David LaChapelle (Konnektikut, 11 maart 1963) is in Amerikaansk fotograaf en regisseur.
LaChapelle is foaral bekend om syn fotografy, dy't faak ferwiisd nei temas út de keunstskiednis en somtiids in sosjale boadskip oerbringe wol. Syn fotografyske styl is beskreaun as "hyper-realistysk en slûchslim subversyf" en as "kitcherich pop surrealisme". Wol de 'Fellini fan de fotografy' neamd, hat LaChapelle meidien oan ynternasjonale publikaasjes en hat er syn wurk útstald yn kommersjele galerys en ynstellingen ynde hiele wrâld.
LaChapelle folge de Carolina School of the North Arts en de School of the Arts yn New York. Syn earste profesjonele opdracht as fotograaf wie foar Ynterview magazine, in kâns dy't er oanbean krige troch Andy Warhol. Syn wurken binne útjûn yn fjouwer boeken, LaChapelle Land, Hotel LaChapelle en Heaven to Hell, en befetsje beide sterke en bizarre portretten fan ferneamde lju. Yn 2006 waard Artists and Prostitutes útbrocht, in boek mei it hiele oeuvre fan LaChapelle. Dat boek kaam út yn in beheinde oplage.
Syn earste film Rize, in dokumintêre oer it dûnsfenomeen krumping hie syn premjêre by it Sundance Film Festival yn 2005 en waard yn deselde simmer útbrocht yn 'e bioskopen. Ek regissearre er in advertinsje foar H & M's nije denimkolleksje; dy commercial wie basearre op it ferhaal fan Romeo en Julia.
Muzykfideo's Fideoregisseur fan de neifolgjende klips:
1997 The Dandy Warhols - "Not If You Were The Last Junkie on Earth" 1999 Kelis - "Good Stuff" Moby - "Natural Blues" 2000 Enrique Iglesias - "Sad Eyes" 2001 Elton John - "This Train Don't Stop There Anymore" Mariah Carey - "Loverboy" 2002 Elton John - "Original Sin" The Vines - "Outathaway" Christina Aguilera feat. Redman - "Dirrty" Avril Lavigne - "I'm With You" 2003 Jennifer Lopez - "I'm Glad" Whitney Houston - "Try It On My Own" Christina Aguilera feat. Lil' Kim - "Can't Hold Us Down" Macy Gray - "She Ain't Right For You" Christina Aguilera - "The Voice Within" blink-182 - "Feeling This" No Doubt - "It's My Life" 2004 Britney Spears - "Everytime" Joss Stone - "Super Duper Love" Norah Jones - "Those Sweet Words" Elton John - "Answer In The Sky" Elton John - "All That I'm Allowed" Usher - "Burn" Gwen Stefani feat. Eve - "Rich Girl" Untwurp en regissearre Elton John's Las Vegas show "The Red Piano" 2005 Robbie Williams - "Advertising Space" 2006 Hilary Duff - "Supergirl" Elton John - "Someone Saved My Life Tonight" 2007 Amy Winehouse - "Tears Dry on Their Own" Jennifer Lopez - "Do It Well"
2012 Florence and the machine - Spectrum
Films Krumped (2004) Rize (2005) Unity (2015) - Ferteller
Boeken LaChapelle Land - 1996 Hotel LaChapelle - 1999 Artists and Prostitutes - 2006 (beheinde oplage) Heaven to Hell - 2006
Prizen Photographer of the Year Award by de VH1 Fashion Awards Ien fan de Ten Most Important People in Photography yn de wrâld neffens American Photo
Eksposysje 2018 - Grinzer Museum
Kategory:Amerikaansk fotograaf Kategory:Amerikaansk fideoklipregisseur Kategory:Amerikaansk filmregisseur Kategory:Moadefotograaf Kategory:Persoan berne yn 1963