De 1930-er jierren, ek oantsjut as de tritiger jierren en de jierren ’30, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1931 en duorre it oant en mei 31 desimber 1940, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1930 oant en mei 31 desimber 1939. Dit desennium stie benammen yn it teken fan in djippe ekonomyske krisis dy't de Grutte Depresje neamd wurdt, en dy't foar in soad wurkleazens en earmoede soarge. Dêrnjonken wiene de tritiger jierren in tiid fan oanboazjende spannings yn Jeropa, feroarsake troch de opkomst fan it faksisme yn ferskate lannen en it dêroan besibbe nasjonaal-sosjalisme yn Dútslân, dêr't yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht kaam. It desennium markearre de ein fan it Ynterbellum en einige mei de Dútske ynfal yn Poalen, yn septimber 1939, dy't it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch betsjutte. Kultureel wiene de 1930-er jierren in perioade fan oanboazjende kekenens en sensuer, wat him û.m. utere yn 'e ein fan it Pre-Code-tiidrek yn Hollywood yn 1934. __TOC__ Oersjoch De 1930-er jierren binne suver synonym mei de Grutte Depresje, in perioade fan grutte ekonomyske tebekgong, dy't ek wol bekendstiet ûnder de oantsjutting fan 'e Krisisjierren. Dy snuorje sette útein mei de beurskrach fan 1929 en duorre dêrnei goed tsien jier, oant yn 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbriek. De Grutte Depresje hie in traumatysk effekt op 'e hiele wrâldekonomy, mar kaam benammen yn 'e Westerske wrâld hurd oan. De ekonomyske krisis late ta wiid fersprate wurkleazens en dêrtroch ta grutte earmoede.

Yn 'e Feriene Steaten boaze it effekt fan 'e Grutte Depresje noch oan troch it dermei gearfallende ferskynsel fan 'e Dust Bowl, wêrby't dielen fan 'e Grutte Flakten troffen waarden troch oanhâldende stofstoarmen, feroarsake trochdat blanke kolonisten de lânseigen prêrjebegroeiïng ferfongen troch folle minder djipwoartele eksoatyske planten (ntl. nôt), dy't de moude net fêsthâlde koene. Miljoenen boeren wiene dêrtroch twongen om krekt yn in tiid fan ekonomyske krisis harren lân te ferlitten en in better bestean yn 'e stêden te sykjen. De Amerikaanske presidint Herbert Hoover makke de swierrichheden noch slimmer mei syn mislearre besykjen om 'e begrutting yn lykwicht te bringen, wêrfoar't er de belestings ferhege. Yn 1933 keazen de Amerikanen dêrom foar him yn 't plak Franklin D. Roosevelt ta presidint, dy't de New Deal yntrodusearre, in belied basearre op 'e keynesiaanske teory, wêrby't de oerheid krekt mear jild yn 'e ekonomy pompte. Dat barde troch opdracht te jaan foar de bou fan grutte ynfrastrukturele projekten, lykas de oanlis fan 'e Hooverdaam by Las Vegas en fan ferskate keardammen yn 'e rivier de Tennessee yn it ramt fan 'e Tennessee Valley Authority (TVA).

Ek Dútslân hie tige slim fan 'e Grutte Depresje te lijen, wat feroarsake waard troch de swiere ferhelbetellings dy't it lân nei de Earste Wrâldoarloch troch de Alliëarden oplein wiene. De ekonomyske misêre wie ien fan 'e wichtichste faktoaren dy't derfoar soargen dat de Dútsers yn mearderheid har nocht hiene fan 'e swakke Weimarrepublyk, dy't oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch oprjochte wie. Dêrfoar yn 't plak brochten se sadwaande yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht, de lieder fan 'e ekstreem-rjochtse Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij. Hitler loek neitiid alle macht nei himsels ta en regearre it lân as diktator. Hy sette útein mei in politike kampanje dy't Dútslân wer grut meitsje moast. Stappen op 'e wei nei dat doel wiene de Reynkorporaasje fan it Saargebiet en de werbewapening fan Dútslân yn 1935, de Remilitarisaasje fan it Rynlân yn 1936, de Anschluß fan Eastenryk en de anneksaasje fan it Sudetenlân yn 1938, en de anneksaasje fan Bohemen en Moraavje, de anneksaasje fan Danzig en de Dútske ynfal yn Poalen yn 1939. Uteinlik late Hitler syn belied dêrmei ta it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch.

