De 1950-er jierren, ek oantsjut as de fyftiger jierren en de jierren ’50, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1951 en duorre it oant en mei 31 desimber 1960, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1950 oant en mei 31 desimber 1959. Dit wie it desennium fan 'e weropbou nei de ferwuostgings fan 'e Twadde Wrâldoarloch, dat gearfoel mei it oanboazjen fan it konflikt tusken de Westerske wrâld en it Eastblok yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch. De Koreaanske Oarloch, de Hongaarske Opstân fan 1956, de Kubaanske Revolúsje en de heksejacht op kommunisten yn 'e Feriene Steaten wiene hichtepunten fan dat konflikt. It dekolonisaasjeproses soarge foar noch mear striid, mei as wichtichste brânhurden de Earste Yndosineeske Oarloch yn Súdeast-Aazje, de Algerynske Oarloch yn 'e Magreb en de Mau-Mau-rebûlje yn East-Afrika. Ek de Suëzkrisis, wêrby't pynlik dúdlik waard dat it Feriene Keninkryk en Frankryk gjin wrâldmachten mear wiene, kin yn dat ljocht sjoen wurde. Underwilens sette yn 'e Feriene Steaten de Amerikaanske boargerrjochtebeweging útein en waard yn kultureel opsjoch risselwearre foar de revolúsje op alderhanne mêd dy't folgje soe yn 'e 1960-er jierren. __TOC__ Oersjoch De 1950-er jierren stiene yn Jeropa fierhinne yn it teken fan 'e weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch, dy't oan 'e ein fan it desennium fierhinne foltôge wie. Dit wie fierders it earste folsleine desennium fan 'e Kâlde Oarloch, dy't yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren útbrutsen wie tusken de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny. Geandewei de fyftiger jierren boaze dy striid almar fierder oan, oant it tsjin it begjin fan 'e 1960-er jierren in wrâldomfiemjend konflikt wurden wie dat troch it foarútsjoch fan in kearnoarloch it fuortbestean fan 'e minskheid bedrige.

It hichtepunt fan 'e Kâlde Oarloch yn 'e 1950-er jierren wie de Koreaanske Oarloch tusken it kapitalistyske Súd-Koreä en it kommunistyske Noard-Koreä, dy't yn 1950 útbriek en op grutte skaal dea en ferwuostging brocht op it Koreaanske Skiereilân. Dat wie it iennichste striidtoaniel dêr't twa fan 'e (úteinlik) trije supermachten fan 'e wrâld, de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina, ea direkt mei-inoar yn oarloch rekken. Fierders briek yn 1955 yn Súdeast-Aazje de Fjetnamoarloch (of Twadde Yndosineeske Oarloch) út tusken it kapitalistyske Súd-Fjetnam en it kommunistyske Noard-Fjetnam, mar dat konflikt soe in regionale striid bliuwe, dy't op wrâldnivo net fan folle betsjutting wie, oant de Feriene Steaten har der yn 'e rin fan 'e 1960-er jierren hieltyd aktiver mei begûnen te bemuoien.

Underwilens wie de Sovjet-Uny, behalven mei de weropbou fan it yn 'e Twadde Wrâldoarloch suver hielendal ferwuostge westen fan it lân, dwaande mei de konsolidaasje fan 'e macht dy't de kommunisten yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren yn East-Jeropa nei harren talutsen hiene. Dêr wie in hiele rige fazalsteaten kreëarre, it saneamde Eastblok, dêr't kommunistyske regearings oan 'e macht holpen wiene dy't fungearren as sokpoprezjyms foar de Sovjet-Uny. Geandewei de 1950-er jierren waarden alle bannen ferbrutsen dy't noch bestiene tusken West-Jeropa en it Eastblok, in proses dat yn 1961 foltôge wurde soe mei de bou fan 'e Berlynske Muorre tusken East- en West-Berlyn.

De Hongaarske Opstân fan 1956 wie de wichtichste wjerstân dêr't de Sovjet-Uny mei ôfweve moast om syn hearskippij oer East-Jeropa feilich te stellen. Yn 'e twadde helte fan it desennium begûn de ynfloed fan 'e Sovjet-Uny him nei de Trêde Wrâld út te wreidzjen, mei as wichtichtse foarbyld de Kubaanske Revolúsje, dy't fan Kuba, oan 'e Amerikaanske súdkust, in kommunistyske steat makke ûnder it liederskip fan Fidel Castro. Underwilens wiene de Feriene Steaten yn 'e greep rekke fan it anty-kommunisme, dat yn 'e earste helte fan 'e fyftiger jierren útwoeks ta in wiere heksejacht op Amerikaanske kommunisten troch senator Joseph McCarthy. Yn dyselde snuorje kaam yn it suden fan 'e Feriene Steaten de Amerikaanske Boargerrjochtbeweging op, dy't him oankante tsjin rasseskieding en diskriminaasje.

