Odsherred is in gemeente op it Deenske eilân Sjælland. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2007 yn it ramt fan de lanlike gemeentlike weryndieling troch de gearfoeging fan de trije eardere gemeenten op it skiereilân: Dragsholm, Nykøbing-Rørvig en Trundholm.
De gemeentlike tsjinsten binne ferspraat oer de trije eardere gemeenten yn Fårevejle Stationsby, Nykøbing Sjælland en Højby. It riedshûs stiet oan de Nyvej 22 yn Højby.
It skiereilân wurdt westlik begrinzge troch de Sejerø Bugt, noardlik troch it Kattegat en eastlik troch de Isefjord. Plakken Grutste plakken yn de gemeenteDanmarks Statistikbank Nr Plaknamme Ynwenners (2014) 1 Nykøbing Sjælland 5.136 2 Asnæs 2.902 3 Hørve 2.431 4 Fårevejle Stationsby 1.775 5 Vig 1.537 6 Højby 1.427 7 Rørvig 1.006 8 Fårevejle Kirkeby 716 9 Havnebyen 660 10 Grevinge 635
Kategory:Gemeente yn Seelân (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007