Sir Michael Caine (berne as: Maurice Joseph Micklewhite; Londen, 14 maart 1933) is in Britsk akteur en filmprodusint fan Ingelsk en Iersk etnysk komôf dy't bekend stiet om syn Cockney-aksint. Hy wurke fan 'e 1950-er jierren ôf as film- en tillefyzje-akteur en briek yn 'e 1960-er jierren troch mei films as Zulu, Alfie, The Italian Job en Battle of Britain. Bûten it Feriene Keninkryk waard er benammen bekend mei syn rollen yn The Man Who Would Be King, The Eagle Has Landed, A Bridge Too Far, The Cider House Rules en Miss Congeniality. Hy wûn twaris de Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol, twaris de Golden Globe foar bêste manlike haadrol en ien kear de BAFTA Award foar bêste manlike haadrol.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Caine waard yn 1933 berne as Maurice Joseph Micklewith yn it St Olave's Hospital yn 'e Londenske wyk Rotherhithe. Syn heit, Maurice Joseph Micklewith sr., wie in kroader op 'e fiskmerk, en syn mem, Ellen Frances Marie Burchell, wie kokkinne en wurkster. Syn heit, waans foarâlden Ierske Reizgers wiene, wie roomsk, mar syn mem wie protestantsk, en sa waard Caine ek grutbrocht. Hy hie in jongere broer, Stanley Micklewhite (1935-2013), dy't ek as akteur wurke, ûnder de artystenamme Stanley Caine. Nei it ferstjerren op hege jierren fan harren mem ûntdieken de bruorren Caine dat se in âldere healbroer hiene, David William Burchell, in foarsoan út in eardere relaasje fan harren mem. Dy litte oan in earnstige foarm fan epilepsy en hie syn hiele libben trochbrocht yn it Psychiatrysk Sikehûs Cane Hill. Hoewol't harren mem him dêr geregeldwei besocht, fertelde se noch har lettere bern, noch har man ea dat se in âldere soan hie. David ferstoar yn 1992.
Caine brocht syn jonkheid troch yn 'e Londenske wyk Southwark, en ûnder de Twadde Wrâldoarloch, doe't er krekt as in soad bern út Britske stêden nei it plattelân evakuëarre waard, wied er yn 'e kost by in húshâlding yn it doarp North Runction, yn 'e neite fan King's Lynn, yn Norfolk. Nei de oarloch kaam syn heit, dy't yn it Britske Leger tsjinne hie, wer thús. Mei't der troch Dútske bombardeminten fan Londen ûnder de Slach om Ingelân yn 1940 amper genôch wenromte wie, waard it gesin doe ferhuze nei Marshall Gardens, by it krúspunt dat bekendstiet as de Elephant and Castle. Dêr kamen se yn in prefabrisearre hûs te wenjen dat as tydlike wente bedoeld wie. It gesin wenne der lykwols achttjin jier lang, en Caine fertelde letter dat se it as poere lúkse beskôgen yn ferhâlding mei harren eardere wenromte: in krap appartemintsje yn in flatgebou mei in bûtendoarhúske.
Yn 1944 wist Caine in stúdzjebeurs te bemachtigjen oan om nei de legere skoalle fierder te learen oan 'e Hackney Downs School (earder The Grocers' Company's School). Nei't er dêr in jier west hie, feroare er fan skoalle en ferfolge er syn middelber ûnderwiis oan 'e Wilson's Grammar School yn Camberwell (no Wilson's School yn Wallington), dêr't er mei sechstjin jier yn seis skoalfakken slagge foar it eksamen. Neitiid wurke er koart as in argyfklerk en as boadskipjonge foar in filmstudio yn Victoria (Londen).
Op 28 april 1952 waard Caine oproppen foar de tsjinstplicht. Hy tsjinne oant 1953 yn it Britske Leger by it rezjimint fan 'e Keninklike Fusiliers. Earst lei er as ûnderdiel fan it Britsk Leger fan de Ryn (BAOR) yn it Dútske Iserlohn. Neitiid waard er nei Súd-Koreä ta stjoerd, dêr't er yn 'e Koreaanske Oarloch focht. Caine sei letter dat er dêrhinne gien wie as in sympatisant fan it kommunisme, mei't er út in húshâlding yn 'e arbeidersklasse kaam, mar dat syn ûnderfinings yn Koreä him foargoed in wjersin tsjin dy politike streaming joegen. Hy makke der in momint mei dat er wist dat er stjerre soe, en de oantins dêroan bleau him tenei altyd by. "De rest fan myn libben haw ik elts ferdomd momint libbe, fan it stuit dat ik wekker waard oant de tiid dat ik my deljoech," skreau er yn 2010 yn syn autobiografy The Elephant to Hollywood.