Ek yn in soad oare lannen waard yn 'e 1930-er jierren de diktatuer ynsteld, lykas yn Estlân, Letlân, Eastenryk, Roemeenje, Bulgarije, Albaanje, Grikelân en in stikmannich Latynsk-Amerikaanske steaten. Yn Spanje briek yn 1936 de Spaanske Boargeroarloch út, dy't nei jierren fan bloedige striid einige mei de oerwinning fan generaal Francisco Franco en de ynstelling fan in faksistyske diktatuer yn dat lân. Dútslân wie lykwols in gefal apart fanwegen it ynstitúsjonalisearre antysemitisme dat Hitler en syn oanhingers dêr yntrodusearren, û.m. mei de Neurenberger Wetten. Dy joadehaat boaze geandewei fierder oan en berikte oan 'e ein fan 'e jierren tritich in hichtepunt yn 'e Kristallnacht fan 1938. Uteinlik soe it, ûnder de Twadde Wrâldoarloch útrinne op in genoside op suver yndustriële skaal: de Holokaust.

De Westerske demokrasyen, mei de ferskrikkings fan 'e rinfuorgen fan 'e Earste Wrâldoarloch noch klear foar eagen, lieten yn dit twadde desennium fan it Ynterbellum in opmerklike slopheid blike as it gie om lannen as Dútslân ta de oarder te roppen. Dy saneamde appeasement, in polityk fan fermoedsoening troch it dwaan fan konsesjes, berikte yn septimber 1938 syn hichtepunt mei it sluten fan it Ferdrach fan München, wêrby't it Feriene Keninkryk en Frankryk Tsjechoslowakije opofferen om 'e frede mei Dútslân te bewarjen. Sok belied bea mooglikheden oan sterkere lannen om swakkere lannen mei geweld te oermasterjen sûnder dat dêr wat tsjin dien waard, útsein de almar wanhopiger oproppen ta wrâldfrede troch it Folkebûn. Sa waard it Afrikaanske lân Abessynje ûnder de Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch fan 1935-1936 ferovere en beset troch Itaalje, wylst Japan yn 1937 de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch begûn en grutte dielen fan Sina besette.

Underwilens wie yn 'e Sovjet-Uny Josef Stalin dwaande mei de konsolidaasje fan syn macht. Oanhâldend liet er wiere en fermiende tsjinstanners út alle rangen en stannen fan 'e maatskippij likwidearje, wat geandewei de 1930-er jierren útrûn op 'e ferskrikkings fan 'e Grutte Suvering, dy't duorre fan 1936 oant 1938. Tagelyk waard ek op folslein ûnmeilydsume wize de kollektivisaasje fan de lânbou trochfierd, mei as gefolch de Sovjet-hongersneed fan 1932-1933, wêrby't miljoenen minsken omkamen, benammen yn 'e Oekraïne. Yn Sina wiene de nasjonalisten en de kommunisten noch altyd ferwikkele yn 'e Sineeske Boargeroarloch. Yn 'e koloanjes fan Afrika, Súd-Aazje en Súdeast-Aazje begûn de befolking stadichoan mear selsbewust te wurden. Lieders as Mahatma Gandhi yn Britsk-Ynje, Hồ Chí Minh yn Frânsk-Yndo-Sina en Soekarno yn Nederlânsk-Ynje, begûnen oan te kringen op in ein oan 'e Westerske oerhearsking.

