjonge in oarlochsliet; de Britske soldaten reägearje troch Men of Harlech te sjongen. Der folget in lêste oanfal, wêrby't de wurge ferdigeners weromkrongen wurde nei in lytser bolwurk dat se oanlein hawwe fan sekken stynske weet. Dêr foarmje se in liny fan trije man djip, wêrnei't de trije rangen om bar in salvo ôffjurje yn 'e oanstoarmjende massa Sûlû-krigers, krekt sa lang oant dy belies jaan moatte en tebekwike. Nei in skoft fan trije oeren binne de ferdigeners noch oan it bekommen as de Sûlû's har fannijs opstelle. De soldaten berêste yn in nije oanfal, wêrby't se wierskynlik ûnder de foet rûn wurde sille, mar ta harren fernuvering docht bliken dat de Sûlû's in liet sjonge om 'e moed fan harren fijannen te earjen ear't se har weromlûke yn Sûlûlân.

De film einiget mei in twadde stikje voice-over, wêryn't alve Britske soldaten opsomme wurde dy't it Fiktoariakrús, de heechste Britske militêre ûnderskieding, krigen foar harren ynset yn 'e Slach by Rorke's Drift. Dat is it grutste oantal eksimplaren fan dy ûnderskieding dy't ea foar ien treffen oan 'e leden fan ien inkel rezjimint ferjûn is.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise voice-over Richard Burton luitenant John Chard Stanley Baker luitenant Gonville Bromhead Michael Caine

byrollen personaazje akteur/aktrise dûmny Otto Witt Jack Hawkins Margareta Witt Ulla Jacobsson kening Cetshwayo kaMpande fan Sûlûlân haadman Mangosuthu Buthelezi soldaat Henry Hook James Booth sersjant Frank Bourne Nigel Green soldaat Owen Ivor Emmanuel sersjant Robert Maxfield Paul Daneman korporaal William Allen Glynn Edwards soldaat Thomas Neil McCarthy soldaat Frederick Hitch David Kernan soldaat Cole Gary Bond soldaat John Williams Peter Gill legerdokter James Henry Reynolds Patrick Magee soldaat William Jones Richard Davies soldaat Robert Jones Denys Graham korporaal Christian Ferdinand Schiess Dickie Owen luitenant Gert Adendorff Gert van den Bergh kommissaris James Langley Dalton Dennis Folbigge Hughes Larry Taylor legerkok Louis Byrne Kerry Jordan sike soldaat Harvey Hall

Produksje Zulu waard makke troch de Amerikaanske regisseur Cy Endfield, dy't fan oarsprong in senarioskriuwer wie. Yn 'e mande mei de Britske akteur Stanley Baker fersoarge er ek de produksje foar Diamond Films, wylst Joseph E. Levine útfierend produsint wie. It senario wie skreaun troch Endfield en skiedkundige John Prebble, op basis fan in histoarysk artikel fan Prebble. Stephen Dade tekene foar de kamerarezjy, en de muzyk wie fan John Barry. De haadrollen waarden spile troch produsint Stanley Baker en in jonge Michael Caine, foar wa't Zulu syn trochbraak betsjutte. Foar de voice-over waard akteur Richard Burton ynhierd. De rol fan Sûlû-kening Cetshwayo kaMpande waard spile troch de lettere Súdafrikaanske politikus Mangosuthu Buthelezi, dy't sels in pakesizzer fan Cetshwayo wie.