Aktearkarriêre Dreech begjin Syn karriêre as akteur begûn Caine mei tweintich jier, doe't er yngie op in fakatuere yn it blêd The Stage, wêryn't frege waard om in assistint-toanielmaster yn Horsham, yn Susseks, dy't tagelyk ek lytse roltsjes yn toanielstikken spylje koe. Hy naam de artystenamme 'Michael White' oan, en waard yn july 1953 cast as de sûplap Hindley yn in produksje fan Emily Brontë har Wuthering Heights fan 'e Westminster Repertory Company. Yn 1954 wurke er in jier by de Lowestoft Repertory Company yn Lowestoft, yn Suffolk, dêr't er yn njoggen stikken spile en mei syn earste frou yn 'e kunde kaam. Letter soe Caine de earste njoggen jier fan syn wurkpaad omskriuwe as "hiel, hiel freeslik", mei't er amper wat fertsjinne en sadwaande yn djippe earmoede libbe.
Doe't Caine ein 1954 yn Londen kaam te wurkjen, krige er fan 'e ympressario te hearren dy't er dêr yn 'e earm naam, dat der yn Londen as in akteur mei de namme Michael White aktyf wie. Hy skille mei it ympressariaat út in tillefoansel op Leicester Square, en moast daliks mei in nije artystenamme op 'e lapen komme. Dat, hy seach ris om him hinne, en murk op dat de film The Caine Mutiny yn 'e bioskoop Odeon Cinema draaide. Sa kaam er doe op 'e namme 'Michael Caine'. Yn 1987 makke er op 'e Britske tillefyzje de grap dat as de beam, dy't him út 'e tillefoansel wei foar in part it útsicht benaam, justjes mear nei lofts stien hie, hy himsels wierskynlik 'Michael Mutiny' neamd hie. Hy hie trouwens likegoed, sa seid er in oare kear, 'Michael One Hundred and One Dalmations' hite kinnen.
De earste filmrol dy't Caine wist te bemachtigjen, wie dy fan ien fan 'e soldaten yn A Hill in Korea, út 1956. Dêrnjonken wied er fan 'e midden fan 'e jierren fyftich ôf ek geregeldwei yn lytse roltsjes op 'e Britske tillefyzje te sjen, lykas yn 'e BBC-registraasje fan it toanielstik The Lark (1956) en tillefyzjesearjes as Dixon of Dock Green, Escape en The Caine Mutiny Court-Martial. Yn 1959 wied er de dûbluere fan Peter O'Toole yn it toanielstik The Long and the Short and the Tall, dat yn it Londenske West End op 'e planken brocht waard. Hy naam dy rol oer doe't O'Toole de titelrol yn 'e film Lawrence of Arabia taparte krige. Begjin 1960-er jierren wie Caine op 'e tillefyzje te sjen yn searjes as The Golden Girl en No Wreath for the General, en yn 'e skouboarch yn The Compartment. Yn 1961 krige er in haadrol yn it stik Somewhere for the Night, en letter ek yn The Playmates, Funny Noises with Their Mouths en The Way with Reggie. Fierders wurke er mei oan harkspullen foar de BBC-radio, wêrûnder Looking for Frankie (1963) en Ping Pong (1964).
Trochbraak Caine krige in moaie ynstruier doe't er cast waard as Meff yn 'e komeedzje Next Time I'll Sing to You, dy't op 23 jannewaris 1963 yn it New Arts Theatre yn it West End iepene. Doe't dat stik ferfear nei it Criterion Theatre, krige Caine yn 'e klaaikeamer besite fan akteur en filmprodusint Stanley Baker, mei wa't er gearwurke hie yn A Hill in Korea. Dy fertelde him oer de rol dy't him op it liif skreaun wie, fan in arbeidersjonge út Londen dy't soldaat wurden wie, yn 'e oankommende filmproduksje Zulu. Caine gie dêrom nei de regisseur ta, Cy Endfield, dy't him fertelde dat er de oangeande rol al ferjûn hie oan akteur James Booth, in freon fan Caine. Endfield sei ek dat er Caine de rol fan 'e soldaat likegoed net jûn hie, om't er him earder in ofsier taliek. Dêrop bea er Caine de haadrol fan 'e snobistyske luitenant Gonville Bromhead oan, op betingst dat Caine mei in oertsjûgjend skiteldeftich aksint prate koe. En sa spile de arbeidersjonge út Southwark yn 'e rol dy't syn trochbraak as akteur betsjutte soe in aristokratysk ofsier. Caine soe letter skriuwe dat er de rol inkeld krigen hie om't de regisseur, Endfield, in Amerikaan wie dy't gjin klassefoaroardielen hie; fan in Britske regisseur hied er dy rol nea krigen.