It dekolonisaasjeproses, dat yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren stadich op gong kommen wie yn Aazje, sette him dêr yn 'e fyftiger jierren fuort en makke yn 'e twadde helte fan dat desennium ek in begjin yn Afrika. Dat gie net sûnder slach of stjit. Yn Kenia waard in protte bloed fergetten wylst de Britten de Mau-Mau-rebûlje besochten te ûnderdrukken, en yn 'e Magreb gie it noch mâlder doe't de Frânsen it yn 'e Algerynske Oarloch opnamen tsjin Algerynske frijheidsstriders. Yn Súdeast-Aazje besocht Frankryk fierders yn 'e Earste Yndosineeske Oarloch út alle macht om Fjetnam as koloanje te behâlden, mar nei de jammerdearlike nederlaach yn 'e ferneamde Slach by Dien Bien Phu, yn 1954, moasten de Frânsen dêr belies jaan. De Suëzkrisis fan 1956 markearre de definitive ein fan it Feriene Keninkryk en Frankryk as wrâldmachten.

De Kâlde Oarloch wie fan grutte ynfloed op 'e wittenskip, mei't bgl. oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren mei de lansearring fan 'e Spûtnik 1 de Romtewedrin tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny op gong kaam, dy't oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren útmûnje soe yn 'e earste moannelâning. Fierders wie der in grutte taname yn it tal kearnproeven dat útfierd waard. De atoombom waard ferbettere ta de wetterstofbom. Oare technologyske fernijings yn 'e fyftiger jierren wiene de transistorradio, dy't fan 1954 ôf de ferkeap fan lytse draachbere radio's mooglik makken, en fierders de útfinings fan it sinnepaniel en de keunststof polypropyleen, beide yn 1954. Iepenbier ferfier mei it ferkearsfleantúch waard gongber, hoewol't it yn 't earstoan inkeld betelber wie foar de riken, en drugs as LSD waarden ûntwikkele. Francis Crick en James Watson ûntdieken de dûbele-heliks-struktuer fan DNA. Yn 1955 stalde Jonas Salk it faksên foar polio gear, sadat in begjin makke wurde koe mei it útrûgjen fan dy sykte.

Ekonomysk wie de wrâld yn 'e 1950-er jierren noch by de wâl op oan it klauwen, út 'e djippe bedelte dêr't de Twadde Wrâldoarloch him ynstoarten hie. Kultureel waard yn 'e Westerske maatskippij in oanrin nommen nei de revolúsje fan 'e 1960-er jierren. Jazz waard mear symfoanysk en minder brassbandeftich, mei artysten as Frank Sinatra, Bing Crosby, Doris Day, Judy Garland en Nat King Cole. Nije muzyksoarten as rockabilly en rock 'n roll waarden populêr, mei artysten as Chuck Berry, Fats Domino, Little Richard, Bo Diddley, Buddy Holly, Jerry Lee Lewis en Elvis Presley. Op it wite doek makken yn 'e fyftiger jierren sokke aktrises karriêre as Marilyn Monroe, Brigitte Bardot, Lauren Bacall, Doris Day, Ava Gardner, Rita Hayworth, Audrey Hepburn, Katharine Hepburn, Grace Kelly, Sophia Loren, Shirley MacLaine, Jayne Mansfield en Ginger Rogers. Manlike akteurs fan namme wiene û.m. Fred Astaire, Humphrey Bogart, Marlon Brando, Yul Brynner, Gary Cooper, Errol Flynn, Cary Grant, Charlton Heston, Rock Hudson en John Wayne.