Endfield krige it idee om Zulu te meitsjen nei't er it artikel fan Prebble lêzen hie. Nei oerlis mei Baker skreaune Endfield en Prebble tegearre in senario, dat Baker neitiid oan produsint Joseph E. Levine sjen liet wylst se yn Itaalje Sodom and Gomorrah (1962) oan it opnimmen wiene. Levine stimde deryn ta om 'e finansiering te regeljen, en Zulu waard in produksje fan Baker syn filmstudio Diamond Films. De opnamen waarden foar it meastepart dien op lokaasje yn Súd-Afrika, oan 'e igge fan 'e rivier de Tugela yn 'e Drakensbergen. (De wiere lokaasje fan 'e slach wie 100 km fierder noardwestlik, oan 'e Buffelriver, dêr't it folle minder bercheftich wie.) Ferskate bykommende opnamen waarden dien yn nasjonale parken yn kwaZulu-Natal en de sênes mei it brânende fjildhospitaal waarden draaid yn 'e Twickenham Film Studios yn Middlesex (Londen). De mearderheid fan 'e Sûlû's yn 'e film wiene echte Sûlû's, wêrfan't der 240 mei autobussen út harren heitelân nei de Drakensbergen ferfierd waarden. Nochris likernôch 1.000 Sûlû's wurken mei oan opnames dy't yn kwaZulu sels makke waarden troch in twadde filmploech.

Zulu waard troch produsint Stanley Baker ferlike mei in westernfilm, wêryn't de tradisjonele rollen fan 'e Amerikaanske kavalery en de Yndianen oernommen wiene troch de Britske ynfantery, resp. de Sûlû's. Regisseur Cy Endfield fertoande oan 'e Sûlû-figuranten sels in western om harren sjen te litten hoe't er woe dat se harren hâlde en drage soene. Der gie neitiid in geroft dat fanwegen de apartheidswetjouwing yn Súd-Afrika net ien fan 'e negroïde figuranten yn jild betelle wurde koe, en dat Endfield dêrom it fee dat foar de opnamen brûkt wie oan harren oerdroegen hawwe soe. Dat is net wier: alle Sûlû-figuranten waarden foar harren tsjinsten betelle yn Súdafrikaansk jild, dat omrekkene yn Britsk jild op 9 shillings deis kaam foar de 240 wichtichste figuranten, 8 shillings deis foar de bykommende manlike figuranten en "wat minder" foar de dûnseressen.

In probleem dat wol autentyk is, wie dat de makkers fan Zulu net genôch Martini-Henry-gewearen besette koene, en dat se dêrom foar in diel fan 'e Britske soldaten fermomde Enfield-gewearen brûke moasten. Oer it algemien is it sa dat yn sênes dy't fan 'e rjochterkant ôf opnommen binne, de soldaten tarist binne mei Martini-Henrys, wylst se, as de sêne fan 'e lofterkant ôf opnommen is, tarist binne mei Enfields (om't it ferskil fan dy kant ôf net sa opfoel). Zulu waard makke mei in budget fan £666.554. De film gie op 22 jannewaris 1964 yn it Londenske West End yn premiêre, persiis 85 jier nei de Slach by Rorke's Drift. De distribúsje fan Zulu waard oer de hiele wrâld dien troch Paramount Pictures, behalven yn 'e Feriene Steaten, dêr't Embassy Pictures de distributeur wie. Yn Súd-Afrika waard Zulu ferbean foar it swarte bioskooppublyk, mei't it apartheidsregear benaud wie dat de striid fan 'e Sûlû's tsjin 'e Britten de swarte befolking op it idee bringe soe om 'e wapens op te nimmen tsjin 'e blanken. Inkeld de Sûlû-figuranten dy't oan 'e produksje meiwurke hiene, mochten it resultaat fan harren wurk yn in pear besletten filmfertoanings besjen.

Historisiteit De slach De beskriuwing fan 'e Slach by Rorke's Drift, sa't dy yn Zulu ferfilme waard, is foar it meastepart ferrassend histoarysk korrekt. Ferrassend, om't films út 'e sechstiger jierren it faak net sa nau namen mei de ferbylding fan koloniale konflikten. Regisseur en senarioskriuwer Cy Endfield gie sels te rie by in Sûlû-histoarikus foar ynformaasje oer de slach út 'e orale tradysje fan 'e Sûlû's. Ek de portrettearring fan 'e Sûlû's wie foar dy tiid opmerklik, mei't se net weiset waarden as ûnnoazele wylden, mar as in dissiplinearre legermacht dy't oanfierd wurdt troch strategysk ûnderleine haadlju.