Zulu wie in ferfilming fan 'e Slach by Rorke's Drift, in treffen ûnder de Sûlû-Oarloch, yn 1879. De film waard op lokaasje yn 'e Súdafrikaanske provinsje Natal draaid. De opnamen fûnen plak yn 1963 en duorren fjirtjin wiken. Neffens syn autobiografy The Elephant to Hollywood hie Caine foarôfgeande oan 'e opnamen in sânjierrich kontrakt sletten mei Joseph E. Levine, waans bedriuw Embassy Films de Amerikaanske distribúsje fan Zulu die. Nei't er werom wie yn Ingelân ferbriek Levine dat kontrakt lykwols en joech it ynstee oan James Booth. De útlis dy't er Caine joech wie (neffens Caine sels): "Ik wit datst it net bist, mar moatst it feit ûnder eagen sjen datst der op it wite doek útsjochst as in flikker."
Neitiid besoarge Caine syn ympressario him de rol fan 'e ferweakke Horatio yn 'e BBC-produksje Hamlet at Elsinore (1964), wêryn't er spile njonken Christopher Plummer as Hamlet. Dat wie de iennichste klassike rol dy't Caine, dy't gjin inkele formele aktearoplieding folge hie, ea spylje soe. Dy beide rollen as aristokraten dy't wol fan koekedaai lieken te wêzen, stiene yn skril kontrast mei Caine syn folgjende rollen, dêr't er syn trochbraak mei konsolidearre. Dat wiene dy fan 'e spion Harry Palmer yn The Ipcress File (1965) en dy fan it rokkejeiende titelpersonaazje yn Alfie (1966). Caine spriek yn dy films miskien net rjocht Cockney (it dialekt fan 'e Londenske arbeidersklasse), mar hy hie beslist in dúdlik Cockney-aksint. Yn in tiid dat hast alle Britske akteurs war diene om 'aksintleas' Oxford-Ingelsk te praten, foel er dêrmei op.
Caine spile de rol fan Harry Palmer letter noch fjouwer kear, yn 'e films Funeral in Berlin (1966), Billion Dollar Brain (1967), Bullet to Beijing (1995) en Midnight in Saint Petersburg (1995). Syn earste film yn Hollywood makke er yn 1966, nei't er troch Shirley MacLaine útnûge wie om har tsjinspiler te wêzen yn Gambit. Yn 'e earste twa wiken dat er yn Kalifornje ferbleau yn The Beverly Hills Hotel, kaam er yn 'e kunde en rekke er befreone mei akteur John Wayne en ympressario Swifty Lazar. Yn 1969 hied er de haadrol yn 'e Britske komeedzjemisdiefilm The Italian Job, as de lieder fan in Londenske binde dy't yn Itaalje goudsteaven stelle wol út in pânsere weardetransportauto.
Santiger en tachtiger jierren Yn 1969 spile Caine in gefjochtspiloat fan 'e RAF yn 'e histoaryske oarlochsfilm Battle of Britain, oer de Slach om Ingelân. Yn 1971 fertolke er de haadrol yn 'e Britske misdiefilm Get Carter, en yn 1972 hied er sir Laurence Olivier as tsjinspiler yn Sleuth. Syn rol yn dy film smiet Caine in nominaasje op foar de Oscar yn 'e kategory bêste akteur. Yn 1975 hiene Caine en Sean Connery de haadrollen yn The Man Who Would Be King, fan regisseur John Huston, nei it ferhaal mei deselde namme út 1888 fan Rudyard Kipling. Dy film gie oer in pear Britske âld-militêren yn Yndia dy't harsels ta hearskers meitsje fan in primitive stamme yn 'e bergen fan Afganistan en harsels alhiel fergodlikje litte, oant it spul freeslik misbeteart. Dy film waard in grut súkses, net inkeld yn it Feriene Keninkryk, mar ek om utens, en Caine fêstige der ynternasjonaal syn namme mei.
Yn 1976 spile Caine de haadrol fan Luftwaffe-kolonel Kurt Steiner yn in oare tige bekende film, The Eagle Has Landed, nei in roman fan Jack Higgins. De oarlochsfilm giet oer in ôfdieling nazy-Dútske paratroepen, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch ferklaaid yn Poalske unifoarmen nei Ingelân ta stjoerd wurde om premier Winston Churchill út 'e wei te romjen. As tsjinspilers hie Caine yn dy film û.m. Hollywoodstjerren as Donald Sutherland en Robert Duvall. Yn 1977 spile Caine ek yn in oare film oer de Twadde Wrâldoarloch: A Bridge Too Far, dy't de Slach om Arnhim yn byld brocht.