Wichtichste foarfallen 1930 23 jannewaris - Yn 'e Dútske dielsteat Tueringen wurdt Wilhelm Frick as earste NSDAP-politikus ea minister yn in dielsteatregear. 26 jannewaris - Yn Britsk-Ynje ropt de sosjalistyske foaroanman Jawaharlal Nehru de ûnôfhinklikheid fan Yndia út by wize fan protest tsjin 'e Britske wegering om 'e koloanje mear selsbestjoer te jaan. 28 jannewaris - Yn Spanje moat premier Miguel Primo de Rivera, dy't lieding jout oan in militêre diktatuer, opstappe as gefolch fan in finansjele krisis yn it ramt fan 'e Grutte Depresje, nei't dúdlik wurdt dat it leger him net mear stipet. 18 febrewaris - De Amerikaanske astronoom Clyde Tombaugh ûntdekt Pluto, de njoggende planeet fan it Sinnestelsel. 6 maart - In massale demonstraasje troch wurkleazen yn New York wurdt troch de Amerikaanske plysje ûnmeilydsum útinoar slein. 12 maart - Yn Britsk-Ynje begjint de lânseigen foaroanman Mahatma Gandhi oan it haad fan in grutte kloft folk oan syn Sâltmars nei de see, om dêr sels sâlt te winnen en sa it Britske monopoalje op sâlt yn Ynje oan 'e kaak te stellen. 3 april - Nei it ferstjerren fan keizerinne Zewditu wurdt Haile Selassie allinnichhearsker fan Abessynje. 5 maaie - Oan 'e ein fan syn súksesfolle Sâltmars wurdt yn Britsk-Ynje de aktivist Mahatma Gandhi mei tûzenen oanhingers op lêst fan Lord Irwin, de Britske ûnderkening, arrestearre foar it yllegaal winnen fan sâlt (dêr't de Britske oerheid yn Ynje it monopoalje op hat). 19 maaie - Súd-Afrika fiert it frouljuskiesrjocht yn (mar allinnich foar blanke froulju). 8 juny - De út ballingskip weromroppen Karel II folget syn njoggenjierrige soan Michael op as kening fan Roemeenje. (Hy wie yn 1925 ferballe troch syn heit, kening Ferdinand, en doe't dyselde yn 1927 stoar, waard er dêrom opfolge troch syn pakesizzer, de doe seisjierrige Michael.) 26 juny - It 16e Partijkongres fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny stiet hielendal yn it teken fan suverings. Foaroanman Josef Stalin hâldt in seis oeren duorjende taspraak dêr't er fierdere maatregels yn oankundiget tsjin trotskisten en oare tsjinstanners. 1 july - It Feriene Keninkryk stimt yn mei de ûnôfhinklikheid fan Irak, dy't pland stiet foar 1932. 21 augustus - Yn Nederlân falt de Wieringermar drûch. Dit is it earste grutte projekt fan 'e Suderseewurken. 25 augustus - Yn Poalen lit de premier en minister fan Definsje, maarskalk Józef Piłsudski, de lieders fan 'e linkse en sintrumrjochtse opposysjepartijen oppakke en finzen sette. 25 augustus - By in steatsgreep yn Perû wurdt diktator Augusto Leguía ôfset, dy't al sûnt 1919 oan macht is. 5 septimber - By in steatsgreep yn Argentynje wurdt de liberale presidint Hipólito Irigoyen ôfset troch generaal José Uriburu, dy't stipe wurdt troch de grutgrûnbesitters. 9 septimber - Yn Peking lit generaal Feng Yuxiang himsels ta presidint útroppe fan in tsjinregear (tsjin dat fan Chiang Kai-shek). 14 septimber - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân komme de faksistyske NSDAP en de kommunistyske KPD as de grutte winners út 'e bus. septimber - De Earste Koerdysk-Arabyske Oarloch brekt út yn noardlik Irak. 4 novimber - By de Revolúsje fan 1930 komt yn Brazylje Getúlio Vargas oan 'e macht. 5 desimber - Yn Belgje falle by de giframp yn de Maasdelling by Luik 66 deaden as der in wolk giftich gas út in gemysk fabryk ûntsnapt. 12 desimber - De lêste Alliëarde troepen ûntromje it Saargebiet, dat de status fan mandaatgebiet fan it Folkebûn hat. 22 desimber - Yn 'e Noarske haadstêd Oslo ûndertekenje Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Denemark, Noarwegen, Sweden en Finlân de Konvinsje fan Oslo, wêryn't se inoar ekonomyske en politike stipe ûnthjitte. 30 desimber - Nei't de opstân fan Feng Yuxiang yn noardlik Sina delslein is, konsintrearret de Sineeske diktator Chiang Kai-shek him op it besingeljen en ferneatigjen fan 'e kommunistyske bases yn súdlik Sina.

1931 19 jannewaris - Yn Londen mislearret de earste rûnetafelkonferinsje oer de takomst fan Britsk-Ynje trochdat it Yndysk Nasjonaal Kongres wegeret om oan te skowen salang't syn foaroanman Mahatma Gandhi troch de Britten fêstholden wurdt. 25 jannewaris - De Britsk-Yndyske foaroanman Mahatma Gandhi wurdt frijlitten út Britske finzenskip (nei't er oppakt wie fanwegen syn ynbrek op it sâltmonopoalje fan 'e Britske oerheid yn Ynje). 17 febrewaris - Yn Britsk-Ynje fine de earste besprekkings plak tusken Lord Irwin, de Britske ûnderkening, en de lânseigen lieder Mahatma Gandhi. 5 maart - Yn Britsk-Ynje slute Lord Irwin, de Britske ûnderkening, en de lânseigen lieder Mahatma Gandhi it Irwin-Gandhi-pakt. Neffens dy oerienkomst jout Gandhi syn Yndysk Nasjonaal Kongres foarearst de striid foar ûnôfhinklikheid op en wurdt de kampanje fan boargerlike oerhearrigens stillein. De Britten litte alle finzen nommen aktivisten frij, betelje skealeasstellings út oan lju dy't ûnder harren hurde optreden te lijen hân hawwe, en stelle harren iepen op by nije ûnderhannelings oer mear Yndysk selsbestjoer. 5 maart - Yn it Feriene Keninkryk rjochtet sir Oswald Mosley de Nije Partij op, de earste faksistyske politike partij yn dat lân. 1 april - By in swiere ierdbeving yn Nikaragûa wurdt de haadstêd Managua fierhinne ferwuostge. Der falle mear as 2.000 deaden.