Wichtichste foarfallen 1950 10 jannewaris - De Sovjet-Uny stelt in boycot yn fan 'e Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes, om't it foarsitterskip dêrfan oergiet op 'e Republyk Sina (Taiwan), wylst de kommunistyske Folksrepublyk Sina troch de Feriene Naasjes net erkend wurdt. 7 febrewaris - De Amerikaanske senator Joseph McCarthy fart yn 'e Amerikaanske Senaat út tsjin 'e kommunisten dy't neffens him it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken dominearje soene. Dit is in nije oplibbing fan 'e Twadde Reade Panyk yn 'e Feriene Steaten en teffens fan 'e heksejacht op kommunisten yn alderhanne parten fan 'e Amerikaanske maatskippij. 3 maart - It ûnder Frânsk bestjoer steande Protektoraat Saarlân kriget binnenlânsk selsbestjoer. 12 maart - By it referindum oer de Keningskwestje stimt yn Belgje in romme mearderheid fan 'e befolking foar de weromkear út ballingskip fan 'e troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III. 14 april - Yn Nederlân wurdt Van Doorne's Automobielfabriek (DAF) iepene. 24 april - Op Ambon wurdt de ûnôfhinklikheid fan 'e Republyk fan de Súd-Molukken útroppen. 7 maaie - De Sineeske Boargeroarloch einiget mei in oerwinning fan 'e kommunisten en de konsolidaasje fan 'e Folksrepublyk Sina op it Sineeske fêstelân. De nasjonalisten en harren Republyk Sina binne weromkrongen op it eilân Taiwan. 6 juny - Poalen en de DDR slute in oerienkomst wêryn't beide lannen de Oder-Neissegrins erkenne as de ynternasjonale grins tusken harren respektivelike grûngebieten. 25 juny - Noardkoreaanske troepen falle Súd-Koreä binnen: it begjin fan 'e Koreaanske Oarloch. 15 augustus - By in swiere ierdbeving yn Assam en Tibet komme 1.500 oant 3.300 minsken om. 7 july - Mei de oanname troch it parlemint fan Súd-Afrika fan 'e Wet op de Groepsgebieten (Group Areas Act) wurdt in begjin makke mei it ynstitúsjonalisearjen fan rasseskieding en rasistyske diskriminaasje yn in systeem dat de namme apartheid kriget. 8 july - Yn ôfwêzichheid fan 'e ôffurdige fan 'e Sovjet-Uny (dy't de gearkomsten sûnt jannewaris boycot) kin de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes sûnder swierrichheden de gearstalling fan in ynternasjonale troepemacht ûnder de flagge fan 'e Feriene Naasjes goedkarre, dy't oan Súdkoreaanske kant ynterveniëarje moat yn 'e Koreaanske Oarloch. 22 july - De troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III fan Belgje keart op fersyk fan it Belgyske parlemint werom út ballingskip. Dat liedt ta grutskalige demonstraasjes fan boargers dy't it dêr net mei iens binne. 26 july - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen ûntbynt formeel it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL). 27 july - De Amerikaanske presidint Harry Truman ûnthjit Chiang Kai-shek, de presidint fan 'e Republyk Sina (Taiwan), militêre bystân yn it gefal fan in ynvaazje fan Taiwan troch de Folksrepublyk Sina. 15 septimber - Operaasje Chromite, wêrby't Amerikaanske troepen ûnder lieding fan generaal Douglas MacArthur in lâningsoperaasje útfiere yn 'e neite Inchon, efter de Noardkoreaanske linys, liedt ta in omkear yn 'e Koreaanske Oarloch. 21 oktober - By de Sineeske ynfal yn Tibet kringe troepen fan 'e Folksrepublyk Sina it ûnôfhinklike Tibet yn, dat dêrnei troch Sina anneksearre wurdt. 26 oktober - De opmars dy't troepen fan Súd-Koreä, de Feriene Steaten en de Feriene Naasjes yn it ramt fan 'e Koreaanske Oarloch troch Noard-Koreä meitsje, berikt de Sineeske grins. 27 oktober - 'Frijwilligers' fan it Folksbefrijingsleger fan 'e Folksrepublyk Sina minge har oan 'e kant fan Noard-Koreä yn 'e Koreaanske Oarloch. 1 novimber - Twa Portorikaanske nasjonalisten, Griselio Torresola en Oscar Collazo, dogge in moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint Harry Truman. 4 novimber - It leger fan Yndoneezje feroveret it eilân Ambon op 'e Republyk fan de Súd-Molukken.

1951 4 jannewaris - Yn 'e Koreaanske Oarloch feroverje Sineeske troepen Seoel, de haadstêd fan Súd-Koreä. 18 jannewaris - By in útbarsting fan 'e Mount Lamington komme yn 'e Australyske koloanje Papoea, op eastlik Nij-Guineä, 3.000 minsken om. 12 maaie - Yn 'e neite fan it atol Eniwetok, yn 'e Marshalleilannen, hâlde de Feriene Steaten de earste proef mei in wetterstofbom. 18 april - Yn Parys wurdt de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel oprjochte troch de Benelúks-lannen, Frankryk, West-Dútslân en Itaalje. 7 juny - De lêste deastraffen dy't resultearje út 'e Prosessen fan Neurenberch wurde útfierd. 16 july - Yn Belgje docht de troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Boudewyn. 21 july - Moard op kening Abdûlla I fan Jordaanje. 1 septimber - De Feriene Steaten, Austraalje en Nij-Seelân slute in militêr bûnsgenoatskip, it ANZUS-pakt.